Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
10 datasets found
Dutch Keywords: toverij veranderen Place of Narration: Opende
By Ate Meter dêr wie altyd in grouwe, swarte kat om 'e doar hinne. Ate hie 't net op dy kat stean. Hy hie al in pear kear prebearre der in raem op to dwaen, mar hy koe him noait ûnder 'e hân krije. Op 't lêst hied er goed oppast. Doe't de kat der wer oankom hied er in dikke kneppel yn 'e hân, doe die er de doar fluch iepen en sloech ta. Hy rekke de kat....
nl.verhalenbank.25988
Krijt men hwat fan in tsjoenster en men berget it op, dan wurdt it in pod.
nl.verhalenbank.25960
Tsjoensters kinne har yn alle dieren foroarje. Sy kinne guon deatsjoene.
nl.verhalenbank.24128
Us heit wie hynstekoopman hjir yn Grinzerpein. Sierd de Vries en syn frou Wytske wennen hjir ek. Hja kamen wolris by ús om in hynder to keapjen, dan kaem Wytske mei en dan bleauwen se by ús to jounpraten. Se hienen fjouwer bern: Jelle, Ielkje, Foppe en Evert. As it hwat letter waerd, sei Wytske: "Wy matte wer nei hûs." Dat wie om Foppe, in lytse, bleke...
nl.verhalenbank.32010
Doe't wy to Grins wennen kom der us in âld minske fan Rotterdam by ús. Dy wie katholyk. Dy fortelde ús, njonken har hie in jonge frou wenne. En dêr wer njonken wennen twa ûngetroude froulju. Dat wienen tsjoensters. Dy wienen nachts op in paed. Dan wienen se alhiel yn 't swart mei greate kleden om har hinne. Ien fan dy froulju stie us op in nacht foar 't...
nl.verhalenbank.25967
Kreeg je een appel van een old mins en dat olle mins was een tsjoenster en je lei die appel in een kast, dan was die appel een poar dagen loater feranderd in een spin.
nl.verhalenbank.27319
De mem Janne learde op dat stuit har dochter Luts it fleanen. Janne koe har yn in kat foroarje. Se ha ris in kear op in fremde kat smiten en dy mei in klomp rekke. Doe wie de tsjoenster de oare deis kreupel. (dat waerd fan Janne forteld.)
nl.verhalenbank.38002
Krijt men in apel fan in tsjoenster en men biwarret dy, dan wurdt dat in podde. De âlde boeren hienen froeger in podde op 't hûs stean op in prikje. Ik wyt net hwerom.
nl.verhalenbank.27881
As Rikele Myt jin hwat joech, moest men dat noait opite, hwant dat foroare yn in pod. Rikele Myt joech sels ta dat se in tsjoenster wie. As se jin in apel joech, moest men dy ûnder in kop lizze en dan nei trije dagen der wer nei sjen. Dan wie 't in pod. Myt siet jouns mei in spjelde to prippen yn in popke. Dan wie se wer oan 't tsjoenen.
nl.verhalenbank.19511
Tsjoensters wienen hjir froeger wol. Hja tsjoenden by oare minsken krânsen fan fearren yn 'e kessens. Bern mochten fan in tsjoenster noait hwat oannimme en opite. Krigen se in apel of sa en dy leinen se ergens del, dan foroare dy yn in pod. In pod is feninich. Hie sa'n bern dy apel opiten dan hie 't bitsjoend west. In tsjoenster foroare har wol faek yn in...
nl.verhalenbank.27994
35