Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
9 datasets found
Dutch Keywords: venster Place of Narration: Opende
By Ate Meter dêr wie altyd in grouwe, swarte kat om 'e doar hinne. Ate hie 't net op dy kat stean. Hy hie al in pear kear prebearre der in raem op to dwaen, mar hy koe him noait ûnder 'e hân krije. Op 't lêst hied er goed oppast. Doe't de kat der wer oankom hied er in dikke kneppel yn 'e hân, doe die er de doar fluch iepen en sloech ta. Hy rekke de kat....
nl.verhalenbank.25988
Egbert Hoekstra hearde op 'e nacht by him yn 'e hûs getimmer. De oare wyks stoar syn frou. Mar de kiste koe net troch de doar en ek net ûnder it finster troch. Doe moest it hiele finster der út. Letter, nei de bigraffenis kom it der wer yn. Doe't se dêr mei oan 't timmerjen wienen, sei er: "Fleden wike ha 'k dat timmerjen ek heard, krekt deselde slaggen....
nl.verhalenbank.38000
Heit wenne letter op Driemunt. (Bearn v.d. Woude) Op in joun lei er op bêd, 't wie moai ljochtmoannewaer. Hy seach ta it sydfinsterke út en doe seach er in ljochte glêdde streek, krekt as wie 't in iisbaen, samar midden troch 't lân. Dêr leit nou de rykswei 43. Heit wie doe sahwat tachtich jier âld. It gebeurde in pear jier foardat de wei der kom.
nl.verhalenbank.26033
Een meisje fan Sj. Bijma - in kiend fan sestien joar - was op in oavend noar in feestje weest. Se moest it huus fan Jelle en Trientsje foarbij. Doe was 't al fer in de nacht. De folgende dag fortelde se, se was doar flak by de glaazn del goan en doe ging it doar op in dansen en springen, krekt as woaren der hondert mensen in huus. Se was so bang wordn,...
nl.verhalenbank.26008
Knippe jo sneins de neils ôf, dan matte jo dy stikjes neil yn 't hjirneimels allegear wer opsykje. Knippe jo de blommen foar de glêzen op snein ôf, dan bloeije se noait wer.
nl.verhalenbank.27883
It hat by ús sa bot bitsjoend west allegear, dat de gordinen hongen yn repen foar de glêzen. En dy repen wienen allegear wer oanelkoar naeid. Dat wie allegear it wurk fan de tsjoenster.
nl.verhalenbank.21105
Ik bin mei de helm geboaren. Sy ha my by myn geboarte de helm net ûntnom. Sadwaende moest ik alles altyd sjen. Hoefolle minsken as ik net fantofoaren dea sjoen ha. Ik ha wol gauris minsken warskôge. It kom altyd nei. Ik seach de lykstaesjes tusken tolven en ienen yn 'e nacht. Alle nachten moest ik der dan ôf. En dan seach ik se passearen as 'k foar 't rút...
nl.verhalenbank.24119
Hjir ien út 'e Pein kom us op in joun let by har skoansuster wei. Doe brânde der by Rikele Myt noch in lampe. Hja moest der lâns en tocht: "Ik sjoch even troch 't glês." Doe hie de hiele tafel fol west mei lytse popkes en dêr hie Myt mar mei omboarte en dien.
nl.verhalenbank.25953
Doe't alle minsken in namme krigen, siet der in man op 'e souder, dy wie dêr oan 't wurk. Dy woarde ûngeduldich. Hy stuts syn holle ta 't souder-finsterke út en rôp: "Krij ik ek noch in namme?" De nammejower seach nei omheech en rôp om't er allinne mar in kop seach: Ja - kop!" Sa mat de namme Jakob ûntstien wêze.
nl.verhalenbank.27610
35