Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
35 datasets found
Dutch Keywords: tillen Place of Narration: Harkema
By Sterke Hearke soe in baerch slachte wurde fan fjouwerhûndert poun. De baerch rekke fan 'e slachtbank ôf. Doe krige Hearke syn dochter Rixt de baerch by de boarstels en sette him wer op 'e slachtbank.
nl.verhalenbank.21330
Hearke wie us mei noch fjouwer mannen by in baes oan 't wurk. Sy moesten meiïnoar in grouwe, swiere balke forlizze. Mei wrikjen, earst oan 'e iene kant en dan wer oan 'e oare kant, prebearren se de balke fan 't sté to krijen. Mar it woe net. De ûnderbaes stie der by. Dy woarde lulk. Doe sei Hearke foars tsjin 'e fjouwer oaren: "Gean hjir wei, mannen." En...
nl.verhalenbank.20833
Der kom us in man by Sterke Hearke. Doe wie Hearke krekt oan 't ploeijen. Dy man woe mei Hearke wrakselje, hwant hy wie sels èk sterk. Mar hy koe Hearke net. Dèrom frege er: "Wytstû ek hwer't Sterke Hearke wennet?" Doe hie Hearke it hynder foar de ploege weidien en hy hie de ploech mei ien hân optild. En doe hied er sein: "Sjoch, dêr wennet er, en hjir...
nl.verhalenbank.29355
Sterke Hearke wie op it lân oan 't ploeijen. Doe kom der ien oan, dy frege him hwer't Sterke Hearke wenne. "Dêr wennet er", sei Hearke en hy krige de ploege yn 'e hân en stuts him foar him út. Doe sette er de ploege wer del en hy sei: "en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.33292
Sterke Hearke wie ûnder tsjinst yn den Helder. Der leinen twa swiere ankers by de kaserne. It iene woech sawnhûndert poun, it oare fjirtsjinhûndert. Der wie in sterke keardel, dy tilde op in kear it anker fan sawnhûndert poun op. Mar Hearke wie noch mear mâns. Dy tilde dat fan fjirtsjinhûndert poun op. Doe't er dat die, barstten him de soallen ûnder 'e...
nl.verhalenbank.20830
Hearke sels kroade mei sân achter op 'e tún. Dat kroade min, dan krige er soms de kroade mei sân op 'e earm en sjoude him nei hûs.
nl.verhalenbank.26139
Krekt sa'n gefal gebeurde der ek op 'e Lange Wyk. In man kom út 'e kroech. Hy hie in stik yn 'e kraech en sei it raer op. In hiel lyts mantsje nom him op en smiet him yn 'e Lange Wyk. Oan 'e oare kant de feart is er by de wâl opklaud.
nl.verhalenbank.21257
Hjir wennen froeger guon, dy seagen fantofoaren lykstaesjes. Der binne hjir nòch wol guon dy't dat sjogge. Hjir binne wol guon yn 'e nacht oerside set woarn, as der in lykstaesje oankom en ek wol binne se oer de lykwein hinne tild.
nl.verhalenbank.27008
Sterke Hearke wie ûnder tsjinst yn Den Helder. Dêr leinen twa ankers fan in skip. It iene woech sawnhûndert poun, it oare tûzen fjirtsjen. Dêr kom sterke Hearke oan mei in maet fan him. Doe sei dy maet tsjin Hearke: "Soenen wy dy út it sté krije kinne?" "Noait," sei Hearke, "fiersto swier." Sy biseagen de ankers ris en gongen doe de kaserne yn. Mar Hearke...
nl.verhalenbank.16823
Sytse Jager wie in kear oan 't kuijerjen. Hy roan tusken in stik of hwat oaren yn. Doe woarde hy dêr samar tusken wei nom en oer de dyk hinne smiten. Dat wie it wurk fan 'e duvel, seinen se.
