Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
10 datasets found
Dutch Keywords: verbranden Place of Narration: Burgum
Wy hienen in famke, dat wie altyd gammel en siik. Doe kom der ris in kear in sekere Filippus by ús. Dy sei: "Hwat is hjir to rêdden? Is jimme fanke siik?" "Al in hiel skoft", sei 'k. Hy sei: "Jimme matte nei de duvelbander, hwant der sil wol hwat oars achter sitte. Jimme bern sil wol bitsjoend wêze. Ha jim it kessen al ris iepenmakke?" Doe makken wy it...
nl.verhalenbank.27554
Yn Jistrum wenne in man, dy moest altyd bigraffenissen fan tofoaren sjen. Heit hat dat wol faek forteld, mar ik wit de namme fan dy man net mear. Wit hoe faek gebeurde it yn 'e nacht, dat hy der út moest om sa'n bigraffenis to sjen. Hy moest der soms hiele einen om rinne. Soms koed er krekt sizze hwa't it wie, dy't yn 'e kiste lei. Dat seach er dan oan 'e...
nl.verhalenbank.31180
Op it hiem fan Bennema-State stiet in greate, swiere bûkebeam. As men in takke fan dy beam ôfkapte, dan sloech der in flam út en dy flam forbrânde de man of frou dy't dy takke der ôfkapte.
nl.verhalenbank.31033
Wie in bern bitsjoend, dan helle men krânsen út syn holkessen. Dy waerden forbrând
nl.verhalenbank.31969
Mar Oene Krop wie ek in greate tsjoender. De minsken doarsten him net yn 'e hûs to litten en net by it fé. Hy makke se samar siik. Myn broer wenne yn Ljouwert. Hy hie in jonkje, dat wie altyd siik en gammel. It wie noait fleurich lyk as oare bern. It siet echt yn 'e pogge. It woe net boartsje en it wie mear dea as levend. Doe kom dêr ris in swager fan...
nl.verhalenbank.38152
As in bern siik waerd, froeger dan wie 't faek it gefal dat sa'n bern bitsjoend wie. Yn Jistrum wyt ik fan in gefal doe hellen se dêr in duvelbander by. Dat wie Piter Poes fan Sumarreheide. Dy kom op 'e hounekarre, en dan ried er sa hurd de sânreden del, dat it sân stoude der nei. Sa ha se my forteld. It kessen fan 't sike bern toarnden se iepen. Dan...
nl.verhalenbank.31189
Myn pake en beppe ha beide bitsjoend west. De âlde minsken wienen lang net goed en doe't se de kessens iepen makken, kamen dêr krânsen út. Dy krânsen ha se opbrând. Hja ha der foar nei de duvelbander west en binne wer better woarn. Fan Wopke krigen se in drankje. Underweis moesten se mei 't drankje om in hekke hinne. Wopke warskôge har, dat se dêr...
nl.verhalenbank.29661
Om 1915 à 1920 hinne makken se yn Feanwâldsterwâl, as der ien siik wie, syn holkessen iepen en seagen dat nei. As dêr in krâns fan fearren út kaem wie it bern bitsjoend. Dan hellen se de duvelbanner der by en dy wiisde oan hwa't it bern ûnder har macht hie. 't Wie faek in âld minske, in buorfrou of sa. De krâns waerd forbrând en de tsjoenster mocht net...
nl.verhalenbank.31004
Op 'e Simmerdyk wenne in man, dy koe op in nacht net sliepe. Hy gong der ôf en doe seach er in greate fjûrbol flak by him. 't Wie allegear fjûr. Doe leaude dy man fêst dat der hwat gebeure soe by him. En hy hat gelyk krige èk. Deselde deis, dat wie yn 'e neimiddei om healwei fiven hinne, is syn hûs opbrând mei alles hwat der yn wie.
nl.verhalenbank.38127
Yn Noardermar wenne in bern, dat wie altyd siik. Doe kom der in âld minske by de doar, dy sei: "Ha jimme wolris yn 't kessen sjoen?" Né, dat hienen se net. Doe ha se it kessen iepen makke. Doe sieten dêr 2 greate krânsen yn fan fearren. Doe wie 't dan dúdlik dat it bern bitsjoend wie. Se ha de krânsen opbrând en doe wie 't bern wer better.
nl.verhalenbank.38130
35