Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 datasets found
Dutch Keywords: volgen plaagbeest Place of Narration: Opende
Ienkear haw ik in pleachbeest by my hawn. 't Like op in swarte kat. Us mem gong altyd nei de feestjes mei de koekjestromp. Op in kear kom ik mei har werom fan De Pein. 't Wie ljochtmoannewaer. Doe wie der in swart beest achter ús, net greater as in kat. 't Bleau ús hyltyd mar folgjen en 't wie flakbij. Ik skopte der op. Mar 't bleau by ús. In hiel ein hat...
nl.verhalenbank.27146
Olle Martens Hiltsje komt op in oavend op 'e Skieding bij de forten. Doe komt der opeens een dikke swarte hond op haer af met hiel groate ogen. En die bleef moar bij hoar. Se is doar bij fremde minsen inflogen, so bang was se.
nl.verhalenbank.26015
Der is al us in pleachbeest by my lâns strutsen. 't Hie hurd, stuch hier en 't wie donker. It striek ûnder myn hân troch. Ik wurd der nòch kâld fan as ik der oan tink. It kom by in âld man út 'e hûs wei. Ik gong der krekt út en hie de doar noch beet, dêr wie 't. En ik hie 't yn 'e hûs noait sjoen. It wie flak njonken my. Mar dy man hie him wol faker...
nl.verhalenbank.25712
Wibe van der Woude, dy wenne op Fryske Poalen. Hy hie op 'e fyts nei syn heit west; dy wenne yn Trimunt yn in olle woanwein. Doe't er oan 'e Skâns ta wie, doe gong der hwat foar him op, in great swart ding, krekt as in kachel. It botste hyltyd mar foar him op. Hy waerd deabinaud.
nl.verhalenbank.25891
Myn man hat in kear in pleachbeest troffen. Dat wie op in nacht. Hy roan rjochtút op Trimunt oan. Hy roan op it fytspaed, doe kom der in swart ding njonken him. It hie fjouwer poaten en 't wie great en swart. It roan op it weinpaed njonken it fytspaed, mar dan alhiel op 'e kant, flak by Ouwe (har man). Myn man sei "Goeie navend", mar it sei neat werom....
nl.verhalenbank.23467
Op 't Langpaed tusken Harkema en Surhuzum wachtet jin altyd hwat op dat mei jin rint oan 'e ein ta. It rint yn 'e wâl dêrneist.
nl.verhalenbank.25982
Jan Heidsma wie op in kear by 't Spoekeloantsje by Drachtster Kompenije. Doe wie dêr in houn by him kom. 't Wie in dikke swarte houn en dy is twa kampslingten - sa'n njoggenhûndert meter - mei him op roan. It spoeke dêr altyd. (Jan wie de broer fan Keimpe)
nl.verhalenbank.25985
35