Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
14 datasets found
Dutch Keywords: uitkomen Place of Narration: Drachten
Hinke Kaert wenne to Nijebrêge. It wie in bitûfte kaertlizter. Us Hindrik-om hat us nei har ta west. Hy woe de kaert lein ha. Hja sei tsjin him: "Dû matst aenst oer in planke, dêr komt dy ien yn 'e mjitte, dy sil dy om hwat freegje, datstû yn 'e bûse hast. Hindrik-om gnyske. Hy leaude der neat fan. Hy hie forkearing hawn mei in fanke, dat wie útrekke. Hy...
nl.verhalenbank.19734
Ik hie fochten. 'k Hie ien in wân op 'e hûd jown. Doe krige ik in jier gefangenisstraf. 'k Sei: "'k Wol us nei Hinke Kaert ta. Dy wenne op Nijebrêge." Doe't ik der oan ta wie, kom der krekt in âld-mantsje wei. 't Wie in skipper. Hy lei dêr mei 't skip. "Sy hat my wiis makke, ik krige in nij skip, yn 't koart", sei er. "Hwat tinkt jo dêrfan?" Ik sei neat....
nl.verhalenbank.25445
Myn wiif wie swier fan in bern. Doe kom de buorfrou by har en sei: "Hark us, ik haw in lykstaesje sjoen, dêr wienen hast gjin froulju by, wòl manlju." Myn wiif hie fuort yn 'e gaten dat dit fan it bern wêze soe, dat se krije soe, mar sy woarde der net oars fan. Sy sei rêstich: "As God it bileavet fan net, dan gebeurt it net." It bern gong dea. De buorfrou...
nl.verhalenbank.22935
Yn 'e Popke-poel yn 'e Boelensloane moest ien fordrinke, wie 't sizzen altyd. Der wie ien dy hie dat fan tofoaren sjoen. Der kaem letter ien yn mei iis, mar dy is der levend wer útkom.
nl.verhalenbank.37915
Oan 'e Surhústerfeansterfeart stie op it plak dêr't er útkomt op 'e hurde wei (dêr't de hurde wei bigjint) in kroechje. Ik hie in omke, dat wie Auke Schievink. Dat wie in hiele raren-ien. Op in kear kom er út it kroechje wei. Doe hied er nei de merk ta west. Hy wie oansketten en sei 't raer op. Doe wied er samar yn 'e feart slingere woarn. Troch de...
nl.verhalenbank.37917
Ek is der in dobbe yn 'e Boelensloane. Dêr soe in famke yn fordrinke. Dat hienen se ek fan tofoaren sjoen. Dat is ek neikom.
nl.verhalenbank.37916
Boardzer Bruining fan 'e Boelensloane soe us in kear nei Noord-Jerneel (de tsjerke). Dêr soenen lichtbeelden fortoand wurde. Syn skoanâlden wienen by him. Doe't se sahwat oan 't kafé fan Bouke Pultrum ta wienen, doe sei er: "Jimme matte oan 'e kant en even wachtsje." Sy gongen oan kant en bleauwen stean. "Ha jo hwat sjoen?" fregen se. "Ja," sei er, "der...
nl.verhalenbank.22933
Lytse Kjille wie kaertlizter. Sy hat yn Drachten wenne yn 'e Hounestege en op 'e Bopperein. Letter wenne se op 'e Gerdyk. Hwat Kjille sei kom wol aerdich nei. Twa maten gongen us nei har ta. Dat wienen Waetse de Jong en Hindrik de Jong. Hja sei tsjin Hindrik: "Jo wurde noait hwat yn 'e wereld." Dat is ek útkom, hy hat it noait fierder as arbeider brocht....
nl.verhalenbank.24826
Ik haw ek by in frommes yn Grins west. Dat wie in sikere W. Kortstra. Sy wenne yn 'e Meeuwerderstraat. Us hûs op 'e Dwarsfeart wie krekt ôfbrând. Myn soan hie nei de faem west mei de auto. De nachts nei de brân woarde myn soan om ien ûre oanhâlden troch de plysjes. De oare deis gong ik nei de kaertlizter ta, hwant ik woe wite hoe't it komme soe. Ik liet...
nl.verhalenbank.22878
Ien fan myn soannen hat in healjier lyn nei har ta west. "Gehuwd?" frege se. "Ja", sei er. "'k Sjoch ien bern," sei se, "mar 't is krekt as ha jo mear hawn. Sitte der elders ek bern?" Hy sei: "Ja, yn Ljouwert. Ik ha earder troud west." "Binne dy bern by de mem?" "Ja", sei er. "Binnen trije wiken kinne jo út jou ramen brân sjen, tichte by jo." Binnen trije...
nl.verhalenbank.22879
Ik wie mei Bareld de Meer nei Snits ta to monsterjen. Mei de strikel yn 'e binnenbûse, om to ûngetiidzjen. Mar wy krigen beide gjin wurk. Bareld sei: "Sille wy even nei Lytse Kjille ta op 'e Gerdyk? Dat wie in wiersizter. Wy der hinne. Kjille sei tsjin my: "Binne jo troud?" "Ja", sei 'k. "Krij dan mar safolle kaerten", sei se. Hja hie de kaerten út it...
nl.verhalenbank.22875
Ik ha der ek us west mei Anne Pultrum. Doe sei se: "De iene fan jim sil noch fiif bern ha en de oare sil noch ien bern ha." Doe't ik it thús fortelde, sei myn wiif: "Ik hoopje net dat ik dy fan fiif bin". (Hwant wy hienen al seis.) Anne Pultrum hie mar twa. Mar 't kom wol sa út: Anne krige letter noch ien en wy noch fiif.
nl.verhalenbank.22877
Atsjemuoi en Trynmuoi wienen susters. Atsjemuoi wie troud mei Andersom en Trynmuoi hie forkearing mei Wibe de boer. Hja wie yn forwachting fan Wibe. Op in nacht wienen Anders-om en Tryn har oansteande togearre to mollefangen. Doe slepte Trynmuoi by Atsjemuoi op 'e Boelensloane. Hja slepten yn 't selde bêd. Doe droomde Trynmuoi, Manus Steensma, de...
nl.verhalenbank.30888
Thomas Clare wie kaertlizter. Ik en noch in faem hawwe us in kear by har west. Dy faem hie al in pear bern oerwoun. Hiltsje Veenstra hiet se. Clare skodde de kaerten en sy naem der ien út en sei: "Dit achtsje ik net, dat forwachtsje ik net. Mar famke, dû leist mei dyn njoggen maendtsjes yn 'e skoat." Hiltsje sei: "Och stumper, dat komt my net oer, dan...
nl.verhalenbank.24687
35