Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
4 datasets found
Dutch Keywords: timmerman Place of Narration: Drachten
Duvels sweefden oeral om. Yn Zevenhuizen is 't gebeurd, dat in timmerman mei in bak mei spikers ûnder 'e earm samar ynienen optild waerd en oer de feart smiten.
nl.verhalenbank.31651
Der wie ris ien dy hie swiere wurden brûkt. Hy wie in ûnderhânse timmerman, in wreed man dy't mei syn bakje mei ridskip in smel paedtsje lâns gong, tusken Rottefalle en Houtigehage. Doe kom der hwat njonken him. Dy prebearre him fan 't paedtsje ôf to krijen. Doe sei dy man: "Hwa sil 't winne, ik of dû?" Hy hie 't noch mar krekt sein of hy woarde optild en...
nl.verhalenbank.24587
Yn in boereskuorre wienen froeger altyd houten pinnen troch 't groubynt hinne, op 'e plakken, dêr't de stile der troch sit. Dy pinnen stykje dêr in tûme trije bûten. Doe't ik us oan in âld timmerman yn Boarnburgum frege, hwerom dat sa wie, sei er: "Hantsje mat hâldfêst ha."(Hantsje is de duvel)
nl.verhalenbank.23996
Oege van Dijk wie timmerman. Hy timmere yn Droegeham. It wie in man dy't leaude oan God noch syn gebot. En hy swearde en swetste om 't leven. De maten dy't him holpen gong it soms to mâl. Op in joun sei in opperman tsjin him, doe't er wer los west hie: "Wy binne ek net gelovich, mar dit giet to rûch." "O ja?" sei er, "my net." "'t Wurdt aenst donker," sei...
nl.verhalenbank.19847
35