Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
17 datasets found
Dutch Keywords: verstoppen rover
Ik haw in swager yn Eastemar wenjen hawn, dy is letter nei Amerika ta gong. Dat wie Jan Klomp. Hy wenne oan 'e Langeastloane. Hy fortelde my us: In boer fan Eastemar moest us nei Ljouwert ta om jild op to heljen. Der wienen guon dy wisten dêrfan en dêr wienen twa man by, dy loerden op him. Dy roannen him de jouns tomjitte. Sy wienen oan Swarteweisein ta....
nl.verhalenbank.23686
Tichte by de Godloas Singel hat in boer wenne. Hy hie ris hwat forkocht en dêr hied er gâns jild foar bard. Dat jild hied er yn in blau sekje op 'e rêch. 't Wie tsjuster doe't er weromkom. Der wienen twa mannen, dy wisten fan dat jild. Dy roannen him tomjitte om him to biroven. Doe't de boer fornom dat der hwat oankom, gong er gau ûnder in omkeard skouke...
nl.verhalenbank.25541
De soldaet fan it Barrahûs. Der wienen in boer en boerinne, dy wennen op it Barrahûs. Op in joun kom dêr in soldaet op in hynder, dy woe graech ynkertiering ha. Hy mocht binnenkomme. It hynder woarde op 'e stâl set. Even letter kom der in frommes by de doar. Dy frege ek of se dêr de nacht bliuwe koe. "Kom der mar yn", sei de boer. It frommes gong ek yn 't...
nl.verhalenbank.22776
HALSAF Wat ik now vetel, mot heel lang geleje gebeurd zien. De Dénneree's van Halsaf zatte vroeger völ ien den Haag, umdat ze ien de regering zatte. Dan moeze de meiden en de knech zich mao zien te redde. Op een kier waren de heer en mevrouw van Dénneree weer nor den Haag. De huusholster gaf de tweede meid en de koetsier toe een paar dage verlof. Zi'j...
nl.verhalenbank.22576
Japik Ingberts hat yn 'e Koaten wenne. As de plysjes om him tochten, wied er op syn iepenst. Hy rûkte it as der plysjes yn 'e buert wienen. (Oan 'e tabak of hwat dan ek) Dan hâldde er him forskûl. As er op roverij útgong achter Ljouwert, dan forwiksele er ûnderweis fan hynders, dy't er allegear út it lân helle. Hy ried dan op it lêste hynder nei 't plak...
nl.verhalenbank.17692
Der was een soldaat, dat was een bereden dragonder. Die froeg om onderdak bij een boer. 't Was al laat. Dat worde him verskaft en toen kwam daar nòg een man, die kreeg óók onderdak. Maar die soldaat fertroude 't saakje niet. Hy sei stikum tegen de boer: "Die man, dat lijkt mij een frou toe." En toe froeg-ie de boer of die ook appels had. En toen gooide de...
nl.verhalenbank.20298
Der wie in hiel great hûs, dêr sieten fjirtsjin keamers yn. It hiet Likelemastate. De hear en de frou wienen fuort en de faem Bauk wie allinne thús mei in âld feint dy 't se Oebele-om neamden en mei in jonge. Bauke. Dy wie sechstjin jier. Doe kom dêr in negoasjeman. Dy hie in great swier pak by him. 't Wie skier fan kleur. De man sei: "Hjir sit kleanspul...
nl.verhalenbank.19779
Der wie ien, dy helle altyd rinten op mei de glêzen wein. Doe wie der us ien, dy sei: "Dat is gefaerlik, hwat jo dogge. 't Is in iensum paed, dêr't jo lâns matte. Jo kinne wolris biroofd wurde." Mar de man sei: "'t Falt hwat ta." Mar doe wienen der twa banditen, dy hienen 't op syn jild forsjoen. Dy woenen him deameitsje en birove. Sy hienen har forskûle...
nl.verhalenbank.19967
Der wie in man, dy hie syn jild ophelle foar de sûkerij, dy't er forboud hie. 't Wie let op 'e joun en tsjuster. It jild dat droech er yn in pûde, it wie doe allegear noch sulverjild. Yn dy tiid wie 't net feilich bûtendoar, men hie wolris lêst fan rovers. Dat doe't dizze man in pear minsken oankommen hearde, tochte er, ik mat mar fanside krûpe. Doe seach...
