Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
18 datasets found
Dutch Keywords: vee Place of Narration: Drachten
Der binne minsken dy matte jy noait by 't fé litte, hwant dat is net fortroud. Dêr kin hwat út fuortkomme. Se meitsje 't fé siik.
Us Hindrikom wenne yn Twizelerheide. Hy hie dêr in winkel en ek wol bargen. Hy hie op in kear biggen by de mot. Tichteby wenne in âld man, dy koe tsjoene. Dy mocht graech bargen lije, mar Hindrikom syn jonge jage dy âld man fuort. Hwant de jonge wie bang dat de biggen oars bitsjoend woarden. Dy âld man hie de kweade hân. Dêrtroch wienen se bang foar him.
nl.verhalenbank.33319
Yn Sumar, foar 't tramstasjon oer, stie froeger in plaets. Dat wie yn 'e tiid doe bruts yn Sumar de longsykte ûnder it fé út. Alle kij woarden der hast troch oantaest en de boeren rekken har fé kwyt. Allinne op dy plaets by 't stasjon, dêr bleau it fé soun. Doe woarden se ôfgunstich op dy boer. En doe gongen se hinne en smieten in stik bismet fleis troch...
nl.verhalenbank.33103
By Jan Harms op 'e Tike ha de kij bitsjoend west. Doe ha se duveldrek ûnder 'e stâl dien. Dat holp.
nl.verhalenbank.33036
Der wie in boer, dy hie fé forkocht op 'e merk. Hy hie sadwaende in aerdich stik jild by him. Underweis kom der in rover op him ta, dy hie in revolver by him. Dat hâldde er de boer foar wylst er sei: "Je geld of je leven." "Nou," sei de boer, "jo kinne myn jild wol krije. Mar, nou't jo toch in revolver ha, woe 'k wol graech, dat jo even troch myn hoed...
nl.verhalenbank.32936
Der wie in arbeider, dy hiet fan Geale. Hy wenne op 'e Skieding ûnder Grinzer Pein, yn in âlde spitkeet. Dy wie sa plat, dat de jonges dy wâlden op syn hûs om. Geale wie frijgesel. Hy arbeide fûl, 't gong suver dei en nacht altyd troch, om mar hwat foarút to skarreljen. Op in kear, doe hie Geale him forslept. Hy woarde wekker en makke syn brea klear en...
nl.verhalenbank.32694
Guon minsken hienen macht oer it fé. Sokken koenen jin in dier forkeapje, sa mak as in hountsje. Letter wie 't in ûndier. Dat gebeurde wolris mei in hynder. Sokke minsken koenen mear as in oar.
nl.verhalenbank.29395
Yn Lúkswâlde wenne in boer, dy hiet fan Jan van der Werf. Doe't ik sechstjin jier âld wie haw ik as feintsje by him tsjinne. Dy boer lei it der op oer om faillyt to gean. Gokke en sûpe en jildforgrieme. Elkenien koe sjen dat it forkeard gean soe. Dy boer hie in droom, dêr seach er alles yn. Hy fortroude altyd op syn dromen. Hy droomde, hy soe stokearm...
nl.verhalenbank.26970
Der hat in keardel west, dy koe hwat mear as in oar. Hy hie de kweade hân, seinen se wol. Ien hat my us oer him forteld. Dy hie 't sels bileefd: Ik hie 't sa earmoedich, sei er. Ik kocht in bichje foar fyftsjin stûren. Doe't ik it thús hie, kom dy keardel by my. Dy koe duvelskunsten. "Hast in bigge kocht?" sei er. "Ja", sei 'k. "'t Is net sa'n dikken",...
nl.verhalenbank.25567
Ik ha froeger wolris heard, hwannear 't der in fremden-ien by de lju kom, dat se seinen: "Hy mat net by de bargen, hear, hwant dan wolle se miskien net mear frette." Se wienen bang foar de kweade hân. Se lieten in fremden ek net by 't oare fé.
nl.verhalenbank.24948
Der wie in fanke, dy wie boerefaem yn Kuzumer yn Grinslân. Dat fanke wie nergens bang foar. Op in kear, doe hienen se by de boer in hokling slachte. 't Wie al joun en 't wie donker. Doe sei de boerinne: "Och hearink, nou ha wy 't sâlt forgetten!" Doe woarde de faem der op útstjûrd om gau even nei de buorren ta om sâlt op to heljen. Doe seinen de oaren...
nl.verhalenbank.23454
Yn Suwâld wenne in deagraver, dy hâldde der altyd bargen op nei en dy hied er samar fet. Net ien koe him bigripe hoe't er dat sa hie. Der wennen yn Suwâld lju, dy hienen in famke, dêr wienen se o sa mâl mei. Sy hienen har in hiele greate moaije poppe jown, dêr't it famke altyd mei boarte. Dat famke woarde siik en rekke dea. Sy bigroeven it bern mei de...
Der wie in boer, dy hie in sike koe. Hy liet de féarts komme. "Hokker koe is it?" frege dy. "Ja, dat matte jo sels mar útmeitsje," sei de boer, "jo binne op 't lêst féarts." De féarts tochte: "'k Sil dy wol ha." Hy ûndersocht de beesten ien foar ien en op it lêst foun er de koe dy't siik wie. Doe't it nijjier west hie stjûrde er de boer de rekken, dêr't...
nl.verhalenbank.23448
Der wie in faem, dy hie in berntsje krige. Hja hie der gjin man foar. Doe hat se dat bern foar de bargen smiten. Mar letter, as hja de bargen fuorje moest, dan forskynde dat bern altyd wer as geest. Dan lei it de hantsjes om 'e rânne fan 'e trôch hinne.
nl.verhalenbank.19858
Yn 'e Rottefalle wenne Piter Scheper. Dy koe mear as in oar. Hy siet us by syn buorman yn 'e hûs en doe sei er: "Sjoch, al jou fé rint bûtendoar." 't Wie midden yn 'e winter en soks wie net mooglik. It fé stie op 'e stâl, mar de buorman seach syn fé ek tige dúdlik rinnen. Hy gong nei bûten ta, mar der wie neat to sjen. Alle fé stie op 'e stâl.
nl.verhalenbank.19678
Der wie in man, dy wie foar de twadde kear troud. Mar foardat syn earste frou stoar, hied er har biloofd, dat hy soe net wer trouwe. Hy hie 't lykwols àl dien. Op in kear, doe't er op 'e stâl stappe soe om 't fé drinken to jaen, stie syn earste frou samar ynienen njonken him. Letter hat er har altyd by him hawn. Hwer't er roan, dêr wie sy ek. Dat wie de...
nl.verhalenbank.19624
Hinse Beest It wie yn 'e tiid fan 'e longsykte ûnder it fee yn Eastermar. Alle fee dat de longwjirm hie waard ôfmakke. Dat gong ûnder it tafoarsjoch fan 'e polysje en de marsjesee. Sa wie ús heit in kear mei Hinse en doe stapten de marsjesee's dêr lâns mei in ko. Dy soe ek deamakke wurde. 'Wat moat dat?'frege Hinse. 'Dy ko moat dea, hy hat de longwjirm'....
nl.verhalenbank.12998
Hinse Beest In âldomke fan ús wie Hinse Benedictus fan it Swartfean ûnder de Drachtster Pein. Hy waard troch in dei Hinse Beest neamd, omdat er kundich wie yn it feedokterjen. As der in ko siik wie, hoegden se mar mei in tûflke hier tusken de hoarnen wei by him te kommen en hy seach, watfoar kwaal as it beest hie. Hy doktere ek oer minsken. Se hoegden...
nl.verhalenbank.12997
0