Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
23 datasets found
Dutch Keywords: trappen dood
Trapet men in pod dea dan bigjint it to tongerjen. Dat woe ús mem net heal lije, dat wy dat dienen.
nl.verhalenbank.23916
In apel fan in tsjoenster foroare yn in pod. Iet men sa'n apel op dan krige men in pod yn 't liif en dan gong men dea, wie 't sizzen. Se seinen froeger: "Net op in pod of in slak traepje, hwant dan bigjint it to tongerjen."
nl.verhalenbank.27390
Der is in hynder yn 'Het witte paard' forbrând. Dat hat ôfgryslik skopt en trape. Alde Frytsen, de mem fan Willem Mulder, dy't mei de helm geboaren wie, hat dat skoppen fan tofoaren heard.
nl.verhalenbank.21875
As men in pod deatrapet, dan komt der tonger, waerd ús froeger sein.
nl.verhalenbank.30549
Froeger woarde ús forteld, as men in slak dea die, dan bigoun it to tongerjen. As in houn spûkgûlde gong der ien dea. As in ekster op in pealtsje siet kom der bisite. De kant dêr't de ekster de sturt hie, fan dy kant kom de bisite wei. As in kat him wasket en hy slacht him mei de poat oer 't ear dan komme der praters.
nl.verhalenbank.33450
Baggerlju út 'e keet fan 'e Himrik ha my ris forteld, in slangekoaning droech in kroantsje op 'e kop. As jy op sa'n slangekoaning trapen, dan bigoun er to piipjen. Dan kom der in leger fan slangen op je ôf. Dan moesten je hurd sjen dat jy fuortkommen, oars formoarden se jo.
nl.verhalenbank.23814
Doe't myn suster in great fanke wie, sahwat in twintich jier âld, krigen wy in hynder. Dat hynder wie trije jier. Wy kochten it op in boelguod yn 'e Pein. Doe seach myn suster us op in nacht, wylst dat se op bêd lei, dat it hynder hiel wyld woarde. It sloech en it skopte sa bot, dat it trape de muorre der út. Doe sleepten se it hynder yn 'e skuorre en dêr...
nl.verhalenbank.12204
Us mem siet by myn suster. Doe wie se al âld en minnichjes. Sy seach nei in plak op 'e flier en sei: "Tink der om, net op dy swarte lint traepje." "Is dêr dan in swart lint?" frege myn suster. "Ja," sei se, "sjoch, dat rint nei 't finster ta en dêr giet it by op." Mar myn suster seach neat. In wike letter siet mem yn 't sintsje bûtendoar. Doe hie se 't...
nl.verhalenbank.25709
Trapet men op in pod of makket men in pod dea, dan bigjint it to tongerjen, wurdt der sein.
nl.verhalenbank.27524
Heksen als ziekteverwekkers In Best lag een kindje zwaar ziek in bed. Omdat ook de dokter niets meer kon doen, besloten de ouders naar de paters Kapucijnen in Antwerpen te gaan. Die wisten meestal met zulke dingen wel raad. In Antwerpen aangekomen kregen zij van de paters een scapulier en deze zeiden; ‘Als u thuiskomt, leg dan deze scapulier bij de...
nl.verhalenbank.49555
As jy op in kroanslange traepje, dan bigjint dy to fluitsjen. Dan hoepelje de oare slangen op jo ta. Ik haw yn 'e Himrik forskeidene slangen deamakke. Mar dan kommen der altyd oare slangen oansetten. Doe't ik der mei ophâldde om slangen dea to meitsjen kom der noait mear in slang by my.
nl.verhalenbank.25089
Trape der ien op in pod dan kom der tonger. Ek as se in kikkert deamakken.
nl.verhalenbank.37852
Der ried us in man hjir út 'e Wâlden wei nei Ljouwert ta yn in sjeas. Underweis, sahwat op Swarteweisein stie in boerespul mei de kont nei de wei ta. Dêr stienen trije man yn 'e skuorre to terskjen. 't Wie by 't winter. Doe't it hynder oan dy skuorre ta wie, bigong it to steigerjen. De man lei de swipe al oer de rêch, mar it joech neat. It hynder gong...
nl.verhalenbank.16903
Wy mochten froeger net in pod deatraepje, hwant, sei mem, dan bigong it to tongerjen.
nl.verhalenbank.24347
Een pad mochten we nooit doodtrappen, want dan kwam er onweer en regen.
nl.verhalenbank.32621
Op de vraag of mevrouw onheilspellende voortekenen kende antwoordde ze dat alleen de uitroep "Avondrood water in de sloot " bij haar opkwam. Ook merkte ze op dat om onheil af te wenden je af moest kloppen op hout. Dit deed ze regelmatig, bijvoorbeeld als ze aan iemand dacht en de telefoon vervolgens ging. Haar moeder deed dit ook en zij dan vaak: "alsof...
nl.verhalenbank.42853
Op 'e Skilige Piip dêr stie in slot. Dêr wenne in rike skevel op. Doe't dy âld wie tocht er: Nou leef ik net lang mear. Hy hie in protte jild en dat die er yn in kiste. Doe gong er op in ezel sitten en de kiste mei jild naem er mei. Dy kiste mei jild hat er doe yn 'e groun bidobbe. Letter ha der wit hoefolle minsken west om dy kiste der út to heljen. Mar...
nl.verhalenbank.38246
Op in pod moest men noait traepje, hwant dan waerden jy deaslein troch de tonger.
nl.verhalenbank.38078
Der wie in man dy wenne by Trimunt, dy hie dêr in slange deatrape. Dat wie in wyfke-slange. Doe kom it mantsje der oan, dat wie in hoepelslange. Dy hie de sturt yn 'e bek en rolle sa as in hoepel nei de man ta. Dy woarde sa binaud, dat hy is by syn suster ynflucht, dêr't er oars noait in foet sette.
nl.verhalenbank.33664
Trapet men op in pod, dan komt der tonger. As jy in kikkert deameitsje komt der ek tonger.
nl.verhalenbank.32751
35