nl.verhalenbank.23912
Deselde dy't mei sterke Hearke wrakselje woe, kom fan Feanwâlden. Doe't Hearke de ploege samar yn 'e hân nom en optilde, gong dyselde stil wer fuort.
nl.verhalenbank.20663
As Hearke oan 't dongladen wie, lei er hiele greate spitten op 'e wein. Dy't se der wer ôfdwaen moest hie dêr wit hoe lang wurk mei. Yn dy tiid siet Hearke op it tiksel in pypke to smoken.
nl.verhalenbank.25915
Rixt wie in dochter fan sterke Hearke. Hja wie boerefaem en hast like sterk as har heit. Ik wie yndertiid molkrider. Op in kear, doe't ik de folle bussen op 'e wein sette soe, stie Rixt der by. "Hwer wolst se ha, jonge?" frege se my. En hja sette de bussen mei de tûmen samar op 'e wein op 'e plakken dy't ik oanwiisde.
nl.verhalenbank.23432
Ek in kear doe stie pake yn 'e sleat to slatten. Doe kom Hearke der oan mei in kroadfol sân. Dêr moest er mei troch de bou. Mar dat kroade fansels tige min, it fjild sakke in ein yn 'e modder wei. Pake hie nei him sjoen. Doe hie Hearke earst goed om him hinne sjoen en doe't er miende dat net ien it seach nom er de folle kroade op en tilde him oer de hiele...
nl.verhalenbank.19355
Sterke Hearke wie myn oerpake. Myn heit wie ek in Hearke. Hindrik-om hat him skoan kend. Dy fortelde: Ik en Evert hienen us togearre in grouwe stobbe yn 'e kroade. Wy hienen der gâns lijen mei hawn om dy der yn to krijen. Wy hienen dy kroade mei de stobbe nei hûs ta kroade. De kroade lieten wy op it hiem stean en wy gongen yn 'e hûs to kofjedrinken. Pake...
nl.verhalenbank.26166
Hearke hat ek ûnder tsjinst west. Der lei achter de kaserne in anker, dat woech fjirtsjinhûndert poun. Dat lichte Hearke in ein fan 'e groun. Mar doe hied er de skuon 'ut 'e naden hawn. Hy hat de overste frege of er frij mocht fan 'e tsjinst. Dan soed er dat anker om 'e hiele kaserne hinne tille. Mar dat mocht net.
nl.verhalenbank.25912
Sterke Hearke hat ûnder tsjinst west yn Den Helder. Dêr hat er in anker fan 1100 poun om 'e kaserne hinne sjoud. Hy frege de kaptein of er dan frij fan 'e tsjinst mochte. Mar dat woarde him net tastien. Mar hy hat dat anker der dêrom wol om hinne sjoud. Doe binne him de soallen ûnder 'e skuon wei barst.
nl.verhalenbank.20664
Griet wie in dochter fan Hearke. Dy wie ek omrake sterk. Op in kear helle se in grap út. By Kees-smid yn 'e Ham stie in aembeeld, dat woech twahûndertfiifentwintich poun. Dat aembeeld sette Griet op 'e wei. Sy sei: "Hwa't dat aembeeld allinne wer op it plak tille kin dêr't it weikomt, dy mei joun mei my út." Njonken de smit wenne ien dy hiet fan Hubert,...
nl.verhalenbank.23958
Ek us in kear, doe wied er oan 't ploeijen. Doe kom der in man by him, dy wie ek tige sterk. Hy woe wolris sjen hwa't it sterkste wie, hy of Hearke. Mar hy koe Hearke net. Dêrom frege er hwer't sterke Hearke wenne. Doe stuts Hearke de ploech út mei ien hân en hy sei: "Dêr wennet er en hjir stiet er." Doe wist dy man wol hwa't de sterkste wie.
nl.verhalenbank.25909
Rixt roan mei in baeltsje fan 200 poun sied samar by de leider op nei boven ta.
nl.verhalenbank.16864
35