Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
9 datasets found
Dutch Keywords: vader Place of Narration: Eastermar
By 't spul fan Albert Bakker spoeke in swarte dame om. Hja hie forkearing hawn mei ien, dêr't har heit op tsjin wie. Hja wie weikwynd en sûnt spoeke hja dêr.
nl.verhalenbank.21866
't Wie op in joun. Heit siet to krantsjen en lytse Jan hie in boekje foar him en siet dêr hwat yn om to blêdzjen. Doe kom er in wurd tsjin, dat forstie er net. "Heit," sei er, "hwat is 'in kammeraet'?" "In kammeraet," sei heit, "dat is ien dêrst' goed mei oer de wei kinste. Dû en ík binne kammeraden. Mar mast my net mear lestich falle, ik wol lêze." Even...
nl.verhalenbank.33737
Der wie in jonge, dy moest foar de keuring. Syn heit wie in boerke, dy't net it measte forstân hie. De deis fantofoaren sei er tsjin 'e jonge: "Nou is 't moarn sa fier, jonge. Mast sjen datst ôfkeurd wurdste." "Ja heit", sei de jonge. Doe't er dan foar de keuring west hie frege syn heit him: "Wel, hwat ha se sein?" "Se ha neat sein", sei de jonge. Mar in...
nl.verhalenbank.33690
Trije jonkjes stienen by in brêge. De brêge wie ôfdraeid, der wie dus in hiel great gat yn 'e wei. It iene jonkje sei: "Us heit springt samar oer dat gat hinne." "Dat bistiet net", seinen de oaren. Mar it jonkje hâldde fol, dat op 't lêst moesten se it wol leauwe. Doe sei it twadde jonkje: "Jimme heit is in hiele baes, mar dan mast ús heit ha. Lêstendeis...
nl.verhalenbank.33828
Der wienen minsken, dy forwachten in lytsen. Dy minsken hienen ek in jonkje, dat al nei skoalle ta gong. Doe't it sa fier wie dat de baby tofoarskyn komme koe, woarde de dokter ophelle en de baekster. En doe gong de heit gau even nei de buorlju ta, of dy har jonkje wol opheine woenen as er aenst út skoalle kom. En of er dêr dan ek wol ite koe. Hwant hy...
nl.verhalenbank.33833
In broer fan ús heit kom us op in jountiid let noch troch Sumar. Doe't er dêr de Lânsbuorren lâns roan, hearde er dêr op in plak timmerjen. Hy sjen en sjen, mar der wie neat to rêdden. Letter woarde der op dat plak in plaets delset.
nl.verhalenbank.34635
Op 'e Kromelle dêr stie in herberchje. Dêr wie us op in joun in ploechje jongfolk fan 'e Harkema. Dy woenen dêr it heilich avondmaal fiere. It gong op in spotten fansels. Us heit wie der ek by. Dat wie doe in jonge fan sa'n achttsjin jier. Sy dienen healwiis en hienen de klean omstrûpt oan. Mar doe kom Hearke der yn, as stille plysje. Hy krige heit by 't...
nl.verhalenbank.20491
Wy mochten earen noait foar de spegel stean. Heit sei, as wy dat dienen, dan sprong der samar in ruter út op in hynder.
nl.verhalenbank.28391
Der wie in heit, dy hie twa soannen. Elk fan dy soannen hie in hynder. De heit hie ek in plaets en dy woed er ien fan 'e beide soannen ta ha. Mar hokker? Se wienen him beide like nei. De beide soannen hienen 't hast elke dei oer de plaets. Elk fan beiden woe him graech ha en dan sangeren se har heit mar om 'e holle: "Jow him my, heit." Dêr krige de âld...
nl.verhalenbank.33857
35