Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
22 results
Dutch Keywords: tovenaarster angst
Alde Gjert Iebeler oan 'e Folgerster Loane wie in tsjoenster. Dêr wienen wy as bern bang foar.
nl.verhalenbank.21100
Alle Tet op 'e Bulten wie blau om 'e holle. Dêr koe men oan sjen dat in tsjoenster wie. Sy bitsjoende faek bern. Dan hienen se krânsen yn 'e kessens. As bern wienen wy binaud foar har. As wy har oankommen seagen, naeiden wy hurd út.
nl.verhalenbank.19526
Der wenne by ús in âld-minske, dat wie Simke Mathuzen. Dat wie in tsjoenster. As se by de wei stie, doarsten wy as bern net by har lâns. As se ien hwat joech foroare dat yn in pod, seinen se. Men moast de earste hap útspije.
nl.verhalenbank.21032
Swarte katten binne tsjoensters. As der froeger in swarte kat op 'e daem siet, doarsten de measten dêr net lâns.
nl.verhalenbank.20707
Hja wenne oan 'e feart. As de bern op it iis rieden, by 't winter, foelen se altyd op it iis op it plak dêr't hja wenne. Alle minsken wienen bang foar har. Sy koe har yn in kat foroarje.
nl.verhalenbank.20562
Ik wie froeger in bulte by Ale Westra (= Aeltsje Schievink-Westra B65-14, 15, 16, 164) Dy har mem, âlde Ot dat wie in tsjoenster (Ale sèls giet der trouwens èk foar en har dochter èk). De minsken koenen har net bigripe hoe't ús mem it fortroude, dat ik kammeraetske wie mei Ale. Mar ús mem sei: "Der kin har noait hwat oerkomme, hwant sy hat in dûbelde...
nl.verhalenbank.21456
Op 'e Skieppedrifte wienen 't by âlds allegear tsjoensters. Rikele Tsjerks (famylje fan Sterke Hearke) hie nachts in gripe by 't bêd stean. Op in kear wienen 't allegear swarte kaën by him yn 'e hûs. Doe doarst hy der net yn om 't iten fan 't fjûr to heljen. Dat liet er forbrânne.
nl.verhalenbank.23445
As bern woarde ús forteld, as wy hwat opieten, dat in tsjoenster ús joech, dan krigen wy in pod yn 't liif. Om dy kwyt to reitsjen, moest men safolle griene sjippe en in stik of hwat spjelden en safolle wetter dêr op mei elkoar siede. Dan moest men dat focht dêr ôf dreagje. En dan moest men fan dat focht nou en dan hwat opdrinke. Men woarde dan bot...
nl.verhalenbank.21096
De minsken wienen och sa binaud foar âlde Ot. Hwant hja hat ûnderskate skiep en geiten en kninen ensa deatsjoend, by ús beppe en harren meast geiten. Dan struts se der mei de hân oerhinne. Beppe hat wenne by Bareld Hoogsteen. As Ot der oan kom sei Bareld, dy't boer wie: "Wy matte gau sjen, dat wy 't tsjernjen dien krije, hwant âlde Ot komt der oan. Dan...
nl.verhalenbank.21393
Yn 'e maert, seinen se altyd, dan hâldden de katten in forgadering. Dan wienen se oan 't psalmsjongen op in stik lân of op in sânwei. Dan doarsten de minsken dêr net lâns, hwant it wienen tsjoensters.
nl.verhalenbank.23421
Foar tsjoenen wienen se eartiids yn Jobbegea tige bang. De lju makken in gatsje yn 'e drompel en dêr dienen se duveldrek yn. De bern droegen duveldrek op 't boarst. As de bern bitsjoend wienen gong men nei Murk gûchlem, de duvelbander fan de Knipe. Bitsjoende bern dy't stoaren, bleauwen slop. Ek in tsjoenster wurdt net stiif, as se dea giet.
