Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 results
Dutch Keywords: tijd zeggen
Yn Warten hie in man kear op kear de wurden heard: De tijd is verschenen, de man is er niet. De dûmny fan Warten woe 't net leauwe. Op in kear farde er mei om 't mei eigen earen to hearren. Hy stie achter op 'e skou, op 't skouhúske om 't mar sa goed mooglik hearre to kinnen. Doe liet de skipper dy't skoude, de boat mei in skok foarútsjitte, dat dûmny...
nl.verhalenbank.20398
Yn 'e Hamster Pein wenne in boer dy ried by winter op 'e Wide Pet op redens. Doe hearde er dêr út in wek in stim weikommen: De tijd is verschenen, de man is er niet. Gauachtich dêrnei kaem der in man oanriden dy't yn dat wek ried.
nl.verhalenbank.17546
Us heit tsjinne by de boer. Der wie yn dat plak in feart mei in brêge der oer. Op in kear doe stie der in protte folk by dy brêge. Heit wie der ek by. Doe hearden se in stem út it wetter wei: "De tijd is der al, maar de man is der niet." Dat woarde in pear kearen achter elkoar sein. Mar der wie neat to sjen. Doe kom der in seas oan riden mei in hynder der...
nl.verhalenbank.20091
De Popke-poel yn 'e Boelensloane is tige djip. Sy ha dêr froeger de klyn út helle. By 't winter hurdrieden wy dêr wol op. Sy ha der us in stem heard. De tijd is er en de man is er niet. Der moest ien forsûpe. Even leter forsûpte dêr ien.
nl.verhalenbank.24230
Op 'e Burgumermar is it gebeurd dat in reedrider by 't winter, doe't er by in wek lâns ried, in stem hearde: "De tijd is verschenen, maar de man is der nog niet." Krekt letter ried der doe ien yn it wek en is dêr fordronken.
nl.verhalenbank.19843
Wy wienen matteflechters. As fanke moest ik in kear in matte flechtsje foar hiel âlde minsken yn Feanwâldsterwâl. Doe fortelde dat âlde minske my it folgjende: Ik wie in jongfaem, de âldste fan fiif bern. Heit en mem en de fjouwer oare bern dy gongen op in snein mei in boatsje nei de Falom. Achter Feanwâlden yn 'e Blauwe klyndobbe binne se alle seis...
nl.verhalenbank.21911
Der wie in skuonmakker, dy kom op in joun út 'e Trynwâlden wei. Hy hie aerdich hwat jild by him. Doe't er oan 'e Slachtebrêge ta wie, wie't krekt as lei 't him sa by dat der wol us guon wêze koenen dy't it op syn jild forsjoen hienen. 't Wie donker en 't wie in iensume wei. Dat hy tocht: "Ik gean hjir even ûnder 'e brêge." En dêr wie't al sa. Hy hearde...
nl.verhalenbank.20332
Yn Eastemar wenne in beurtskipper. Dy moest freeds altyd nei Ljouwert ta. Dan farde hy oer de Burgumer mar. Doe fortelde hy us in kear yn 'e skearwinkel to Eastemar, dat hy hie, doe't er midden op 'e Mar wie, in stim heard, dy kom út it wetter wei: "De plaats is er, maar de man is er niet." De skearbaes sei, dat woed er èk wol us hearre. De freeds dêr op...
nl.verhalenbank.22757
8