Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
142 datasets found
Dutch Keywords: vader zoon
Ik bin mei de helm geboaren. Ik moest altyd alles sjen. Dat fornaem ik it earst, doe wie 'k toalf jier âld. Op in jountiid moest ik molke helje fan 'e boer. It wie noch ljocht. Ik moest skean de fjilden oer. Ik hie in fjildskutte by my lyk as de soldaten brûke. Dêr kaem de molke yn. Op 'e weromreis wie 't skimerich. By de hoeke fan 'e Sânwei seach ik...
nl.verhalenbank.17682
Yn Broek wenne âlde Lammert Plantinga. Dy koe tsjoene. Tabe van der Zwaag hie in pear beesten yn 't hok. Mar moarns sieten dy kij faek los. Op in moarn kom Lou, de soan fan Lammert thús. Doe soed er even nei 't fé sjen. Der wie wer ien los. Doe't Lou de hoksdoar iepen die, kom der mei alle barstengeweld in kat oanstouwen. Lou skopte him foar de kop. De...
nl.verhalenbank.19903
Master is de bern yn skoalle oan 't learen. Hy seit: "Jonges, ûnthâld dit goed: de noas ha wy om to rûken en de fuotten om to rinnen!" Der wie in jonge, dy siet foaroan, dy twivele der oan as dat wol wier wie. Master fornom dat en sei: "Bist it dêr net mei iens, Jan?" "Né master", sei Jan. "Kinst der wol in forklearring foar jaen?" frege master. "Jawol...
nl.verhalenbank.28076
[16.21] IML: Ik heb eh wel een verhaal zelf geschreven, nog niet zo lang geleden. Over eh ik woon in de gemeente Heusden. In Heusden zit 't streekarchief voor de hele streek. En eh dat is niet een heel lang verhaal natuurlijk, maar dat is wel al een verhaal over de componist Jacob van Eyck. Heel beroemd, maar helaas niemand kent 'm. Jij moet 'm kennen als...
nl.verhalenbank.47103
Dyselde Sjirk wie mei syn soan op in joun op stap. Doe seach de soan hwat, dat like op in minske. 't Wie yn de Pein. Syn heit frege him: "Rint it of sweeft it?" "It sweeft", sei de soan. "Set dan sok", sei Sjirk. En doe gong it op in draf dêr wei.
nl.verhalenbank.31917
Yn 'e Hamsterheide gebeurde it, dat in heit en in soan oan it braekjen wienen. Doe kom dêr in kat by har, dy wie wol twa kear sa dik as in gewoanenien. De heit krige in stok en sloech it beest sa bot, dat it bleau foar dea lizzen. De frou rôp de beide manlju yn 'e hûs om to kofjedrinken. Doe't se in setsje letter wer yn it braekhok kommen, wie de kat...
nl.verhalenbank.21251
As ien tige sterk is, wurdt der wol sein: dû koest wol in soan fan Sterke Hearke wêze.
nl.verhalenbank.24077
Yn Kollumersweach wenne Harm v.d. Berg. Dy hie in sike jonge, dy't bitsjoend wie. Op in kear kom der in fremde swarte kat by harren op it hiem. Harm skeat op dy kat en rekke him. De oare deis wie Liuwe Ael, in âld tsjoenster, dy't oan 't Wyldpaed wenne, kreupel.
nl.verhalenbank.24061
Us heit wie stuolwynder, dy swalke alles ôf om stuollen to reaparearen. Hy die alles to foet. Sa kaem er ek ris in kear yn Kollumersweach by ien, dy hie in soan dy't syn forstân net hie. Dy man makke in praetsje mei ús heit. Hy hiet fan Kees Veenstra, mar de minsken neamden him Bontsje Keke. Hy sei tsjin heit: "Ik ha hwat meimakke fannacht. Der waerd...
nl.verhalenbank.38460
Op it tsjerkhôf to Boelensloane hâldden altyd gâns wylde kninen ta. Myn heit gong dêr faek hinne to kninefangen. Dat die er dan mei strikken. Myn broer Miente naem er faek mei. Dat wie doe in lytse jonge. 't Wie op in winterjoun by ljochtmoanne waer. Der lei snie. Heit en Miente wienen op 't tsjerkhôf. Doe kom krekt Germ Tuinstra (Germ Smous waerd er...
nl.verhalenbank.37784
't Wie op in joun. Heit siet to krantsjen en lytse Jan hie in boekje foar him en siet dêr hwat yn om to blêdzjen. Doe kom er in wurd tsjin, dat forstie er net. "Heit," sei er, "hwat is 'in kammeraet'?" "In kammeraet," sei heit, "dat is ien dêrst' goed mei oer de wei kinste. Dû en ík binne kammeraden. Mar mast my net mear lestich falle, ik wol lêze." Even...
