Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
9 datasets found
Dutch Keywords: vallen Place of Narration: Eastermar
Doomny van Velzen fan Droegeham hie in protte fijânnen trochdat hy de wiere leare forkondige. Der ha guon west, dy woenen him deameitsje. Mar hy woarde troch Us leaven Hear biskerme. Dat gebeurde sa: Op in kear ried er yn in glêzen wein. Doe soed er nei in oar plak ta to preekjen. Underweis skuort ien de doar fan 'e wein iepen en hy wol doomny in stek mei...
nl.verhalenbank.33734
As der in gewicht fan 'e klok foel bitsjutte dat dat der yn 't koart in deaden komme soe.
nl.verhalenbank.28377
Der wenne in faem op 'e Lytse Hoarnst to Eastemar, dy moest nei 't Swartfean, nei Hinse Jehannes de Boer om in drankje foar in sike koe. 't Wie yn 'e winter en hja gong oer iis, dat wie 't koartst. Doe't Hinse Jehannes har it drankje joech, sei se: "Sjesa, nou gean 'k mar wer oer iis." "Net oer iis mei de drank," sei Hinse Jehannes, "hwant dan silste...
nl.verhalenbank.21795
Moosi en Sjampi kommen to Smilde, dêr seagen se de televisy-mêst. Sjampi sei tsjin Moosi: "Doarstû dêr wol boppe fan ôf to springen?" "Né," sei Moosi, "mar ik doar der wol by op to klimmen." "Dat mast net dwaen," sei Sjampi, "hwant ast foelste, dan wiest kroandea." "Welné," sei Moosi, "dat foel hwat ta. As ik foel, dan stuite ik earst wol trije kear."
nl.verhalenbank.33635
Inkelde bloeddrippen (3) dy't falle, jowe in deaden yn 'e famylje.
nl.verhalenbank.21806
As ien ûnder it boerefolk it ark falle lit, dan mat er syn deihier fordrinke litte. (traktearje)
nl.verhalenbank.20076
Alde Frytsen wie de beppe fan Willem Mulder. Sy hat wenne op it Waltsje yn Eastemar. Hja wie mei de helm geboaren. Op in kear kom se yn 'e pottewinkel fan Rikele Pot. Doe sei se tsjin Rikele: "Der sil hjir in greate rammeling gebeure." In pear dagen letter kom der by Rikele yn 'e winkel in hiel boerd mei diggelguod del.
nl.verhalenbank.19953
Alde Frytsen stie us yn 'e winkel by Rikele Pot. Doe sei se: "Hjir komt in ramp yn 't koart." In pear dagen letter sakke der in ramt yn en alle potte- en panneguod dat der op stie, kom nei ûnderen en rekke yn diggels. (Frytsen wie de beppe fan Willem Mulder to Eastemar)
nl.verhalenbank.21836
Yn Sjoerd Bonnes-plaets yn Sumar hat Fokke van der Kuip feint west. Op in kear hearde er dêr in swart bont hountsje gûlen. Dat hearde aeklik. op itselde plak dêr't it hountsje stie to gûlen, foel in pear dagen letter in man fan 'e fyts. Hy wie fuort dea.
nl.verhalenbank.21880
35