44 datasets found
Dutch Keywords: tovenaar Place of Narration: Drachten
Yn 'e Rottefalle wenne Piter Scheper. Dy koe mear as in oar. Hy siet us by syn buorman yn 'e hûs en doe sei er: "Sjoch, al jou fé rint bûtendoar." 't Wie midden yn 'e winter en soks wie net mooglik. It fé stie op 'e stâl, mar de buorman seach syn fé ek tige dúdlik rinnen. Hy gong nei bûten ta, mar der wie neat to sjen. Alle fé stie op 'e stâl.
nl.verhalenbank.19678
Imke de Jong kaem stéfêst op Drachtstermerke. Op in kear hied er kaerten yn 'e hân. Yn 'e foarm fan in koker hied er se yn 'e fûst. Doe sei er: "Skoppenboer, kom der út!" De kaert stoude wit hoe fier fuort út syn hân wei. Sa kommandearde hy de iene kaert nei de oare. Allegearre gehoarsamen en fleagen ien foar ien in ein fuort.
nl.verhalenbank.25591
Ek in kear, doe siet ús buorwyfke by ús. Doe wie Imke de Jong der ek. Doe sei 't minske: "Kom, ik mat der mar op út to boadskipjen." "As jo boadskipje wolle," sei Imke, "dan matte jo ek sinten ha." "Dy ha 'k wol", sei 't minske. "Binne jo dêr wis fan?" sei Imke. "Jawis", sei se. "Sjoch dan mar ris", sei Imke. Hja sjen en sjen en doe sei se: "Och heden, ik...
nl.verhalenbank.25585
Hjir yn Drachten wie us in faem, dy hat him útlake. Doe hat er dy faem ûnder 't dânsjen bifalle litten. It bern is har ûnder 'e rokken weifallen.
nl.verhalenbank.25590
Us Hindrikom wenne yn Twizelerheide. Hy hie dêr in winkel en ek wol bargen. Hy hie op in kear biggen by de mot. Tichteby wenne in âld man, dy koe tsjoene. Dy mocht graech bargen lije, mar Hindrikom syn jonge jage dy âld man fuort. Hwant de jonge wie bang dat de biggen oars bitsjoend woarden. Dy âld man hie de kweade hân. Dêrtroch wienen se bang foar him.
nl.verhalenbank.33319
Op in kear wie der op Drachtster merke in soarte fan gûchelder, dat wie in man, dy krûpte samar troch in grouwe balke hinne. Alle minsken koenen dat klear sjen. Mar Piter Scheper wie der ek by. Dy krige de stok en sloech dêr mei nei dy man, mar net yn 'e balke, mar der bûten. "As ik it goed ha," sei er, "dan sitstû dêr." En dat wie ek sa, hwant de keardel...
nl.verhalenbank.19679
Imke de Jong krûpte op 'e merken samar troch in peal hinne.
nl.verhalenbank.25586
Der wie in faem, dy siet ûnder in koe to melken. Imke kom dêr lâns. De faem sei: "Joun." Doe sei de koe: "Jow dy earme man even hwat molke." De faem liet fan kleare skrik de amer mei molke oer de wereld rûgelje. Hja miende dat de koe bigong wie to praten. Mar 't wie Imke, dy't bûksprekke koe.
nl.verhalenbank.25587
Bearn van der Woude fortelde: Ik wie us in kear by Hindrik Pikelhearring (= van der Molen). Doe sei Hindrik tsjin my: "Bearn, ik ha noch in bigje. Dat wie krekt hwat foar dy. Wolst it keapje?" Ik sei: "Ik ha gjin sinten." "Hoechst der ek net folle foar to jaen", sei Hindrik, hy is goedkeep. Ik sei: "Ik mat him earst mar ris sjen." Doe wy der hinne. 't Wie...
nl.verhalenbank.26059
Yn Almelo, yn 't loazjemint, wie in âlde Westereinder. Die koe mei skoppenboer in flesse drank komme litte. Deselde dy't mei him wedzje woe, moest de flesse oankrije. De flesse kom binnensweven. Dy oare hie him oankrigen. Hie er dat net dien, dan gong de Westereinder dea.
nl.verhalenbank.25578
Hy koe de froulju ek samar de klean ôfsakje litte. Dan stienen se neaken op 'e wei.
nl.verhalenbank.19681
Ymke de Jong kom op 'e merken. Ek op Drachtster merke. Hy sette de minsken fêst. Dan stienen se stil. Hy wie o sa fluch. Hy koe troch in balke hinne krûpe. Hy koe himsels weimeitsje, dan koe men him net mear sjen.
nl.verhalenbank.23509
Lytse Kees wenne yn Drachtster Kompenije. Guon wienen wol us by him om 'e doarren. Dan seagen se dat er samar in leger soldaten ta de hurddobbe komme liet. Even letter liet er se der wer ta'n yn gean.
nl.verhalenbank.25583
Piter Scheper koe de hoannen kraeije litte. Dan kraeiden se sa bot, dat sy gappen der op it lêst oer. As er de pik op ien yn hie, dan koed er sa'n ien raer narje. It gebeurde wol dat, as sa'nien ûnderweis wie, dat it ynienen allegear wetter foar him wie. In sé fan wetter. Dan die sa'n ien de klean mar út en wâdde sa troch 't wetter hinne. Piter Scheper...
nl.verhalenbank.19680
Op in kear wie Ymke mei de faem op it lân oan 't jirpelsykjen. Doe smiet de faem him mei in rotterige jirpel. Ymke sei: "Famke, famke, hwat sille dy dy rotterige jirpels raer yn 'e mage sitte!" De jouns doe't se fan 'e jirpels ite soenen, pikte de faem dêr ek fan, mar hja hie hyltyd in rotterige jirpel oan 'e foarke.
nl.verhalenbank.19709
Myn skoanheit wie ris in kear to Drachten op 'e merk. Doe wie Ymke de Jong dêr ek. "Ymke stie njonken my", sa fortelde skoanheit. Der wie in koardedounser op 'e merk en dêr stienen wy nei to sjen. Doe sei Ymke tsjin my: "Sil ik him dêr ris ôfdonderje litte?" En doe hat er dat dien. De koardedounser kaem op 'e groun del. Doe gong dy koardedounser nei Ymke...
nl.verhalenbank.36932
Minse Griper fan 'e Boelensloane koe soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte.
nl.verhalenbank.29392
Ymke de Jong wie as jonge by de boer. De boer hie in pear hynders, dy lieten har noait krije. Op in moarn gongen de boer en Imke togearre nei 't lân. Imke sei: "Ik krij se wol." Hy fluite even en dêr kommen de beide hynders oan. De boer wie tige mâl mei him.
nl.verhalenbank.19708
Japik Ingberts ried ta alle fjouwer poarten fan Ljouwert út op ien en deselde tiid. 't Wie tolve ûre. Hy hie biricht krige, hy moest op dy tiid by ien fan 'e poarten wêze, dan soed er arresteard wurde. By elke poarte stienen guon fan 'e plysje. Mar Japik Ingberts siet, foardat er op stap gong, prinshearlik yn 't hóátel 'De Nije Doelen', dêr't er brette...
nl.verhalenbank.25054
Ymke Modder (= Ymke de Jong) siet us yn 'e gefangenis. De sipier hie by him west en draeide de doar achter him op slot. Mar gjin minút letter stie Ymke yn 'e gong. Der wie net in slot tsjin him birekkene.
nl.verhalenbank.19741
35