Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
10 datasets found
Dutch Keywords: uitkomen Place of Narration: Harkema
Harm Schievink hat ris foarsein, Harkema soe nochris in stêd wurde, mar hy soe 't net mear bileve. 't Is wol fyftich jier lyn dat er dat sein hat. Hy ried mei de hounekarre. It bigjint der al op to lykjen. Harkema is 't greatste plak fan 'e gemeente.
nl.verhalenbank.28588
Alde Dúfke, hjir fan 'e Harkema, dat wie ús buorminske. Dy koe kopkewippe. Op in kear doe wie ik dêr. Ik hie dêr in kopke kofje opdronken, doe seach se yn 't kofjedik. Ik moest bifalle, mar dat wist ik doe sels noch net. Dúfke sei: "Meitsje dy mar net al to bliid, ik siz dy net hwat it wurdt." Doe krige ik yn 'e gaten, hwer't se op doelde. Ik sei: "Nou...
nl.verhalenbank.21397
Der wie in widner mei lytse bern. Dy widner hie altiten lêst fan nachtmerjes. Hy krige hast noait in wink yn 'e egen en seach tsjin 'e nachten oan. Doe klage er syn leed by in buorman. Dy wist hast altyd wol ried. Doe't dy him heard hie, sei er: "Hastû ek moal yn 'e hûs?" Ja, dat wie der wol. "Set dat dan op 'e tafel en jow dy dan joun mar rêstich del. Ik...
nl.verhalenbank.15783
Wibe Alma ^ fan 'e Harkema wie mei de helm geboaren. Dy moest alles sjen. As der hwat wie woarde hy der yn 'e nacht útkloppe. Dan mòest er datselde sjen. Hwat er dan seach fortelde er letter. Dan sei er, dy en dy giet èk dea. Dat kom altyd út.
nl.verhalenbank.28602
Hindrik Schievink wenne hjir yn 'e Harkema. 't Wie al in âld man. Syn dochter wenne yn Brabân. As syn dochter wer in lytsen forwachte, kom der in fûgel by him by de doar. Dan sei Hindrik: "Ik wurd èk wer pake." En it kom altyd nei.
nl.verhalenbank.28593
Sibe-om, dat wie in âld-omke fan my. Hy en syn earste frou hienen togearre in bern. Dat wie har earste bern. Dat bern gûlde nachts altyd. Dat klonk sa eangstich, dat sy makken har ûngerust. Doe gong Sibe-om nei Rottefalle ta, dêr wenne Frânse Hinke, dat wie in duvelbanster. Dat minske joech him in fleske mei drank mei. Sy sei: "Dêr matte jo tige...
nl.verhalenbank.22294
Op 'e Bulten wie in bern bitsjoend. De heit gong nei de duvelbander greate Wopke ta. Wopke joech in drankje mei. Hy sei: "De earste dyst moarnmoarne tsjinkomste sil dy freegje: - Hwer hast hinne west? - dy hat it bern bitsjoend." It wie Alle Tet (de frou fan Alle Wagenaar, dy't him de oare moarns it earst dêr nei frege).
nl.verhalenbank.22220
Skoanmem wenne hjir yn 'e Harkema yn in húske dat tichte by de brêge stie. "Sy timmerje hjir sa om," sei se, "ik hear se alle nachten hast timmerjen. Hjir mat in nij hûs komme to stean, tichte by uzes." In skoftsje letter woarden dêr twa nije huzen delset. It iene wie foar ús, it oare foar ús soan. Dêr hie skoanmem al fan tofoaren it timmerjen fan heard.
nl.verhalenbank.32634
Yn it poeltsje op 'e Dunen soe ien - in famke - forsûpe mei read hier. Der wie ien dy hie dat sjoen. Mar 't is noch net gebeurd.
nl.verhalenbank.24337
Heit syn heit mat as jonkje bitsjoend west ha. 't Bern seach der raer út. Doe gong syn heit nei Kûkherne ta, nei de duvelbander. Wopke sei: "Ja, jonge, dû bist krekt op 'e tiid. Even letter, en dan hie 't jonkje wei west." "Hwat mankeart it bern dan?" frege Pake. "Dat siz ik net," antwurde Wopke, "mar ik sil dy in drank klear meitsje. Mar dû mast oppasse....
nl.verhalenbank.22190
35