29 datasets found
Dutch Keywords: uitkomen waarzeggerij
By 't spoar wenne âlde Clare. Dy koe kaertlizze. Ik haw ris op in snein-to-joun mei myn broer en noch ien nei har ta west. Hja tyspele hwat yn 'e kaerten om, doe bigoun se tsjin myn broer to praten. Hja sei, hja seach de skoarstien by him rikjen. "Dû bist in man, dû kinst dy wol rêdde", sei se tsjin him. Dat is útkaem. Hy is ridlik gau dêrnei troud - doe...
nl.verhalenbank.29551
Der wenne yn Feanwâldsterwâl in faem dy woe graech trouwe. Doe gong se nei in swarte spegel ta en seach dêr yn. Doe krige se in deakiste to sjen. 't Wie har eigen deakiste. Koarte tiid dêrnei is se stoarn.
nl.verhalenbank.31053
Ik hie fochten. 'k Hie ien in wân op 'e hûd jown. Doe krige ik in jier gefangenisstraf. 'k Sei: "'k Wol us nei Hinke Kaert ta. Dy wenne op Nijebrêge." Doe't ik der oan ta wie, kom der krekt in âld-mantsje wei. 't Wie in skipper. Hy lei dêr mei 't skip. "Sy hat my wiis makke, ik krige in nij skip, yn 't koart", sei er. "Hwat tinkt jo dêrfan?" Ik sei neat....
nl.verhalenbank.25445
Op in kear gong heit nei Ljouwerter merke ta. Dêr stie in tinte, dêr wie in swarte spegel yn. Heit gong der foar stean om syn takomstige frou to sjen. Heit wie doe noch feint. Doe kaem der in frou foar mei tolve bern. Even letter wie der wèr in frou mei in keppel bern foar. Heit soe dus twakear trouwe en dat is èk gebeurd. Heit krige by syn earste frou...
nl.verhalenbank.22114
Us mem fortelde, in jongfaem fan Surhústerfean gong ris nei Ljouwert ta nei in wiersizter. Hja woe graech de takomst witte. Mar dy wiersizter woe it earst net sizze. De faem hâldde oan, hja woe it witte. Doe sei de wiersizter op it lêst, hja hie de bigraffenis fan dy faem sjoen. In pear wiken letter wie dy faem dea.
nl.verhalenbank.31026
Lytse Kjille wie kaertlizter. Sy hat yn Drachten wenne yn 'e Hounestege en op 'e Bopperein. Letter wenne se op 'e Gerdyk. Hwat Kjille sei kom wol aerdich nei. Twa maten gongen us nei har ta. Dat wienen Waetse de Jong en Hindrik de Jong. Hja sei tsjin Hindrik: "Jo wurde noait hwat yn 'e wereld." Dat is ek útkom, hy hat it noait fierder as arbeider brocht....
nl.verhalenbank.24826
Jurjen en Melle har heit wie overleden. De widdou bleau mei de beide jonges sitten, dat wienen doe noch mar fan dy baeskes. Doe sei greate Sjoerd op in kear tsjin har: "De earste man dystû hjoed tomjitte komste, dat wurdt dyn twade man." En dat kaem ek sa. Har twade man dat wie Abraham van der Leest, in broer fan har earste man.
nl.verhalenbank.31810
Ik haw ek by in frommes yn Grins west. Dat wie in sikere W. Kortstra. Sy wenne yn 'e Meeuwerderstraat. Us hûs op 'e Dwarsfeart wie krekt ôfbrând. Myn soan hie nei de faem west mei de auto. De nachts nei de brân woarde myn soan om ien ûre oanhâlden troch de plysjes. De oare deis gong ik nei de kaertlizter ta, hwant ik woe wite hoe't it komme soe. Ik liet...
nl.verhalenbank.22878
Ien fan myn soannen hat in healjier lyn nei har ta west. "Gehuwd?" frege se. "Ja", sei er. "'k Sjoch ien bern," sei se, "mar 't is krekt as ha jo mear hawn. Sitte der elders ek bern?" Hy sei: "Ja, yn Ljouwert. Ik ha earder troud west." "Binne dy bern by de mem?" "Ja", sei er. "Binnen trije wiken kinne jo út jou ramen brân sjen, tichte by jo." Binnen trije...
nl.verhalenbank.22879
Antsje Snipel koe kaertlizze. Sy koe èk tsjoene, seinen se. It kaertlizzen kostte in kwartsje. Mar har suster Tryn Snipel koe 't better. Dêr gong ik us in kear mei myn neef hinne. Ik wie doe sawntsjin jier. Ik frege har: "Ha jo ek hwat ûnder 'e koark, Tryntsje?" "Né, nou net", sei se. Hja forkochten dêr wol drank. "Wolle jo ús de kaert lizze?" "Jawol,"...