nl.verhalenbank.33737
Achter it tsjerkhôf yn Heech, dat rounom de Herv. tsjerke leit, wennen trije frouljue. De mem wie thús; de heit wie skipper op ien fan de ielaken. De Hegemer ielaken hienen “previlegie” op Londen. Der wie altyd in lizplak foar de aken oan de kade biskikber, mar der moast ek altyd in aek lizze. Yn de oarloch is dit foarrjocht forlern rekke. De heit rekke...
nl.verhalenbank.50521
Ik roan fan Strobos nei Dokkum ta, dêr't myn âlden wennen. Heit wie tige min. Underweis wienen der hyltyd kaën boppe myn holle. Dan wienen se wer achter my, dan fleagen se wer oer my hinne. As se dan foar my wienen, kearden se har om en seinen: "Kaah-kaah- " Dan sei ik: "Te laat - " Doe kom der ien njonken my to rinnen. Dy frege: "Hwat bitsjut dit?" Ik...
nl.verhalenbank.21290
Der wienen twa reuzen, in heit en in soan. Dy groeven de Rijn. Hja seinen neat, hwant de heit sei: As men praet kin men net arbeidzje. Hja wienen al in lyts eintsje oer de Nederlânske Grins foarby Lobith, op nei Pannerden. Doe bigoun de soan to praten. "Heit - " sei er. Doe sei de heit tsjin syn soan: "Astû net in pear hûndert jier dyn mûle hâlde kinst,...
nl.verhalenbank.30174
De menschen en de zee In Namen daar weunde -n 'nen boer in die aai op zien 'of 'nen stêênput. Zijnen jongen mocht 's water gaan putten, in ij'aalden mee den aker 'nen levenden jèrik 1) boven. IJ verschrokt-er van in ij gong et aan zijn vader vertellen. Die kwam ôôk 's kijken, in ij proefde-n 's van 't water, in 't was êêlegans zout. Den boer vertelden 't...
nl.verhalenbank.39186
Wy wienen us mei 't skip to Feanhuzen. Dêr soenen wy turf weihelje. Doe siet dêr in slangenêst ûnder in ring turven. Heit stiek in grouwe slange dea. Dy hie in giel kroantsje op 'e kop. Doe seinen se tsjin my: "Dû mast dêr wei!" Fan alle kanten kamen de slangen opsetten. Ik bin hurd útnaeid, mar heit noch folle hurder. Allegearre naeiden wy út, hwant it...
nl.verhalenbank.21044
Ik kaem to wenjen by de Slingerwei ûnder Drachten. Njonken ús wennen in man en in frou en twa bern. Ik wie widner. Myn frou hie earder troud west en dy har jonge haw ik greatbrocht. Wy slepten yn 't selde bêdsté. Op in kear leinen wy op bêd, doe stompte de jonge my oan. "Hwat is der?" sei 'k. "Der stiet in frommes oer 't hûs", sei er. It wie in...
nl.verhalenbank.24114
In fornimstich man In man, in kunstner, dief en skoaijer. Doe ‘t ik in skoaljonge wier fen sa ‘n jier of njoggen tsien, gyng myn heit, dy yn ‘t deistich libben winterdei slachte, maertiids bargekeapman en skieppeknipper en simmerdei mier wier, wol folle to meanen mei in man, dy ‘t ek forskate ambachten ûnder de tomme hie. Wy hiene as bern in tsjinsin yn...
nl.verhalenbank.50508
Germ Smous (= Tuinstra) en syn jonge Mindert kamen us fan 'e klaei ôf. Doe't se oan 't Knjillisdjip ta wienen, rêstten se even. 't Wie dauwich waer. "Heit, dêr komt hwat oan", sei Mindert. "Hwerdat jonge?" "Dêr, sjoch mar." "Sweeft it, of giet it?" "It sweeft." "Set dan sok." En der roannen se hinne sa hurd as siet de duvel har achternei. (dit verhaaltje...
nl.verhalenbank.17680
Imke en Durk fan Imke Durk fan Imke de Jong, sa'nen ha'k fan myn libben noch noait sjoen. Dan koe syn heit noch neat. Ik wie sa'n jonge, doe stie er op Feanster merke (Surhústerfean). Hy hie sân ringen, dy wienen wol sa dik as myn finger. Hiele moaie, rûne ringen en dy wienen ál sa glêd as sulver. Hy hie se allegear yninoarren en hy toande se sa. Doe sei...
nl.verhalenbank.13025
35