Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
10 datasets found
Dutch Keywords: twaalf Place of Narration: Harkema
Doe't Piter (Piter is har man) noch by my kom (tidens de forkearing) gong er op in kear even nei tolven by my wei. Syn âlden wennen yn in keetsje hjir net fier wei. Doe't er omtrint thús wie, tocht er: Der binne guon by ús op 't paedtsje. Mar hy koe se net ynhelje. Hy seach trije minsken en 't like him sa ta dat it syn heit en mem mei syn suster Iebel...
nl.verhalenbank.15876
It folgjende woardde my forteld to Tolbert, doe't ik dêr yn 'e ûngetiid wie. Der wie in roversbinde, dy bistie út seis man. Elkenien dy't de Swarte Wei achter Tolbert lâns roan, wie gefaerlik. Dy rovers bruiden sa'n ien ôf, of makken him dea, bihalve as er syn beurs oerjaen woe. As se tofoarskyn kommen, seinen se der in rymke by op: Wij gaan vanavond met...
nl.verhalenbank.16822
Botte Noordmans fan Surhústerfean gong us by 't tsjerkhôf lâns by nacht. Doe sei er: "Tussen twaalf en een is alles op de been." Doe gong er him in greate fûgel achternei. Hy roan sa hurd er koe nei hûs ta. De fûgel gong op 't hûs sitten. 't Hiele hûs skodde as wie 't in ierdbeving.
nl.verhalenbank.21254
Ik hie twa bruorren, ien fan tolve jier en ien fan sawn jier. Dy hienen beide setten. Dy setten kommen sa'n fjouwer kear yn 't jier. 't Woarde slimmeroan. Doe wie der ien dy joech de rie, de jonges moesten opdroege podden op 't boarst ha. Wy sochten doe podden en droegen dy op oan 'e gevel bûtendoar. Ik wyt noch wol dat Rinse se op 't boarst hawn hat.
nl.verhalenbank.21144
Bokke Noordman kom ris op in kear dronken thús. 't Wie yn 'e nacht nei tolven. Hy sei: "Tussen twaalven en enen is alles op de benen." Doe't er dat sein hie hie 't ynienen njonken him troch de beammen hinne sûze en dat wie sa bleaun oan syn hûs ta. Hy hie deabinaud west, hwant de kweade hie him dat lapt.
nl.verhalenbank.33418
De hekke fan dokter Bontekoe to Hurdegaryp giet klokslach tolve yn 'e nacht iepen. Der sit in dik slot op mei in dikke ketting, mar dat jowt neat. Guon ha der wol by wekke en dy ha it sels sjoen.
nl.verhalenbank.20697
Fokke Weening fortelde ek, hy kom us op in nacht om tolve ûre thús. Doe seach er syn heit mei in earmfol gers, dat er nei de koe brochte. (Se hienen mar ien koe) Hy seach it tige dúdlik, mar yn werklikheit wie 't sa net. Hwant syn heit lei op dat stuit op bêd to sliepen.
nl.verhalenbank.20692
Op it Fean wienen us tolve man meiïnoar oan 't dânsjen. Doe ynienen wie der in trettsjinde man by. Doe hâldden se fuort op.
nl.verhalenbank.21303
Der wie in boer, dy hie tolwe hinnen en in hoanne. Alle moarnen kom de arbeider by it hok om nei de dieren to sjen. Op in moarn gong hy der wer hinne. Mar doe seach er raer op, hwant der wie net in hin to sjen. Ek net in hoanne. Hy gong fuort nei de boer ta en fortelde hoe't de saek der foar stie. De boer woe't net leauwe en sei, hy moest mar us by de...
nl.verhalenbank.17465
Yn 'e Harkema wienen de minsken bang foar de tiid tusken tolve en ien ûre yn 'e nacht. Hwant sy seinen: Tussen twaalf en één is alles op de been. Dan gong it altyd op in spûkjen. Deselden dy't by de faem wienen, gongen, as se 't mar even skikke koenen, foar tolven of nei ienen wer op hûs ta. Piter (har man) hâldde him dêr ek altyd trou oan.
nl.verhalenbank.15890
35