Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
9 datasets found
Dutch Keywords: uur Place of Narration: Drachten
To Hurdegaryp wie in hekke, dy gong altyd krekt om 12 ûre yn 'e nacht iepen. Guon minsken ha der wol om tocht.
nl.verhalenbank.37914
Achter Surhuzum is in greate poel. Dy is midden yn 't lân, dêr't Piter van Bruggen ^ wenne hat. In famyljelid fan ús hat dêr us op in joun om healwei alven by helder ljochtmoannewaer in stim út 'e poel heard. Der waerd sein: "De tijd is der wel, maar de man is der niet." Twa jier letter is dêr in man fordronken. It wie Piterom syn kammeraed. Hy weage him...
nl.verhalenbank.17740
Yn 'e Surhústermieden by de feart wie in plak, dêr gong it nachts faek op in timmerjen. Njoggen ûre jouns dan bigong it. Altyd klunderen se dêr nachts om. Mar der wie dêrom neat as men der hinne gong. "Hjir komt fêst in hûs", seinen wy tsjin elkoar. It hat noch jierren duorre, doe is dêr in nij spultsje delset woarn, flak by de brêge.
nl.verhalenbank.17750
Yn 'e Boelensloane wienen nochal hwat lju dy't froeger in hounekarre hienen, mei twa hounen der foar. Dat wie ek it gefal mei Jan Taekema en in sikere Van der Heide. Dy beiden handelen yn lytsfé, lyk as kninen en hinnen ensa. Se kochten yn Ljouwert ek wolris in karfol skieppekoppen, dy sutelen se dan yn 'e heide wer út foar in dûbeltsje it stik. Dy...
nl.verhalenbank.37913
Tusken tolven en ienen is 't yn 'e nacht nergens feilich. Ik haw in man kend yn 'e Houtigehage, as dy even nei tolven út 'e kroech kom, gong er dêr sitten oan 'e kant en hy gong net earder de wei út as it moest earst ien ûre wêze.
nl.verhalenbank.27525
To Surhuzum is in âlde sânreed mei in fytspaedtsje der njonken: de Rysloane. Dat paed giet nei de Stroboskerfeart ta. Sahwat in heale kilometer fan Surhuzum ôf roan op dy sânreed midden yn 'e nacht altyd in dikke swarte houn. Dy spoeke dêr om. Ûnderskate minsken ha him dêr sjoen. De lju wienen bang foar dy houn en stapten ôf as er op it fytspaed wie....
nl.verhalenbank.17752
Ik wie noch net troud, wy wennen op 'e Boelensloane. It waeide dat it stoarme. It wie yn 'e neinacht. In suster fan my hie mei har man by ús west to praten. Myn faem wie ek by ús. Myn suster en 'e man wennen yn Surhústerfean, dêr moesten se dy nachts wer hinne. Ik en myn faem soenen har in ein bringe. It waeide dat it rikke, it stoarme bytiden, en soms...
nl.verhalenbank.37922
Mem sei ek altyd: Jo matte noait gjin rare gesichten lûke. Hwant as de klok tolve let wylst as jo dat dogge, dan bliuwt it gesicht sa stean.
nl.verhalenbank.33375
Imke koe minsken samar stil stean litte. Hy koe se ek samar útklaeije litte. Se koenen him net sa bot opslute of hy koe der út komme. Doe't er ûnder tsjinst wie woarde er fuortjage. Sy koenen dêr neat mei him wurde. Hy krige oarder, dat hy moest om tolve ûre de stêd forlitte. De wacht moest melde as hy der wie. Doe gebeurde it eigenaerdige dat Imke der op...
nl.verhalenbank.25589
35