Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
13 datasets found
Dutch Keywords: stok Place of Narration: Harkema
In omkesizzer fan Hearke wie ek omrake sterk. Dy wenne yn 'e Harkema. Dy stuts samar in pipegael oan ien stok rjocht foar him út.
nl.verhalenbank.20832
Yn 'e Hamsterheide gebeurde it, dat in heit en in soan oan it braekjen wienen. Doe kom dêr in kat by har, dy wie wol twa kear sa dik as in gewoanenien. De heit krige in stok en sloech it beest sa bot, dat it bleau foar dea lizzen. De frou rôp de beide manlju yn 'e hûs om to kofjedrinken. Doe't se in setsje letter wer yn it braekhok kommen, wie de kat...
nl.verhalenbank.21251
Imke de Jong hat wol by ús yn skoalle west, yn de Ham. Wy wienen deabinaud foar him. Wy moesten allegear in sint meinimme, mar ik mocht net in sint ha, dat mocht ús net barre. Der wienen nòch trije bern, dy't net in sint hienen. Doe woarden wy mei ús fjouweren der útstjûrd. Mar doe gongen wy bûten foar 't glês stean. Imke hie de knop fan in stoel op 'e...
nl.verhalenbank.16947
Fan in jonge dy't noait bang wie. Der wenne ergens in boer, dy hie in lytsfeint en in greatfeint. Dy lytsfeint stie foar neat, hy wie nergens bang foar. De greatfeint en de boer koenen har dat net bigripe. Hja sprutsen togearre ôf, de greatfeint soe in wyt lekken omdwaen en by jountiid op in bartsje stean gean. De lytsfeint woarde der op útstjûrd om in...
nl.verhalenbank.20825
Der wie us ien, dy wie frijhwat gebrekkich. Hy koe allinne mar mei in stok rinne. Doe moest er oer in bartsje. Ruerd wie der ek. Dy sei tsjin him: "De stok delsmite!" Doe sei dy gebrekkige: "Dan kin ik net gean!" "Dû smytst dy stok del!" sei Ruerd. "Dû kinst wol stappe, siz ik dy." Doe hie dy man de stok delsmiten en wie sûnder stok oer it bartsje roan.
nl.verhalenbank.21232
Yn 'e Rottefalle wennen twa bruorren Kloosterman. 't Wie famylje fan dyselden fan 't Bouwekleaster. Dy makken elke dei in lange kuijer en dan hienen se elk in stok yn 'e hân. De iene wie lyts, mar sa ûnbidige sterk, dat hy koe in houten skytskoffel fol dong útstekke yn ien hân.
nl.verhalenbank.23436
De tsjoensters hâldden nou en dan forgaderingen. Sy hienen in partij kegels oer de flier stean. Dy rekke elk fan har mei in stokje oan. Safolle kegels as se mei dat stokje omraemden, safolle moesten se bitsjoene.
nl.verhalenbank.19971
Egbert Witteveen syn soan Mekke hie in kammeraet, dat wie Lammert Postma. Dy kom us in kear by Mekke en dy. Egbert wie der ek. Lammert sei: Jo binne tige sterk, net Egbert. Ei jonge né, sei dy. Dêr stie in greate amer, dêr koe in kynsen iepels yn. Lammert sei: Dy kinne jo wol rjochtút stekke oan in stok. Egbert bearde, dat er it net koe. Mar even letter...
nl.verhalenbank.16865
Yn 'e Harkema gong it drok op in lotsjen. Dat dienen se yn spitketen. It wie forbean en de burgemeester stjûrde Hearke der op ôf. Dy gong us nei sa'n keet ta dêr't se krekt oan 't lotsjen wienen. Mar hy gong der net yn. Hy hie in stok by him en mei dy stok makke er in gat yn 'e muorre fan seadden krekt op it plak dêr't in kast stie. Doe tikke er mei dy...
nl.verhalenbank.16866
As der ien yn 'e Harkema bitsjoend wie froeger, gongen se wol gauris nei Hinse Jehannes de Boer fan it Swartfean. Dat wie in duvelbander en in raren ien. Op in kear, doe wienen der wer guon bitsjoend. Doe stjûrden se in neef fan ús nei Hinse ta om drankjes. Dy neef sutele altyd mei pikelhearrings. In dikke gongelstok hie er by him. 't Wie yn 'e winter en...
nl.verhalenbank.34580
Der wie ris in faem, dy tsjinne by de boer. Dêr wie ek in soan yn 'e hûs. Op in joun sil se mei de soan to ôfljochtsjen. Hja hat in kears yn 'e hân. Dan komt der in wynpûster oan en de kears giet út. De faem jowt in gjalp, mar de feint laket har út. Dy faem hie forkearing hawn mei ien, dy wie stoarn, dy lei op 't tsjerkhôf. Hwat bistû in bangskiter, seit...
nl.verhalenbank.28812
Der wie ek ris ien op 'e merke, dy krûpte troch in balke hinne. Mar doe wie der in man ûnder 't publyk, dy sei: "Dû krûpst der net troch. Ik sjoch dy wol. Dû sist der boppe op. Dêr biste, bliksem." En doe joech er dy man in slach mei de stok.
nl.verhalenbank.27010
As der by ús froeger ûnforwacht in grouwe, swarte spin achter 't bihang weikom, die heit de hannen gear. "Dea houwe," sei er dan tsjin ús, "dat is de duvel!" Sels doarst er it net to dwaen. Heit hie in dikke stok, dêr tichele er ús wolris mei ôf. "Hjir hast de stok, jonge", sei er dan tsjin my. Ik mocht de spin net heal yn 'e hannen nimme. Ik moest him...
nl.verhalenbank.28861
35