nl.verhalenbank.21021
Ik naeide froeger by in bakker yn Surhuzum. Dêr skean foaroer stie in boereplaets. Schors hieten de minsken dy't dêr op wennen. De boerinne brocht wol us sûpe by de bakker en harren. Ik wie doe sa'n achttsjin jier. De frou woe der gjin sûpe fan ha en de bakker ek net, hwant dy boerinne gong foar in tsjoenster troch, en dan koenen se wol us bitsjoend...
nl.verhalenbank.21394
Alde Fogel wie ek in tsjoenster. Frearke Fogel woarde se neamd. Doe't se dea wie en biklaeid woarde wie se hielendal slop. Hja forkocht baelders. Wy trillen der oer as wy nei har ta moesten. Mem warskôge ús en sei: "Tink der om, nim noait in suertsje of sa fan har oan!"
nl.verhalenbank.23943
Arends Jantsje, dat wie Myt har dochter. Dy koe ek tsjoene. Dat hie Myt har leard. Ik ha guon kend, dy hienen in houn. Dat dier trille as in rusk, as Jantsje kom. Dy houn is forkwynd. Dat wie Jantsje har wurk.
nl.verhalenbank.19512
Minsken dy't bitsjoend wienen, hienen gauris krânsen yn 't holkessen. Dat wie it wurk fan 'e tsjoenster. Sadré der trije krânsen fol wienen, dan wie deselde dy't bitsjoend wie, dea. De krânsen moasten der úthelle en forbarnd wurde. As men froeger mar in bultsje yn 'e fear fielde, dan woarde it kessen al lostoarnd, fral as der in tsjoenster yn 'e buert...
nl.verhalenbank.20790
Wy hienen in Hollânske baes yn 't kuorfabryk. Dy leaude earst net dat der tsjoensters wienen. Mar dat woarde letter wol oars. "Op in joun kom ik bûten," sei er, "dêr seach ik twa klysters sitten. Ik der hinne, doe kommen dy beide klysters op my oan. Dat wie gjin goed spul. Doe ik yn 'e hûs. Dat wienen Jelle en Tryntsje", sei er. "Dy gongen der togearre op...
nl.verhalenbank.25992
Pake Boardzer wie fuorman. Op in kear struts âlde Rikele Myt mei de hân oer pake syn hynder hinne. Rikele Myt wie in tsjoenster. Doe't pake thúskaem, sei er: "Dit is net bêst. Myn hynder giet dea, hwant Rikele Myt hat der oan west." De oare moarns wie 't hynder dea. Sy wienen allegear bang foar Rikele Myt. Op in kear hie se twa arbeiders yn 't wurk, âlde...
nl.verhalenbank.17655
Doe't ik sa'n jonge wie en wy noch op 'e Hamster Ikkers wennen hienen wy jouns in bulte lêst fan katten om 't hûs hinne. Wy doarsten der soms alle trije net iens út to pisjen. De katten fleagen by ús doarren op en by omke en dy's krektgelyk. Op in joun doe leinen wy al op bêd. Doe gong it der wer sa oanwei mei de katten, dat heit fljocht fan bêd ôf en hy...
nl.verhalenbank.21645
Ot har man, dat wie Hindrik Pyk ( = H. Ophuis). Dat wie ek in tsjoenster en hy hie de kweade hân. Wy hienen in omke, dat wie Japik-om. Dy bearde us in kear, dat er nei de froulju ta soe. Mar hy gong nei de doar fan Hindrik en Ot. Mar hwat er dêr sjoen hat! Hy is achterstofoar fan 't hiem kom. Sa binaud wied er, hy moest it gesicht op har hâlde. Hy is der...
nl.verhalenbank.21387
Us heit hat us nei Grinslân west to takkebinen yn 'e buert fan Tolbert. Dêr wie allegear bosk. Hy slepte nachts by de boer yn 't strie op 'e koustâl. Mar dat strie, dat waerd stadichoan ûnder him weiskuord. Op it lêst hied er net in strieke mear ûnder him. Doe tocht er, dat sil de houn wol dwaen, mar dat wie sa net. Hy seach us goed om him hinne en doe...
nl.verhalenbank.19676
22