nl.verhalenbank.25482
Ik wie mei Bareld de Meer nei Snits ta to monsterjen. Mei de strikel yn 'e binnenbûse, om to ûngetiidzjen. Mar wy krigen beide gjin wurk. Bareld sei: "Sille wy even nei Lytse Kjille ta op 'e Gerdyk? Dat wie in wiersizter. Wy der hinne. Kjille sei tsjin my: "Binne jo troud?" "Ja", sei 'k. "Krij dan mar safolle kaerten", sei se. Hja hie de kaerten út it...
nl.verhalenbank.22875
Ik ha der ek us west mei Anne Pultrum. Doe sei se: "De iene fan jim sil noch fiif bern ha en de oare sil noch ien bern ha." Doe't ik it thús fortelde, sei myn wiif: "Ik hoopje net dat ik dy fan fiif bin". (Hwant wy hienen al seis.) Anne Pultrum hie mar twa. Mar 't kom wol sa út: Anne krige letter noch ien en wy noch fiif.
nl.verhalenbank.22877
Ik kom wol us by Hinke Kaert. Dêr mocht ik graech hinne gean. Hwat dy sei dat kom sekuer nei. Jy koenen ek oer óáre minsken hwat to witen komme by Hinke. Hwa't jy mar neamden, dêr fortelde se hwat fan. Hja hie tichte by har in snúfdoaske stean, dat brûkte se sa nou en dan. Myn skoanheit wie widner. Myn skoansuster wenne by him. Ik woe hwat fan 'e takomst...
nl.verhalenbank.25088
Der wie in frou yn 'e Westerein, dy seach èk yn sa'n swarte spegel. Doe waerd se o sa kjel, hwant sy krige in deakiste to sjen. Doe seinen se tsjin har: "Jo hoege jo net bang to meitsjen, hwant dat hindert neat. Jo trouwe skielk mei jou swager. Mar dy frou mat earst stjerre. Dêr sjogge jo de deakiste fan." It is krekt sa útkaem.
nl.verhalenbank.30094
Thomas Clare wenne yn 'e Westerein oan 'e Swâdde. Myn beide susters ha dêr ris hinne west, hwant Clare koe wiersizze. Fan myn iene suster sei se, dy soe trouwe mei in swarte man en sy soe oan 't wetter komme to wenjen. 't Is neikom: har man wie roetswart en sy kommen yn Gerkeskleaster to wenjen oan 'e feart. Der wie ek noch in nichtsje by. Dy har âlden...
nl.verhalenbank.32678
Us mem har heit seach us in kear yn 'e swarte spegel. Dat wie mei Ljouwerter merke. Doe seach er dêr yn in wyfke, mei 't iene eech heal ticht. Pake sei: "Dy wol 'k noait fan myn leven ha." Mar de man fan 'e tinte sei: "Unthâld it mar. Dit wurdt jou frou." Pake krige gedoente mei har. En hy hat har krigen. 't Hie him noait hindere, sei er, doe't er har...
nl.verhalenbank.22133
Akke Kaert wenne yn Ljouwert (onjuist). Hja wie kaertlizter. Op in kear kom der in faem út 'e Harkema by har. Dy woe wite, hoefolle bern as se krije soe. Akke Kaert rekkene en rekkene. Sy hâldde even op, doe sei se: "Och heden, der binne twa." 't Is sekuer útkom. (Sjoerd Kooistra hat sels 2 bern. Wie 't syn wiif?)
nl.verhalenbank.22330
Yn 'e Westerein wenne Rixt Dykstra. Dat wie in kopkekykster. Dêr reizgen faek guon hinne om de takomst to witen to kommen. Myn wiif hat us mei har kammeraetske nei Thomas Klare west. Dat wie in kaertlizter. Dy wenne doe noch yn 'e Houtigehage. Klare forspelde de krekte tiid dat har kammeraetske trouwe soe. Hja soe swier foar de burgemeester komme, sei...
nl.verhalenbank.20525
In swarte spegel hienen jy froeger op 'e merken. Dêr koe men de takomst yn sjen. Ik hearde sizzen fan in man - dat wie Knjillis, ik haw him tige skoan kend - dy gong ek nei de swarte spegel ta. "Ik wol wite hwatfoar wiif ik krij", sei er. Doe't er dan yn 'e spegel seach, seach er in frommes. En dat wie werkelik Marij, dêr't er letter mei troud is. It wie...
nl.verhalenbank.30093
Hjir hat in bakker wenne yn Bûtenpost, dat wie in Elema. Dy ha ris in kear foar de swarte spegel stien, doe wienen se noch net troud. Der woarde har meidield, se soenen yn in hoekhûs komme to wenjen en sy soenen in winkel ha en sy soenen net gelokkich wurde. 't Is krektsa útkom. Sy kommen yn in winkel. Dat wie in bakkerswinkel. En dat wie in hoekhûs. De...
nl.verhalenbank.22859
35