Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
15 datasets found
Dutch Keywords: verandering bed
As Melle Tiet froeger by de bargen kom, woenen se net mear frette. Dan wienen se bitsjoend. Sy wenne yn 'e buert fan 'e Skieding. Dêr wenne ek in man dy syn bargen wienen èk siik. Doe seach dy in rôt by syn trôge. Hy sloech nei dy rôt en rekke him. De oare deis hie Melle Tiet in doek om 'e holle.
nl.verhalenbank.24881
Betsje wenne froeger yn Kûkherne. Hja hienen keallen, dy hienen se achter 't sket. Betsje har man dy wie der altyd op út to werken, dan bleau er soms wiken oanien wei, dan wie Betsje allinne thús. Dy forsoarge de keallen dan. Op in kear sei Betsje tsjin har suster: "Ik doar hjir net mear allinne to bliuwen, hwant alle nachten om tolve ûre binne de keallen...
nl.verhalenbank.29745
Heit en dy hienen in stik of fiif koeijen. Mar dy wienen noait goed. Se ha noait fleurich en glânzich west. Se tjirmen. Se seagen der út as geraemten en joegen hast gjin molke. En dochs krigen se genôch to fretten. Jouns kom de molke farsk út it kouwejaer. Dan sette mem fuort guon op 'e kachel, om dy molke to sieden. Mar dan bigoun dy molke altyd direkt...
nl.verhalenbank.29960
In tsjoenster kin har yn in kat foroarje. Hjir op dit eintsje, it Sikkema-hûs in eintsje foarby - foar in meubelsaek oer, hat ek in tsjoenster wenne. Dat wie Piters Willemke. Dy kaem as in kat samar by in oar ta de huzen yn. As hja der op út wie, sei har man Piter: "Der leit wer in pânse op bêd." De pânse liet se altyd thús achter. Se neamden Willemke...
nl.verhalenbank.29780
Myn wiif har beppe dy bakere froeger wol by skippers. Dat gebeurde ek ris in kear to Ljouwert. Dêr wenne tichteby in âld minske, dêr seinen se fan dat it in tsjoenster wie. Der wie doe in skippersfrou dy hie in lytsen krigen. Myn wiif har beppe dy bakere dêr. Doe wie dêr dy nachts in fremde kat yn 'e roef. "Hwat mat dy kat hjir?" sei myn wiif har beppe....
nl.verhalenbank.24930
Wy wennen yn 'e Sweagerbosk. Doe't myn suster Antsje in fanke oerwoan hie, kom Fokke Loonstra us in kear by ús. Hy wenne ek yn Sweagerbosk, oan 'e Swadde. Hy woe de poppe graech us sjen. Hy nom seis ierappeltsjes mei en in pear plakjes spek. Ik slepte by ús mem. Doe't mem op bêd soe, taestte se nei in grouwe pod mei in doek om 'e kop. Dy pod siet by har...
nl.verhalenbank.18115
In tsjoenster foroare har yn in kat of yn in pod. Sy gong der op út to tsjoenen en liet de pânse op bêd achter. Alde Rinse Kooistra krige twa apels fan in tsjoenster. Doe lei er dy apels thús boven op 'e kast del en die der in pear koppen oerhinne. In pear dagen letter, doe't hy der nei seach, sieten der twa podden ûnder.
nl.verhalenbank.19982
In tsjoenster kin har yn in kat foroarje. Alde Lamkje, de mem fan Ale Bouk, wie in tsjoenster. Harm v.d. Berg hie lytse bern. Jouns wienen der altyd by harren in keppel katten om 'e doar, dy miauken dêr mar om. (Zie B65-494) Harm hie in gewear, hwant hy streupte ek wol. "As dy duvelse katten hjir wer komme," sei er tsjin 't wiif, "dan sjit ik se dea." Op...
nl.verhalenbank.25117
Fogeltsjemoai dat wie in tsjoenster. Har âld man waerd soms yn 'e nacht wekker, dan lei der in pânse njonken him op bêd. Dan wie Fogeltsjemoai der op út to tsjoenen.
nl.verhalenbank.17559
Ik en myn wiif wienen us to jounpraten by in boer yn Haulerwyk. Doe fortelde dy boer ús, der wennen by in boer in greatfeint en in lytsfeint. Dy greatfeint en dy lytsfeint sliepten by elkoar yn 't selde bêdsté. Mar dy greatfeint hie in swier lot. Alle nachten om tolve ûre moest hy der ôf. Dan woarde er kloppe. Dan stie 't wite hynder foar 't bêdsdoarke en...
nl.verhalenbank.32685
By 't spoar woonde in frou, dy kon haar feranderen in een hond. Se kwam door 't sleutelgat in hûs. Douwe Baeije had een suster, die was in ferkeerde handen. As dy frou by 't spoar op bed lag, dan was de siel der út. It lichum lag, maar de geest was weg. Douwe Baeije har zuster is storven. Dy het se doodtsjoend. De buren van de lu die 't famke ferloren...
nl.verhalenbank.24280
Tsjoensters kinne har yn katten foroarje. It binne altyd moai lange katten, dik en grou. It binne gjin swarte en ek gjin bûnte, mar grauwe. As sa'n kat der op út is to tsjoenen, leit de tsjoenster stil en wezenloas op bêd. Dan is der gjin leven yn. In tsjoenster bitsjoent foaral bern. Ek wol froulju noait manlju. Hja tsjoenst krânsen yn 'e kessens, dêr...
nl.verhalenbank.24246
Ik wie al troud en ik wenne hjir in eintsje fandinne oan 'e reed. Ik hie op in jountyd nei de Triemen ta west, nei myn swager om in pear lammen dy't ik fan him kocht hie. Ik mocht froeger graech hwat handelje. Ik gong wer nei hûs en kom op 'e reed, doe wie 't yn 'e nacht, om sa'n ûre of alve, tolve. Oan dizze kant fan 't hûs wie in krimpe. Doe't ik dêr...
nl.verhalenbank.24708
By Sjoerde Durkje songen de katten op in joun psalm 84. Dy katten hâldden dêr in forgadering. Sjoerd hat de gripe der yn smiten en rekke Baeije, dy't har yn in kat foroare hie. De oare moarns koe Baeije net fan bêd komme. Dy hie in reis hawn. Dit gebeurde yn Sweagerbosk
nl.verhalenbank.18118
MS: Joa, hier was ook ne vrouwe, zee kon ook tuuweln, neet? En dee har in de veansterbaank zetn, as ne katte en die kon dee wichter dan wa tuuweln en dan har ze wat in t kusn, ne kraans van veern, ie hebt t wa es heurd, no, toe hadn ze der ne keer op egooid op dee katte, hè, en toen har dee vrouwe 's aanderdaagns loopn met nen dook um t heuwd. E: Dat zol...
nl.verhalenbank.128670
35