Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
53 datasets found
Dutch Keywords: sterven Narrator Gender: male Place of Narration: Opende
By in sikere Sjirk yn 'e Pein kaem op in moarn in ekster op it hiem stappen. Sjirk sei tsjin syn frou: Nou is der ien yn 'e famylje stoarn. Ja, sei syn frou, ik soe fan 'e moarn de geit melke; 't beest wie pûr. Dyselde moarns krigen se in roubrief oer de post. Der wie ien út 'e famylje stoarn.
nl.verhalenbank.31916
Ik wie sa'n fjirtsjin jier âld. Myn âlde omke wenne by ús yn. Hy krige longontsteking en dêr is er ek oan stoarn. Ik wie allinne by him. Heit en mem wienen dea. Omke woe de jouns fan bêd ôf en hy wie in dikke, sterke âld-keardel. Hy wie fiifensawntich jier. Ik koe him net keare en hy moest op bêd bliuwe. Doe gong ik der út om myn buorman Gerrit Smit op to...
nl.verhalenbank.26892
Bleeker fan Surhústerfean hie in âld houn. Dy spûkgûlde altyd as der in minske stjerre soe. Nachts seach dat beest it blykber.
nl.verhalenbank.31915
Myn suster hie in bern, dat hat bitsjoend west. It bern wie noait soun en sy raesde altyd. Doe gong de heit nei Frânse Hinke ta, dy wie duvelbanster yn 'e Rotfalle. Frânse Hinke sei, der sieten krânsen yn 'e kessens, dy moesten der út weihelle wurde en fornield wurde. As der trije folle krânsen yn sieten hie 't bern dea west. Der kôm nou en dan in frou by...
nl.verhalenbank.24129
Tsjoensters kinne har yn alle dieren foroarje. Sy kinne guon deatsjoene.
nl.verhalenbank.24128
Hjir achterút hat in man wenne, dat wie Douwe Stavasius. Dy wie mei de helm geboaren. Dy seach allerhande sterfgefallen foarút. Hy hat syn eigen mem mei ôflein. Dat die er fan tofoaren al, wylst se noch libbe. Letter hat er it ècht dien. Sy wennen yn in spittekeet.
nl.verhalenbank.26298
Pake en beppe binne letter hjir yn 't werkhûs tolânne kom. Doe't pake op syn stjerbêd lei sieten heit en mem der by. Doe sei pake wit hoe lûd: "Toe duvel, goai der noch mar in takkebosk yn!" Beppe wie doe al dea. Pake en beppe wienen beide oan 'e duvel forkocht.
nl.verhalenbank.27179
Hjir wie in dobbe, en dêr woarde altyd fan sein, dat dêr noch ris in fanke yn fordrinke soe - ien hie dat ris sjoen -, mar dat is net útkom.
nl.verhalenbank.26897
Noait midden op 'e wei rinne jouns. Genôch yn 'e Pein, dy't troch in lykstaesje oan kant rêge woarden.
nl.verhalenbank.27155
Rinne jo yn 'e nacht midden op 'e wei, dan kinne jo oan kant reage wurde troch in lykstaesje.
nl.verhalenbank.27169
As in houn spûkgûlet, komt der binnen trije dagen in deaden.
nl.verhalenbank.27154
Ien dy't op 't stjerbêd klean oan hat, dy't op snein makke binne, kin net stjerre.
nl.verhalenbank.26302
Jierren lyn is der yn de Pein in frou stoarn. De man hie har foar har stjerren hwat biloofd, mar dy bilofte kom er net nei. Doe kom dat minske letter hyltyd by him. Doe hat dy man de doomny der by helle en dy kom fan har to witen hwat se bigearde. De man hat dien hwat hja fan him forlangde en doe hat se dêr letter noait wer west.
nl.verhalenbank.27156
Yn 'e Like wie in grot, dêr woarden allerhande sieraden en diamanten yn opburgen. Der wie in frou dy makke dy grot altyd skjin. It fanke fan 'e baes fan dy grot, dy woe dêr graech ris yn sjen. Doe gong se dêr ris in kear mei de frou hinne, dy't it spul skjinmakke. Doe seach dat fanke dat dy frou in moaije halsketting pakte en dy meinimme soe. Doe hat dat...
nl.verhalenbank.27181
Der kom yn Haulerwyk yn 'e herberch in man, dy bistelde twa buorrels. De kastlein sette twa romers mei jenever foar him op 'e tafel del. Doe nom dy man earst de iene romer, dy rikke er ien ta oer syn linkerskouder hinne, mar net ien koe dyselde sjen. Doe dronk dy man syn eigen romerfol op. De romer fan de ûnsichtbere nom er wer oan en der kommen twa lege...
nl.verhalenbank.25966
Earne op 'e Grinzer klaei stie in boerepleats, der doochde it net. De âld boer, dy't dêr wenne hie, wie formoarde woarn. De doarren woenen dêr nachts noait ticht bliuwe. Jelle Snip fan de Pein hat dêr mei oaren yn 't wurk west. Jelle lei dy nachts ûnder yn 'e skuorre. Doe seach er op 'e koesouder in spûk mei eagen sa great as thépantsjes. Doe hearde Jelle...
nl.verhalenbank.31913
Doe't wy to Grins wennen kom der us in âld minske fan Rotterdam by ús. Dy wie katholyk. Dy fortelde ús, njonken har hie in jonge frou wenne. En dêr wer njonken wennen twa ûngetroude froulju. Dat wienen tsjoensters. Dy wienen nachts op in paed. Dan wienen se alhiel yn 't swart mei greate kleden om har hinne. Ien fan dy froulju stie us op in nacht foar 't...
nl.verhalenbank.25967
It gebeurde wol, dat minsken net stjerre koenen. Dan hie sa'n minske hwat oan, dat op snein naeid wie. Neils, dy't op snein knipt binne, mat men nei de dea wer opsykje.
nl.verhalenbank.27547
Hjir wenne in man, dat wie Douwe Stavasius. As der ien dea gong, dan moest er dat sjen. As der ien tige siik wie, dan kom er by 't glês. Dan seach er fan dyselde de hiele lykstoet. Sa'n ien stoar dan faek al gau. Hy moest it sjen. 't Kom altyd nei hwat er seach.
nl.verhalenbank.26992
As der ien stoarn wie froeger, moesten fuortdaliks al syn klean forhong wurde. Oars wienen se letter neat mear wurdich. Sy setten trouwens alles fan 't sté. De klok stie stil. De fûgelkouwe woarde forhong, oars gongen de fûgels dea. It lyk woarde altyd o.w. dellein. It woarde fortild mei de skonken foarop. It komt ek o.w. op it tsjerkhôf. It doarp wie...
nl.verhalenbank.28000
35