Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
11 datasets found
Dutch Keywords: twee trouwen
Ergens yn 'e Wâlden wenne in âld-feint. Dy wie arbeider by de boer. Hy wie mei de helm geboaren en moest alles sjen. De boer dêr't er by wenne, hie twa soannen. Ien dêrfan woardde great mei de faem. Dy faem moest fan him bifalle. Sy mienden 't elkoar wol, mar de boer woe syn tastimming net jaen. Doe gong de soan mei syn faem nei dy arbeider ta. Dy wenne...
nl.verhalenbank.19696
Yn Feankleaster wie us in brulloft. Tichteby wenne ien dy koe kaertlizze. Dy kom dêr de nachts om to kaertlizzen. Myn broer Eabe wie der ek. Dy wenne by de boer op Lytsewâld achter in feart. Dy kaertlizter sei, Eabe soe forkearing ha mei in hiel swart frommes. Hy moest om by har to kommen, twa kear oer 't selde wetter hinne. Eabe tocht der letter net wer...
nl.verhalenbank.19394
Op in kear gong heit nei Ljouwerter merke ta. Dêr stie in tinte, dêr wie in swarte spegel yn. Heit gong der foar stean om syn takomstige frou to sjen. Heit wie doe noch feint. Doe kaem der in frou foar mei tolve bern. Even letter wie der wèr in frou mei in keppel bern foar. Heit soe dus twakear trouwe en dat is èk gebeurd. Heit krige by syn earste frou...
nl.verhalenbank.22114
Pake hat twa kear troud west. Syn twade wiif gong ris in kear nei de merk ta. Doe wie se noch net troud en sy koe pake noch net. Doe kom se yn in tintsje, dêr siet in wiersizter yn. Dat wiif fortelde har, hja soe trouwe mei in lange greate, bleke man. Dat is krekt sa útkom. It minske lies it út beppe har hân.
nl.verhalenbank.37898
Mem en har kammeraedtske Aeltsje kommen fan 'e Grinzer klaei, dêr't se oan 't wurk west hienen. Doe gongen se yn Grins nei in kaertlizter ta. It minske sei tsjin mem: "Jo krije in feint, dy is nou yn tsjinst by de hynders. En hy hat brune egen." Dat kloppe as in bus. Tsjin Aeltsje sei se: "Jo sille in man ha, dy krijt letter in stive skonk." En dat kom ek...
nl.verhalenbank.19410
Twa arbeiders dy wennen by in boer. Dy hienen dêr al jierren wenne. Op in kear wie de boer nei stêd en doe bisluten se him to bistellen as er werom kom. Sy forburgen har ûnder 'e brêge en wachten him sa op. Hja hienen it moardark klear. Hja seagen him yn 'e fierte al oankommen. Mar doe't er tichter by har wie hied er oan elke kant ien rinnen. Doe doarsten...
nl.verhalenbank.21165
Ik haw in boer kend, dy wie troud. Mar syn frou stoar. Hy hie har foar har dea biloofd, hy soe net wer trouwe. Mar hy krige wer in frou. Mar as hy der mei syn twadde frou op út soe mei de tilbry en sy spanden it hynder yn, dan stie de earste frou al ré by de takkebult. Dy woe èk mei. Sy koe de rêst net krije omt hy him net oan syn bilofte hâlden hie.
nl.verhalenbank.22779
Antsje Snipel wie hjir froeger de kaertlizter. Dêr reizge hiel hwat jongfolk hinne. Ik wie to Ljouwert oan 't wurk. 'k Wie noch jong, sa'n tritich jier. Mei in stik of hwat maten gong ik op in joun dêr nei in kaertlizter ta. Hja frege of wy troud wienen. Hja krige my by de hân. "Jo krije in ûngelok", sei se. "Ha 'k al in pear kear hawn", sei 'k. "Dit...
nl.verhalenbank.22035
Hjir wennen froeger twa âlde bruorren. De iene wie troud, de oare net. Dy bruorren hienen in skip togearre. Deselde dy't troud wie koe net bêst mei syn wiif. It heakke altyd tusken harren. Doe jage de broer dy't net troud wie him by 't wiif wei en doe libbe hy der tonei mei. Syn broer dy't skulpefisker wie, lei bûtendyk. Doe kom der in hountsje by him oan...
nl.verhalenbank.27830
Der leefde in man, dy forlear syn wiif. Hja hie in hiele protte klean fan har sels yn 'e kast. De man troude wer en sei tsjin it twadde wiif: "Jo kinne dy klean wol drage." Doe seagen de bern har mem hyltyd wer kommen. Hja spoeke en roan nei de kast ta. Dat gebeurde wit hoe faek. Allinne de bern seagen it en sy fortelden it oan har heit. Mar dy woe 't net...
nl.verhalenbank.19663
Mijn gewone taktiek volgend, kwam ik nu meerdere verhaaltjes van anderen te weten als: Er stond een molen buiten de stad. Die molen was niet te bereiken dan over een stuk land dat bij hoog water blank stond. Op een goeden dag stond het land onder water. De molenaar was met zijn meisje naar de stad geweest. Bij het land wilde hij afscheid van haar nemen en...
nl.verhalenbank.8624
35