Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
33 datasets found
Dutch Keywords: sterk Place of Narration: Sumar
Ruerd Veenstra is letter troud en hy kom yn 'e stêd to wenjen. Op in snein kochten hy en syn maet in glês bier yn in kroech. Dêr siet doe krekt in roerich ploechje jonkfolk. Dy wienen och sa lestich. Hja hellen de messen ta de bûsen út en wienen drok en healwiis. 't Bigoun Ruerd to forfelen. Ruerd sei tsjin syn maet: "Ik hie der wol sin oan om dat folkje...
nl.verhalenbank.36248
De potskippers fan Sumar: Melle, Folkert en Sjoerd van der Meer wienen ek ôfgryslike sterk. It wienen fiskers. Se fisken meast op 'e Burgumermar. Op in kear siet Melle by Teunissen op 'e Harste yn 'e kroech. Hy hie in slokje op. Even letter kaem dêr in mantsje yn mei in buchel. Dy hie it greatste wurd. Hy wie tige brutael tsjin ien, doe krige Melle dêr...
nl.verhalenbank.31487
Sterke Hearke wie oeral bikend. Twa man kamen ris by him doe wie er op it fjild oan it ploeijen. Hja woenen mei him wrakselje, mar se koenen him net. Doe fregen se oan 'e man dy't dêr ploege, of er ek wist hwer't Hearke Witteveen wenne. Doe sei Hearke, wylst er de ploege mei de iene hân foarútstuts: "Sjoch, dêr wennet er." En mei de oare hân sloech er him...
nl.verhalenbank.31486
Hjir yn Sumar hat in tige sterke smid wenne. Meensma hiet er. Dy tilde samar fjouwerhûndert poun op. Yn 'e oarloch wie de brant tige krap. Der wie in boer, dy hie in grouwe beam. Meensma hie forlet fan branhout en hy frege dy boer om hout. "Jo meije dy beam ha," sei de boer, "as jo him nei hûs ta sjouwe." Dat nom Meensma oan, en hy hat it dien.
nl.verhalenbank.25636
Greate Pier wie in hiele sterke keardel. Op in kear wied er us oan 't ploeijen. Hy hie 't hynder foar de ploege spand. 't Wie noch in âlderwetske ploege mei in houten balke. Doe kom der in fremde man op him ta en dy frege: "Wite jo hwer't greate Pier wennet?" Doe sloech Pier it hynder foar de ploege wei. En hy naem de ploege yn 'e rjochterhân en tilde him...
nl.verhalenbank.21123
Sterke Hearke wie us oan 't ploegjen. Doe wienen der minsken dy kommen by him en dy seinen, dat se dêr en dêr wêze moesten. As hy ek oantsjutte koe hwer't dat wie. Doe nom Hearke de ploege en wiisde der mei nei in hûs en sei: "Asjyblyft, dêr wenje se."
nl.verhalenbank.25635
Der wenne in frommeske yn Sumar, dat wie famylje fan Sterke Hearke. Hja luts samar twa kroadfollen jirpels troch de modder hinne. Net in keardel dy't it dwaen koe, hja die it allinne. Sy nom ek samar op elke earm in sekfol jirpels, dy't se nei de wâl ta sjoude. Hja skreau har Borger.
nl.verhalenbank.25634
Luije Ielke arbeide op 'e plaets fan Sjoerd Bonnes (Algra) fan Sumar. It wie bikend dat luije Ielke ûnbidige sterk wie. Syn fan wie Bouma. De jonges fan Sjoerd Bonnes woenen ris in grap mei him ha. Hja laedden in kroade fol mei balstiennen en leinen dêr hwat rûchteguod oerhinne. Doe seinen se tsjin Luije Ielke: "Wolle jo dy kroade dêr even wei helje?"...
nl.verhalenbank.31632
Der wie ien dy woe mei Sterke Hearke wrakselje. Mar hy koe Hearke net. Doe't er yn Droegeham kom seach er in man, dy wie op 't lân oan 't ploegjen. "Wytst' ek hwer't Hearke wennet?" frege er. Doe sei dyselde: "Dêr wennet er." En hy tilde de ploege mei sturt en alles omheech en wiisde sa nei syn hûs. "O," hie dy man sein, "dan wit ik it wol." Hy wie...
