Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 datasets found
Dutch Keywords: twee vogel
Der wienen twa boeren, dy kuijeren op 'e reed. Doe song dêr in fûgel. Doe sei de iene boer: "Dy fûgel sjongt foar my." "Né," sei de oare boer, "dy fûgel sjongt foar míj." Doe krigen dy beide boeren rúzje. Doe woarde it in pleitsaek. Foar hwa hie nou de fûgel song? Foar de advokaet.
nl.verhalenbank.23889
't Wie yn 'e winter. Twa man fan Aldeboarn kommen de jouns let út 'e kroech. Sy hienen in moai sûpke op. Der lei in lyts bytsje iis oer de âld Boarn. Dêr koe net in roek oer. In skoftsje letter roannen dy beide kjirrels oan 'e oare kant fan 'e Boarn. Hoe koe dat? Sy mienden sels dat [se] der oer hinne saeid wienen.
nl.verhalenbank.23817
Twa buorfroulju wienen hjir oan 't kreauwen. "As ik skielk stjer," sei de iene tsjin 'e oare, "dan kom ik as in fûgeltsje werom en dan biskyt ik dyn linnen."
nl.verhalenbank.25885
Ik en myn kammeraet wienen der us in kear togearre op út to murdejeijen. Alde Sije Baeije wenne yn Twizelerheide, dy hie dêr in winkeltsje. It paed gong by har oer 't hiem. Earder hie 'k dêr al ris allinne to murdejeijen west. Doe hie 'k allinne myn houn Turk by my. Ik kom út 'e heide wei. Doe siet dêr in murdtsje by 't minske op 'e strjitte. It wie net...
nl.verhalenbank.27935
As op it hiem de eksters skatteren, dan stoar twa of trije dagen letter dêr de man of de frou.
nl.verhalenbank.18196
Auke van der Sluis en Jasper Westra wienen togearre op in nacht to murdzjen. It wie hjir flakby, yn 'e Westerein. Sy rekken oan 't dollen. Sy woenen de murd útgrave. Der stienen twa hountsjes by, dy't se meinom hienen. Doe sei Jasper ynienen: "Hwat is dàt?" Auke seach en sei doe mei in lûd dat trille: "'t Is tiid." Hwant der hie ynienen in mynhearke by...
nl.verhalenbank.21465
Us jonges (myn bruorren) hienen us in pear fûgeltsjes yn in stove op 'e kachel, dan bleauwen de dierkes yn 'e waermte. Doe kom âlde Hindrik-om deryn. Hy sei: "As de fûgeltsjes great binne, dan mat ik der ien fan ha." Mar doe't er fuort gong wie, wienen de fûgeltsjes even letter dea. Hy hie de kweade hân. (bynamme: Hindrik Pyk)
nl.verhalenbank.23529
35