Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Us heit fortelde ek: Der wie in feint dy joech nergens om. Hy wist net hwat bangens wie.
Guon seinen: Dat sille wy him ôfleare. Wy matte him us goed bang meitsje.
Doe gong der op in joun yn 't tsjuster ien yn in great wyt lekken stean op in plak dêr't dy feint lâns moest.
Dy feint komt der oan, hy rint oan dy feint yn 't wyt ta en seit: "Ik bin net bang...
nl.verhalenbank.26929
Op 'e Oene-Hindriksreed spoeke it. Guon hienen dêr wol ris hwat sjoen.
Alde Hinse hie syn boadskipkes dêr ris forspile. Dêr hie hwat west, doe wie Hinse fan binaudens útnaeid. "Doe bin 'k de oare kant omflein", sei er. "Gean der moarnier mar hinne om to sjen."
Doe hie syn doekje mei boadskippen dêr noch lein.
Guon hienen dêr ris hwat lâns fleanen sjoenen.
nl.verhalenbank.25412
Us heit hat ris ien kear in spoek sjoen. Dat wie oan 'e Boskwei. Dêr spoeke it trouwens altyd tusken de diken. Hwat it west hat woarde er net gewaer, mar 't wie wyt en 't forweegde. Dan wie 't wer hwat greater, en dan wer lytser. Heit wie bang woarn. Hy hie de klompen ûnder 'e earms nom en hie roan sa hurd er koe.
nl.verhalenbank.35912