nl.verhalenbank.19636
To Aldegea, dêr't nou Sibbele Douma wennet, stie froeger in great foarnaem hûs mei in gracht en in brechje dat omheech lutsen wurde koe. De boer en de frou wienen fuort, mar it folk wie thús. Doe kom dêr in man mei in great pak oansetten. Dy handele yn doeken, lapkes en sok spul. Hy frege of er dêr it pak wol delsette mochte. Nou, dat koe wol. Moarn kom...
nl.verhalenbank.12196
Der wie in skuonmakker, dy kom op in joun út 'e Trynwâlden wei. Hy hie aerdich hwat jild by him. Doe't er oan 'e Slachtebrêge ta wie, wie't krekt as lei 't him sa by dat der wol us guon wêze koenen dy't it op syn jild forsjoen hienen. 't Wie donker en 't wie in iensume wei. Dat hy tocht: "Ik gean hjir even ûnder 'e brêge." En dêr wie't al sa. Hy hearde...
nl.verhalenbank.20332
Op Healburd wenne in boerinne mei har soan. Dêr wie ek in faem, dy hiet fan Tiets. Op in nacht woarde dêr ynbrutsen. It wienen de biruchte swartmakkers fan Burgumerheide. Brouwer hieten se. Abe Brouwer is noch út dat laech. Sy wienen al yn 'e hûs. De soan wist noch krekt tusken de fekken yn 't hea wei to krûpen. De boerinne bounen se oan in stoel fêst....
nl.verhalenbank.23610
Der wienen twa rovers. Dy woenen twa man oanfalle. Sy wisten dat dy jild by har hienen en dêr wie 't dy beiden om to rêdden. Se roannen de twa man tomjitte. Mar dy krigen dêr lucht fan. Se hienen gjin wapens by har en sy tochten: wy matte ús ergens forskûlje, oars gean wy der oan. Doe lei dêr in omkearde boat oan 'e kant fan 'e wei yn 'e berm. Dêr krûpten...
nl.verhalenbank.33516
Der wie in man dy moest ris in protte sinten ophelje. 't Wie skimerjoun doe't er werom kaem. Hy wie oan 't Godloas Tolhek ta by Feanwâlden, doe seach er in pear mannen oankommen. Dy fortroude er net. Hy tocht: dy kinne it wol ris op myn jild bigrepen ha. Yn 'e berm lei in skouke ûnderstoboven. Dêr gong dy man gau ûnder lizzen. Doe kommen dy beide mannen...
nl.verhalenbank.26285
Der lei in boatsje omkeard op 'e kop yn 'e berm fan 'e Boppewei. Dêr sieten twa man ûnder. Doe kaem de dûmny der oan. Dy stapte troch. Doe kamen dy beide mannen ûnder 't boatsje wei. Sy kamen him op side. Doe seinen se: "Jouw geld of jouw leven!" Dûmny joech har de sinten dy't er yn 'e bûs hie. "Segen mei 't jild", sei er. Sy lieten de dûmny fierder gean...
nl.verhalenbank.22150
Der wie in boer, dy hie mei in koe nei stêd west. Op 'e weromwei moest er in stik lân troch, dêr kommen trije wegen op út. It wie moai ljochtmoanne waer. Hy sloech de wei yn dy't nei it plak ta fierde dêr't hy wenne. Doe hearde er praten. Hy tocht him hwat binaud omt er it jild by him hie, dat er foar de koe bard hie. Oan 'e kant fan 'e wei lei in...
nl.verhalenbank.23449
Atse Kûper fan Eastemar gong der froeger op út to stellen en to roven. Hy stiel fé en dat slachte er dan. It fleis forkocht er. De fellen en it ôffal bidobbe er yn 'e groun yn potten. Dat die er yn 'e stâl. Dêr stie in hiele lulke kedde, dêr doarst net ien by komme.
nl.verhalenbank.27759
35