Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
6 datasets found
Dutch Keywords: vluchten Place of Narration: Eastermar
Op 'e Dunen by Harkema wienen yn 'e nacht by ljocht moannewaer arbeiders oan 't ierappelmoljen (dat is sels jirpels fan in oar opgrave, dus stelle). Ynienen kom der in greate, swarte houn deun by harren. Dy hie greate, gleone eagen. En dy houn bigoun ek to moljen. Dit doocht net, sei ien fan harren. Dat is de kweade. Allegearre woarden se deabinaud en sy...
nl.verhalenbank.12512
Ien trape us in kear op in slangekoaning. Dy hie in kroantsje op 'e kop. Doe pipe dy. En doe kommen der in hiele protte slangen út 'e bosk weisetten. Dy woenen de man oanfalle. It wienen ek noch forgiftige. Doe hat dy man syn jas útlutsen en dy smiet er de slangen ta. Sy ha dy jas alhielendal forskuord. De man is hurd útnaeid. De jas hie syn redding west.
nl.verhalenbank.20500
Op 'e Burgumer Nijstêd wenne in feint by in boer. Dy feint seach op in nacht in deakiste oer de flier stean. Hy hiet fan Jan. Hy miende dat er droomde. Hy frege: "Och heden, hwa mat dêr yn?" Deselde dy't yn 'e kiste [lei] sei: "Jan." Doe gong Jan fan 't bêd ôf en hy nom de skjirre en hy knipte deselde dy't yn 'e kiste lei in stik út it hier. De oare...
nl.verhalenbank.21807
Alde Hinse Jehannes de Boer fan 't Swartfean krige us op in nacht selskip fan in pear man doe't er ûnderweis wie. Hy tocht: "Dy wolle my birove." "Ik mat earst efkes mei de âlde ôfrekkenje", sei er. Wylst draeide er mei de hakke in kûle yn 'e groun en lei dêr twa ryksdaelders yn. De twa naeiden út, sa hurd as se koenen.
nl.verhalenbank.20473
Der roan us yn 't foarige op in jountiid let in man to Eastemar de paden del. Hy roan fan 'e buorren nei 't Heechsân. Doe't er oan 't Liuwelân ta wie, seach er dêr in man stean. Midden tusken in keppel skiep yn. Hy fortroude it saekje net en sei moai foars: "Hwat matstû dêr. Skiep stelle?" En dêr kommen noch in pear sterke wurden achteroan. Mar doe kom dy...
nl.verhalenbank.15754
Age Bergsma wie to praten by in sekere Evert to Sumarreheide. Dy man wenne dêr hwat iensum, in ein achterút. Age sei it raer op en hie oeral de gek mei. Hy spotte der mar op los en sei: "Ik bin nergens bang foar, èk net foar de duvel." Doe't er de jouns dêr wei gong, roan er de houtsjepaden del. Doe wie der ien njonken him kom, dy seach him hyltyd skeef...
nl.verhalenbank.36030
35