Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
4 datasets found
Dutch Keywords: volgen Place of Narration: Houtigehage
Twa man fan 'e Houtigehage gongen in kear mei in wein mei bijen nei Drinte ta nei de heide. Dêr roan in hynder foar. Underweis by de Mouneleane achter Duerswâld dêr kom in grouwe swarte houn oansetten. Dat wie in pleachbeest. Dy roan by har lâns. Sy skopten him yn 'e sleat, mar in eintsje fierder, dêr wied er al wer njonken har. Doe ha se him wer yn 'e...
nl.verhalenbank.23730
Hjir dwars oer wenne Feitse Mud. Dy tsjinne by in boer yn Oerterp. Hy hie in keppel bijen, dy brochten se op in kear achter Duerswâld nei de heide. Dat dienen se yn 'e nacht mei in greate wein mei twa hynders der foar. It wienen allegear kuorren op 'e wein. Feitse en de boer sieten togearre foar op 'e wein. Sa kommen se op 'e Mounleane. Doe sei de boer:...
nl.verhalenbank.23586
Guon rieden us yn 'e nacht mei bijekuorren op 'e wein nei de heide ta fan Bakkefean of Duerswâld of sa. Doe't se al in moai ein fuort wienen kom der in swart dier oan en dat roan deun by de wein lâns. Sy ha 't der wei trape, mar in skoftsje letter wie 't der al wer. Foar de twadde kear raemden se 't fuort. In skoft letter wie 't der al wer. Doe ha se 't...
nl.verhalenbank.25873
Yn Drachtster Kompenije wenne in frou en dêr kom altyd in pleachbeest by as se jouns op stap wie. 't Wie in greate swarte houn sa't it like, mei flapearen, dy't him oer de kop hinne hongen. Dat pleachbeest roan deun tsjin har oan en sy koe 't net earder kwyt wurde of sy moest eerst thús wêze.
nl.verhalenbank.22044
35