Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
5 results
Dutch Keywords: vluchten angst Place of Narration: Harkema
In stik of hwat jonge bazen wienen byelkoar yn in hok. Hja gongen op hûs ta. Doe kom der hwat oan, dat rinkele. It kom al tichter en tichterby. 't Wie krekt as wienen 't kettingen. Hja woarden wyt om 'e holle en setten werom nei 't hok ta.
nl.verhalenbank.20152
In man fan 'e Koaten moest nei 't Fean ta. Hy wie oproppen om by notaris to forskinen. Doe't er op 'e Hamster Paden wie, en krekt oer in houtsje roan, woarde der roppen: "Bist dêr?" "Ja", antwurde hy. Hy roan oer 't hout, hy seach ûnder 't hout en rounom om him hinne, mar der wie nergens hwat to sjen. En doch hie die stim flak by him west. Hy wie skruten...
nl.verhalenbank.15532
Hjir yn 'e Hamsterheide hat in roversbinde west. Yn dy tiid wenne hjir in man, dy hie in protte seadden (turf) yn bulten sitten. In stik of hwat froulju, dy't ta dy binde hearden, laedden de sekken, dy't se meinom hienen, fol turf om dêr mei út to naeijen. Doe seach ien fan 'e froulju op. "Sjoch," sei se, "hwat stiet dêr?" Doe stie dêr in âld man, dy't...
nl.verhalenbank.17456
In keardel fan 'e Harkema dy wie oan 't murdejeijen. 't Wie saterdeijoune en net letter as tolve ûre. 't Wie oan 'e Singel. Doe tocht er: Hea, dêr brânt noch ljocht. 't Kom út in húske wei en doe't er goed taseach, tocht er: Hea, dêr steane bûten guon foar de glêzen. Dat binne lju dy't harkje. Ik sil har de warheit us sizze. Hwant dy lju ha dêr neat...
nl.verhalenbank.16875
As hounen spûkgûle, as eksters skatterje, as de tsjerkeklokken deadsk liede - dan hinget der in deaden oan - sil der ien stjerre. In pear jonges, sa fortelde heit, woenen de kloklieder ris in kear bang meitsje. Doe't er to kloklieden soe gongen dy beide jonges boppe op elkoar tsjin 'e muorre oan stean. 't Wie al hwat tsjuster. Doe't de klokmakker dy beide...
nl.verhalenbank.31545
5