nl.verhalenbank.32924
Yn Jistrum wenne sterke Hearke. Hy woarde neamd Hearke de Reus. Heit hat him wol kend. (dit is onjuist- A.A.J.)
nl.verhalenbank.20264
Har broer droech in greate swiere roeiskou op 'e skouders út 'e feart wei nei in oare feart ta. Hy mat ek ûnder tsjinst west ha. Hy woe graech by de soldaten wei en doe frege er de kaptein of er frij fan 'e tsjinst wêze mocht: dan soed er in great anker fan 1400 poun om 'e kaserne tille.
nl.verhalenbank.32922
Dizze minsken hieten fan Boom, omdat it skippers wienen, dy't de boom brûkten. Jantsjen wie in great gewant frommes. Op in kear moest se foar 't gerjocht komme. Doe sei de rjochter tsjin har, doe't se har namme neame moest: "Je ziet er ook net uit als een boom. De takken ontbreken er alleen maar aan."
nl.verhalenbank.32923
Yn 'e Rottefalle hat in hiel sterk frommes wenne. Dat wie Jantsje Boom. It wie in skippersdochter. Dy wie sa sterk, dat hja droech samar twa sekfollen ierappels - dat wie 140 poun -, ûnder elke earm ien, fan 'e Rotfalle nei de Folgeren. Dat wie mear as in healûre gean. Dan bleau se ûnderweis ek noch stean to praten sûnder dat se de sekken delsette.
nl.verhalenbank.32921
Sterke Hearke - it forhael fan 'e ploege.
nl.verhalenbank.32440
Der kommen ris guon, dy moesten by Sterke Hearke wêze. Tafallich fregen se him doe't er op it lân oan 't ploeijen wie. Se wisten net dat hy it sels wie. "Hwer wennet Hearke?" fregen se. "Hjir stiet er en dêr wennet er", sei Hearke en hy krige de ploech beet en tilde him op en wiisde der mei nei syn hûs.
nl.verhalenbank.31798
Alde Hindrik de Roos wie moundersfeint by Klaes Gorter yn Garyp. Guon fan syn fingers wienen ôfferzen. Hy wie izersterk. Op in kear brochten se moal fan 'e boat ôf yn 't pakhûs. Dat wienen sekken fan 100 poun. Hindrik wie der ek by. Doe sei der ien: "Dit is gjin minskewurk, om dat moal dêr nei de souder to sjouwen." Doe sei Hylke, de soan fan Klaes:...
nl.verhalenbank.36222
Linse Bouma syn heit wie o sa sterk. Hjir wie in boer yn Sumar, dy hie twa hynders. Dat wienen greate dogeneaten, dêr koed er neat mei wurde. Doe frege er Bouma of dy se ynride woe. Dat woed er wol dwaen. Mar dy hynders wienen ôfgryslike wyld. Hy sei: "Ik wol in nij túch brûke mei nije touwen." Doe't de hynders dêr yn sieten woarden se wyld. Sy woenen...
nl.verhalenbank.32441
De trije bruorren van der Meer wennen yn Sumar. De Potifar's woarden se neamd. Sy wienen ôfgryslike sterk. Wy wienen fan dy skoaljonges. Doe kommen der trije ûngetiders fan 'e Harkema oan. Dy soenen nei de klaei ta to ûngetiidzjen. Alles gong doe noch tofoet. Wy as jonges der achteroan, hwant de trije man seagen der hwat fremd út. Ien hie in swart...
nl.verhalenbank.32443
Hy wenne by de boer, dat wie Joan Algra. Sy wienen beide noch jong en hâldden wol fan in grapke. Op in kear doe moest Bouma op 't hûske. "Dan sil ik de kroade wol even foar dy lade wyls", sei Algra (Sy wienen oan 't dongkroadzjen). Doe trape Algra dêr krekt safolle dong yn as er mar koe, dat de kroade wie net mear to hantearjen. Even letter kom Bouma fan...
nl.verhalenbank.32442
Alde Melle potskipper fan Sumar farde op 't fearskip. Dy wie èk tige sterk. Op in kear hied er in fracht fan 'e smid yn de Pein. Wylst de smid yn 'e hûs siet to kofjedrinken krige Melle 't ambyld fan 't blok en sette 't bûtendoar del. Mei man en macht koenen se it net wer toplak krije. Doe moest Melle komme. Dy sette 't wer op 't blok del.
nl.verhalenbank.36224
35