Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
5 results
Dutch Keywords: strijken toverij
Jo matte noait Jan en alleman by 't fé litte, binammen net by fette keallen. Der binne guon, as dy se oer de rêch strike, dan wol 't net mear mei 't fé. Sokken ha de kweade hân. Dêr mat men altyd foar oppasse. Ik bin der wol foar warskôge. Ek net by bargen litte. Sokken ha konneksjes mei de duvel.
nl.verhalenbank.25366
Frijmitselers hienen harsels oan 'e duvel forkocht. Dêrtroch hienen se altyd jild en koenen se dwaen hwat se woenen. Mar 't kostte har de siele. Hekse Harm (= Stammerige Harm) wie ek frijmitseler. Hy hie in wikseldaelder. Dy hie er fan 'e duvel. Hekse Harm wie net fortroud by 't fé. Hy hie de kweade hân. Hy striek mei de hân oer de rêgen fan 'e dieren...
nl.verhalenbank.29542
Us heit en dy ha trije Hindrikken hawn. Dêr bin ik allinne fan oerbleaun. De oare beiden binne stoarn doe't se noch lyts wienen. Se seinen altyd Binne kastelein (= Binne Kloosterman) hie se deatsjoend. Greate Wopke hat in kear by my west. Doe wie 'k noch mar in pear wike âld. Ik wie siik en sy tochten dat ik deselde wei gean soe as de beide oare...
nl.verhalenbank.38075
Der wienen guon, dy bitsjoenden it fé. Dat wienen meast manlju. Hja bitûmken de rêgen fan 'e kij en dan wie 't mis. Fral de bargen wienen bitsjoend. Dan gongen se nei in oare man, dy't har guod joech. Duveldrek wie al faek it middel. Dat krigen de bargen yn 'e trôch.
nl.verhalenbank.30138
Frânse Hinke fan 'e Rottefalle kom altyd by myn beppe Antsje Snipel. It wie mem har mem. Mem wie in suster fan Thomas Clare. Frânse Hinke wie in tsjoenster. As Hinke kom, sei heit tsjin mem: "Ik wol Frânse Hinke hjir net wer binnen doarren ha. Hja strykt de baerch oer de bealch hinne en dan giet er wer dea." Hwant hja hie by ús beppe ek al in baerch...
nl.verhalenbank.25172
5