Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
72 datasets found
Dutch Keywords: toverboek toverij
Minse Griper wenne oan 'e Spekloane to Boelensloane. It wie myn âldomke. Syn wiif Tryn Snipel koe kaertlizze. Hja wie in suster fan myn beppe Antsje Snipel. Minse Griper hie in toverboek. Dat hied er fan 'e duvel. Yn dat boek lies er achterstofoar. Sa koed er soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme litte. Hy koe ek minsken útklaeije litte. Dat hat er ús mem...
nl.verhalenbank.18214
Guon ha in toverboek. Dat ha se fan 'e duvel.
nl.verhalenbank.25195
Yn Warten koe Sjoerd Ages soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte. Dy liet er marsjeare. Hy brûkte in toverboek mei toverspreuken.
nl.verhalenbank.22995
Jehannes Koaning (= Jhs. Postma) fan Twizelerheide koe in rige soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme litte. Hy hie ek in toverboek.
nl.verhalenbank.22002
Yn Stiensgea wenne in boer, dy hie ek in toverboek. Op in kear wied er mei 't wiif ergens hinne gong to praten. Doe kom 't him yn 't sin, dat er it toverboek noch op 'e tafel lizzen hie. Mar doe't er thúskom wienen 't allegearre al âlde roeken yn 'e hûs. Syn soan hie der yn lêzen. Doe krige er gau in sek sied, en dy lege er bûtendoar. Hy sei tsjin 'e...
nl.verhalenbank.17442
Minse Griper hie in toverboek. Dêr learde er út. Hy moest derút foarút en achterút lêze. Der binne minsken, dy kinne neat mei sa'n toverboek bigjinne. Op in duer wol elkenien it graech kwyt, hwant sy wurde bang foar harsels. Sy kinne it allinne mar kwyt wurde, as se it yn 'e rogge smite.
nl.verhalenbank.24303
Jehannes Meerstra hie in toverboek. Op in nacht wie er dêr yn oan 't lêzen, mar doe krige er 't sa binaud, dat hy smoarde hast. Doe hat er it toverboek yn 'e rogge smiten, doe gong dy binaudens wer oer.
nl.verhalenbank.31054
Minse Griper koe mei 't toverboek ek soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte.
nl.verhalenbank.25593
Der wienen ek guon, fortelde ús mem, dy hienen in toverboek. Dêr koenen se soldaetsjes mei út 'e hurddobbe komme litte. Dy bigongen dan moai to marsjearen. Sa'n toverboek rekken se noait wer kwyt. As se 't kwyt woenen moesten se krekt deselde wurden brûke as dêr't se 't mei krige hienen. En dat wisten se meastal net mear. 't Koe net forbrând wurde en ek...
nl.verhalenbank.32979
Mike Ruerd liet wolris soldaetsjes ta de hurddobbe út komme. Dat die er mei in toverboek.
nl.verhalenbank.25785
Der wenne in plysje by ús, dy hie in toverboek. Dêrmei hat er us in wite ezel by ús foar 't kelderglês tofoarskyn tsjoend. Mar ik ha him net sjoen.
nl.verhalenbank.24276
Jehannes Meerstra koe soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte, mar ek skierroeken. Hy lies dêrby út in toverboek. Hy moest itselde weromlêze, dan gongen se wer ta de hurddobbe yn.
nl.verhalenbank.37961
Ik: "Bizonder, man, bizonder. Maar je zoudt zoo zeggen: hoe kommen die lui an zukke rarigheid, want dat heb je toch, dunkt me, niet van jezelf?" Nadort: "Wat zou het, mijnheer. Ik ken toch niet in uwes plaas staan en de menschen genezen? Nou, zoo moete zullie dat ook leeren." Ik: "Hoe? Kan dat ook al geleerd worden?" Nadort: "Zeker kan dat, maar hoe nou...
nl.verhalenbank.9314
Us beppe yn Twizelerheide koe soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte. In stik of sawn tagelyk stapten moai oer de flier hinne. Sy lêsde dêrby yn in boek. Dat wie in toverboek. As se dan even letter in pear wurden achterút lêsde, dan gongen dy soldaetsjes wer moai ta de hurddobbe yn. Ik ha 't in pear kear sjoen. Sy sei tsjin my: "As ik deagean, Marten,...
nl.verhalenbank.28064
Ruerd v. d. Veen wie myn pake. Se seinen, hy hie in toverboek. Hy koe der soldaetsjes mei ta de hurddobbe útkomme litte, woarde der biweard.
nl.verhalenbank.19521
Doctor Faustus besprack hem met synen dienaer vanweghen syn testament. ALS nu het testament Doctoris Fausti volbracht was, so riep hy tot hem zijnen dienaer ende hielt hem voor hoe dat hy hem in zijn testament bedacht hadde, omdat hy hem altijt seer wel ghedraghen hadde ende zijne secreten niemant gheopenbaert en hadde. Daerom soo verre als hy noch yet...
nl.verhalenbank.72355
Yn Trynwâlden wenne in man dy liet âlde roeken ta de hurddobbe útkomme. Hy lies dêrby yn in toverboek. As er itselde weromlies gongen de roeken wer ta de hurddobbe yn.
nl.verhalenbank.30173
Op 't Wytfean wenne in feint by de boer. Dy feint strúnde in bult allinne om. "Jonge," sei de boer us op in kear tsjin him, "dû mast nei it lân ta to dongstruijen." Dêr lei in hoeke dong fan komsa op dat lân. Sy hienen dagen riden hawn om it dêr to bringen. Nou moest de feint al dy bultsjes út elkoar struije. 't Wie in ein fan 'e plaets ôf. De boer sjocht...
nl.verhalenbank.25813
Oeds Eilander wenne hjir by de skieding. It wie in nuveren ien. Hy hie in toverboek, seinen se. Dêr koed er soldaetsjes mei ta de hurddobbe útkomme litte. As er achterút lies gongen se der wer ta'n yn. Hy koe ús ek stean litte. En sy seinen, hy koe jin de klean ek samar ôfsakje litte. Soms sei er tsjin ús: "Stek de tonge út." Mar dat doarsten wy net to...
nl.verhalenbank.19495
Der wienen guon, dy hienen in toverboek. Dat wienen ornaris frijmetselers. Dy't dêr yn bigoun to lêzen, koe net wer ophâlde. Dan moest er earst alles wer tobeklêze, earder koed er net ophâlde.
nl.verhalenbank.37900
35