Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
10 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: vinden Place of Narration: Drachten
Der wenne nêst jierren in skuonmakker yn Easterlittens. Hy en syn wyfke dat wienen twa bijierre minsken. Elke dei wie hy drok oan 't wurk om hakken en soallen ûnder 'e skuon to dwaen. Se hienen in sober bistean, it kom krap om. Sa wìe 't froeger, hè? Mar de skuonmakker sei: "Ik ha altyd noch de hope dat wy 't iens better krije sille." "Lit dy hope mar...
nl.verhalenbank.33244
As jo ien hwat bilove, foardat er stjert, moatte jo dy bilofte neikomme, oars krijt de deade gjin rêst.
nl.verhalenbank.33340
Der wienen ris in stik of hwat timmerliuwe, dy wienen mei in hûs oan 't bouwen. Dat hûs stie net sa fier fan ien fan dy mannen ôf. Dy man wie noch net sa lang troud. Syn wyfke koe fan 't hiem ôf har man dêr arbeidzjen sjen. Hja wist ek wol dat, as de spanten op it hûs sieten en de maeijebeam kom der op, dat der dan hwat fan jown woarde. Elk fan 'e...
nl.verhalenbank.32909
Doe't wy us in kear yn Earnewâld leinen, rekke ik as lyts jonkje siik. Doe founen se trije krânsen yn 't kessen, dêr't ik op lei. De trêdde krâns wie noch net fol tsjoend, oars hie ik dea west. Mem hat de krânsen dea sean yn in koperen goatling. Dan gong de tsjoenster ek dea of sy krige in freeslike pine.
nl.verhalenbank.29302
Berntsjes dy't gjin deaklean meikrigen ha, spûkje ek. Dy kinne de rêst net krije. Yn 'e Boelensloane wienen sokke berntsjes. Dy wienen neaken. Guon ha har sjoen.
nl.verhalenbank.37926
As bern bitsjoend rekken gongen se nei in duvelbander ta. Men foun by sa'n bern krânsen yn 'e kessens. Dy woarden opbrând en bigroeven. Der mocht neat fan boven de groun bliuwe.
nl.verhalenbank.37930
Der woarde ús froeger altyd forteld, de pypkes, dy't wy op 'e bou founen, dêr rookten de ierdmantsjes út. Wy seinen der ek ierdmanspypkes tsjin.
nl.verhalenbank.26047
Úlke Forwoest wenne yn Droegeham of yn Twizelerheide. Dy droech syn namme net forgees. It wie in forwoest man. En in nuveren-ien. Hy hie altyd praetsjes. Dan en dan, sei er, hied er mei de duvel fochten. En hy hie 't altyd woun. Mar op in moarntiid founen se him mei de nekke omdraeid. Doe hie de duvel it dan fan hìm woun.
nl.verhalenbank.19316
Mem fortelde: Bearne Ael wenne yn Sumarreheide. It wie kleare earremoed by Bearn en Ael. Op in kear soe Ael nei Sumar ta. Sy roan de Pasterije-lannen del. Doe tocht se: Nou woe 'k wol, dat ik in dikke beurs mei jild foun. Doe't [se] by 't trêdde stik lân kom, lei dêr in beurs mei jild foar har. En doe tocht se: Ja, mar dit komt net klear. Dit is fan 'e...
nl.verhalenbank.33328
Dêr't in forburgen skat yn 'e groun sit, dêr brânt jouns in ljochtsje. Op dy manier kin men dy skat fine.
nl.verhalenbank.26122
1