8 datasets found
Dutch Keywords: visite Place of Narration: Drachten
Myn âldelju wienen us to jounpraten. Sy soenen wer fuort om goed tolve ûre. Mar doe seinen dy lju: "Jimme komme tusken tolven en ienen net fuort, dat is gefaerlik: dan is alles warber." Doe binne se dêr bleaun oan ien ûre ta.
nl.verhalenbank.38660
Heit hie in stik heide kocht, dat wie by de Skieding. Dat hie er mei twa oaren kocht. Der sieten seadden op en mei har trijen wienen se dêr oan 't baggerjen. Us mem en de beide froulju fan 'e oare manlju gongen dêr dan mei har trijen hinne, elk achter in kroade, om turf op to heljen. Dat wie in hiel ein fan hûs en sy namen de bern mei. Dan moesten se by...
nl.verhalenbank.37928
As eksters foar hûs skatterje komt der bisite. As eksters achter hûs skatterje komt der in sterfgefal.
nl.verhalenbank.36956
Jan van der Zee wenne by de haven op Smel-ie. Syn wiif krige in lytsen. Syn omke wenne op 'e koai by Smel-ie. Dy syn wiif kom us in kear by Jan van der Zee om de lytse to sjen. Wylst hja dêr wie, krige it bern hiel bot pine. It raesde it út. It bern waerd fan dy ûre ôf siik en 't is stoarn. Doe ha se 't kessen neisjoen. Dêr sieten krânsen yn. Doe wie 't...
nl.verhalenbank.24003
Der wie ris in faem, dy tsjinne by in rike mynhear. Dy faem hie forkearing. Op in kear wie dy feint der ek. Dy jouns praetten se oer Adam en Eva. Eva hie sa nijsgjirrich west en hie dêrtroch de sûnde op har laden. De faem sei: "Soks soe ik nou noait yn 'e holle krije." "Né," sei har feint, "soks soestû noait in kear dwaen en kom dêr oan út...
nl.verhalenbank.27313
Yn 'e Houtigehage wenne in húshâlding dy wie tige rûch. Dêr wisten se net fan fatsoen. De lytse jonge sei altyd, as er pisje moest: Mem ik mat mige! Op in kear soe doomny dêr op hûsbisyk komme. Dat wie fan tofoaren ôfpraet. Doe sei de mem tsjin 'e lytse jonge: "As doomny nou aenst komt en dû mast pisje dan mast net wer sizze: "Mem ik mat mige! Mar dan...
nl.verhalenbank.32911
Ik wie noch net troud, wy wennen op 'e Boelensloane. It waeide dat it stoarme. It wie yn 'e neinacht. In suster fan my hie mei har man by ús west to praten. Myn faem wie ek by ús. Myn suster en 'e man wennen yn Surhústerfean, dêr moesten se dy nachts wer hinne. Ik en myn faem soenen har in ein bringe. It waeide dat it rikke, it stoarme bytiden, en soms...
nl.verhalenbank.37922
By âlde Minse Griper kommen nachts wol us forstoarne minsken, seinen se, dy't in bigearte hienen. Minse Griper moest dan it boadskip trochjaen.
nl.verhalenbank.23502
35