Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 datasets found
Dutch Keywords: uitkomen Place of Narration: Mûnein
Yn Trynwâlden wenne in man dy liet âlde roeken ta de hurddobbe útkomme. Hy lies dêrby yn in toverboek. As er itselde weromlies gongen de roeken wer ta de hurddobbe yn.
nl.verhalenbank.30173
Dêr't wy froeger yn 'e Sumarreheide wenne ha wie de feart. Dy hâldde dêr mei in bocht op. Letter ha se dy feart trochgroeven en rjochtút makke. Doe kaem de bocht der út. Hanne en Aef wennen in eintsje fierder as wy. Doe wie dy feart dêr noch net. Op in joun kaem Hanne by ús to praten. Doe sei er: "Der gebeurt aenst ek wer hwat. Dêr sil wol in feart komme....
nl.verhalenbank.30305
Jochums Antsje wie mei de helm geboaren. 't Wie in hiel âld minske. Hja wie widdou en wenne yn 'e Sumarreheide. Dy sei: "'k Ha der fannacht ek wer ôf west. Se ha my kloppe." Hja wenne oan in dwarsreedtsje. Hja seach bigraffenissen de reed lâns gean. Ek fan har buorfrou Martsje. Dan sei se: "Der giet aenst wer ien dea." 't Kaem altyd út.
nl.verhalenbank.30307
Myn frou wist de dingen ek altyd foarút. It is wolris in pear kear gebeurd, dat ik op in snein tsjin har sei: "Sille wy der hjoed ris op út?" dat hja dan sei: "Né, wy kinne hjoed net fan hûs, hwant Simen (de soan) komt." Dat kaem altyd út.
nl.verhalenbank.30306
Hjir yn 'e Mouneein wennet in jonge, dy is nou sa'n 20 jier âld. Dy jonge sjocht soms de dea fan 'e minsken foarút. Men seit wol, sa'n ien is mei de helm geboaren. Hy hie in broerke, dat wie in mongoaltsje. Dat jonkje wie twa jier âld, doe sei dy jonge tsjin syn mem doe't dat bern jierdei wie: "Mem, dit is syn lêste jierdei." It kloppe presys. Datselde...
nl.verhalenbank.32285
Hjir yn 'e Mouneein wenne in man dy hat hiel lang sukkele. It bleau altyd op ien hichte. Doe sei dy jonge ris op in kear: "Dy man stjert." Ien of twa dagen letter is der stoarn. De jonge hie 't fan to foaren sjoen. Hy wie der sels alhiel ûnderstoboppe fan.
nl.verhalenbank.32286
Der wie in faem, dy moest in bern ha fan Swarte Jehannes. Doe't er dat hearde, sei er: "As 't wier is, krij ik noait in soune ûre wer." Doe hat er ek noait wer in soune ûre hawn, hwant it bern wìe fan him. Jehannes wenne op 'e Broek. Hy wie altyd klaeid yn in greate dikke oerjas, al wie 't ek nòch sa hyt. Hy wenne op 't lêst as in hearremyt yn in hutte....
nl.verhalenbank.30036
Wibe v.d. Veen wurke froeger faek as reidsnijer op 't Bûtenfjild. Hy fiske dêr ek wol. Dat wie krekt foar de krisistiid, de tritiger jierren. Hy hearde doe dat dêr lawaei wie fan bussen en masinen. Hy tocht: Hjir komt skielk in molkfabryk. Sokke lûden wienen it krekt. Mar dat is der net kaem. Wol waerd ridlik gau dêrnei it Bûtefjild ûntgonnen. En doe...
nl.verhalenbank.30033
35