Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
12 datasets found
Dutch Keywords: verandering nacht
Myn skoanheit hat forkearing hawn mei in faem yn Kûkherne. Dat wie in tsjoenster. Hja hie har âlden forlern en wenne allinne op in boerespul. Myn skoanheit en hja sieten dy jouns in skoftsje yn 't bûthús - dat wie doe sa de gewoante - en hja praetten hwat en sa, en sa waerd it stadichoan letter. Doe't it in eintsje yn 'e nacht op wie, tocht skoanheit:...
nl.verhalenbank.25181
Betsje wenne froeger yn Kûkherne. Hja hienen keallen, dy hienen se achter 't sket. Betsje har man dy wie der altyd op út to werken, dan bleau er soms wiken oanien wei, dan wie Betsje allinne thús. Dy forsoarge de keallen dan. Op in kear sei Betsje tsjin har suster: "Ik doar hjir net mear allinne to bliuwen, hwant alle nachten om tolve ûre binne de keallen...
nl.verhalenbank.29745
Us heit wie hynstekoopman hjir yn Grinzerpein. Sierd de Vries en syn frou Wytske wennen hjir ek. Hja kamen wolris by ús om in hynder to keapjen, dan kaem Wytske mei en dan bleauwen se by ús to jounpraten. Se hienen fjouwer bern: Jelle, Ielkje, Foppe en Evert. As it hwat letter waerd, sei Wytske: "Wy matte wer nei hûs." Dat wie om Foppe, in lytse, bleke...
nl.verhalenbank.32010
Myn kammeraetske wenne oan 'e Swâdde yn in hiel âld hûs. Yn dat hûs doogde it net. It spûke dêr. De hiele boel wie dêr bitsjoend. Hja hienen in keal yn 't hok. Dat siet altyd fêst, mar moarns wie 't grif los, alle moarnen wie dat sa. Der wie in ûnsichtbere macht, dy't it yn 'e nacht losmakke. Dêr wienen altyd lûden yn dat hûs. Der kamen guon yn, dat wie...
nl.verhalenbank.30075
Sikke Procé roan op in joun nei tolven oer de wei to Feanwâldsterwâl. Doe wie er sahwat oan it hûs fan Jehannes Meerstra ta, doe kaem der in swarte kat by him, dy roan him foar de fuotten. Sikke skopte de kat tsjin 'e poat oan, de poat wie stikken. De oare moarns hie Jehannes Meerstra de pols brutsen. "Dy ha 'k fannacht brutsen", sei er. Jehannes hie him...
nl.verhalenbank.31014
Doe't wy to Smelle Ie wennen kom der ris in skipper by ús. Dat wie Durk Bekker. Dy fortelde ús, hy lei ris mei 't skip op 'e rûmte. 't Wie yn 'e nacht en noch gjin tolve ûre. Hy moast der ôf, hwant der wie in freesliken geraes yn 't foarûnder. Doe't er dêr hinne gong en seach, wienen it dêr allegearre katten, dy bieten yn elkoar om. Hy lei der hwat lûken...
nl.verhalenbank.32696
Fogeltsjemoai dat wie in tsjoenster. Har âld man waerd soms yn 'e nacht wekker, dan lei der in pânse njonken him op bêd. Dan wie Fogeltsjemoai der op út to tsjoenen.
nl.verhalenbank.17559
Ik en myn wiif wienen us to jounpraten by in boer yn Haulerwyk. Doe fortelde dy boer ús, der wennen by in boer in greatfeint en in lytsfeint. Dy greatfeint en dy lytsfeint sliepten by elkoar yn 't selde bêdsté. Mar dy greatfeint hie in swier lot. Alle nachten om tolve ûre moest hy der ôf. Dan woarde er kloppe. Dan stie 't wite hynder foar 't bêdsdoarke en...
nl.verhalenbank.32685
To Lúnjeberd wennen twa dochters fan in skipper, dy't mei turf farde. Hja foroaren har nachts yn douwen en fleagen nei de klaei ta. Dêr learden se it tsjoenen. Yn 'e moarn kamen se wer thús. Al gau wie 't sa fier, doe koenen se de molke helje út ruskepôllen.
nl.verhalenbank.21924
Ik wie al troud en ik wenne hjir in eintsje fandinne oan 'e reed. Ik hie op in jountyd nei de Triemen ta west, nei myn swager om in pear lammen dy't ik fan him kocht hie. Ik mocht froeger graech hwat handelje. Ik gong wer nei hûs en kom op 'e reed, doe wie 't yn 'e nacht, om sa'n ûre of alve, tolve. Oan dizze kant fan 't hûs wie in krimpe. Doe't ik dêr...
nl.verhalenbank.24708
Der wie us in boer, dy koe tsjoene. Hy hie in toverboek. As er dêr yn lies, yn 'e nacht, dan foroaren syn kij op 'e stâl yn stobben. Hy tsjoende se even letter wer yn kij werom troch tobek to lêzen. Hy boun dan tagelyk himsels mei in blauwe bûsdoek om 'e nekke hinne oan 'e tafelspoat fêst. En dan smiet er in stik brea mei de rjochterhân oer it...
nl.verhalenbank.21738
Doe't ik 26 jier âld wie, wenne ik yn Nijehove. Doe kaem dêr in skipper út Strobos mei syn skipke. Hy frege twa bruorren Cleveringa of se ek sizze koenen hwer't er molke krije koe. "Dêr by dy plaets wol", seinen se en sy wiisden it plak oan. Dy plaets stiet der noch. De iene fan 'e bruorren Cleveringa sei: "Jo binne âld frijgesel. Dy boer dêr hat in...
nl.verhalenbank.19701
35