Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
4 results
Dutch Keywords: volgen Place of Narration: Twijzelerheide
Hjir hat ien wenne, dy hat us in pleachbeest troffen op it Wyldpaed. It beest hie him hyltyd de tosken sjen litten en hy koe net fan it beest ôfkomme. Hy wie deabinaud.
nl.verhalenbank.22001
Anders Feltsje kaem us op in nacht by de faem wei. Dy faem wenne yn 'e Westerein. Hy wie noch mar in eintsje ûnderweis, doe kaem der him in hiele grouwe koalle fjûr op side. Dy gyng mei him oan 'e doar ta. As hy hurder roan, dan gyng dy koalle fjûr ek hurder. (feltsje is in bynamme)
nl.verhalenbank.22125
Hjir flakby, by de barte, spoeke ek altyd in pleachbeest. 't Like krekt op in greate, swarte houn. Doe't Jan Dykstra noch feint wie, hat er him faek troffen. Hy gong stiif neist Jan lâns en hy brocht him oan hûs ta. Dan gong er werom. Deselden dy't dat meimakke wienen dan deabinaud. It beest hie hiele greate egen. By dei wie hy der noait, allinne by nacht.
nl.verhalenbank.27378
Ik en Kij wienen us op in joun nei Jehannes en Tryn ta to praten. Doe't wy wer nei hûs ta gongen roan der ús hyltyd in kat foar de fuotten. Wy koenen it beest net kwyt wurde. Hy bleau by ús oan hûs ta. Ik joech him wolris in skop, mar 't holp neat, hy wie der hyltyd wer. Thús hat Kij him opsluten, hwant it koe ris in kat wêze fan de iene of oar dy't der...
nl.verhalenbank.33429
4