Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
9 results
Dutch Keywords: twee stelen
Sterke Hearke ried us yn 'e wein oer de Skilige Piip. Doe kommen der twa man by him, dat wienen rovers. "Oflizze", seinen se. Mar Hearke sei: "'k Sil mei jim ôfweve." Hy joech de iene mei in fjûrstien sa'n trewinkel tsjin 't wang, dat hy sei: "Dû bist murken." Dy ha se de oare deis oppakt, se koenen him samar. De oare rover wie gau útnaeid.
nl.verhalenbank.23618
Der wienen twa rovers. Dy woenen twa man oanfalle. Sy wisten dat dy jild by har hienen en dêr wie 't dy beiden om to rêdden. Se roannen de twa man tomjitte. Mar dy krigen dêr lucht fan. Se hienen gjin wapens by har en sy tochten: wy matte ús ergens forskûlje, oars gean wy der oan. Doe lei dêr in omkearde boat oan 'e kant fan 'e wei yn 'e berm. Dêr krûpten...
nl.verhalenbank.33516
Alde Tsjerk Wetterrôt en Atse Griper wienen rovers. Sy wennen yn Feansterheide oan 'e Trije Roede. Nachts gongen se der stil op út. Dan stielen se in hynder út it lân. Dêr gongen se op sitten en sa gongen se op roof út. Se stielen in skiep, om mar hwat to neamen, en dat nommen se mei op 't hynder. As se omtrint thús wienen, jagen se 't hynder wer fuort.
nl.verhalenbank.28248
Myn oerbeppe kom ris op in kear fan 't Wytfean. Sy moest rinnende nei Eastemar ta en 't woarde al skimerich. Hja gong in sanpaedtsje del, by de diken lâns. Hja hie in smel-gouden earizer op. Doe seach se twa man oankommen. 't Wie doe in rare tiid, der woarde rounom roofd en stellen. It wie krekt, as woarde 't har ynjown dat dat twa rovers wienen. Mar sy...
nl.verhalenbank.28388
Hearke wie ek stille plysjes, Hy moest ris op in kear jild bringe fan Bûtenpost nei Ljouwert ta. Doe't er yn 'e buert fan Burgumerheide wie, kommen der twa manlju ta de wâl út. 't Wienen rovers. Sy seinen: "Je geld of je leven." "Dat kin wol", sei Hearke, en hy naem de ponge mei jild fan 't skouder en sette him op 'e groun del. Doe't de iene him bûgde om...
nl.verhalenbank.27501
Der wienen in man en frou, dy wennen op 'e rûmte. In suster fan 'e frou wenne by harren yn. De man forstoar. Doe forkochten de beide susters alles en gongen nei 't doarp ta to wenjen. Op in nacht wie 't hiel min waer. It wearljochte en tongere oan ien tried wei. Doe hearden se bûten flak foar 't hûs in houn. Dat beest blafte en jankte sa, dat de beide...
nl.verhalenbank.19303
De Boppewei rint fan 'e Westerein nei de wei fan Feanwâlden nei de Falom. Der roan us op in joun in hear, dy hie sinten ophelle. Doe kommen op 'e Boppewei ûnforwacht twa man by him. Dy sprieken him oan. "Jow ús dyn sinten," seinen se, "oars meitsje wy dy dea." "Ik sil se krije", sei de hear. "Litte jim my dan gean?" "Ja", seinen se. 't Wienen guon út 'e...
nl.verhalenbank.21594
Ik haw in swager yn Eastemar wenjen hawn, dy is letter nei Amerika ta gong. Dat wie Jan Klomp. Hy wenne oan 'e Langeastloane. Hy fortelde my us: In boer fan Eastemar moest us nei Ljouwert ta om jild op to heljen. Der wienen guon dy wisten dêrfan en dêr wienen twa man by, dy loerden op him. Dy roannen him de jouns tomjitte. Sy wienen oan Swarteweisein ta....
nl.verhalenbank.23686
Der wie in boer, dy hie mei in koe nei stêd west. Op 'e weromwei moest er in stik lân troch, dêr kommen trije wegen op út. It wie moai ljochtmoanne waer. Hy sloech de wei yn dy't nei it plak ta fierde dêr't hy wenne. Doe hearde er praten. Hy tocht him hwat binaud omt er it jild by him hie, dat er foar de koe bard hie. Oan 'e kant fan 'e wei lei in...
nl.verhalenbank.23449
9