Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
31 datasets found
Dutch Keywords: sterk Place of Narration: Rottevalle
Sterke Hearke krige de ploege by de sturt beet. De ploegen hienen doe mar ien sturt. Hearke luts allinne in foer dong út it skerngat wei. Op in kear wie Sterke Hearke oan 't meanen. Hy tochte: "Hwat wol dat min." Doe hied er al in hiel stik ôfmeand. Hy nei de seine sjen en hwat wie doe 't gefal? Doe siet de fuorring noch om 'e seine hinne.
nl.verhalenbank.20969
Hearke hat ek ûnder tsjinst west. Dêr lei in anker fan njoggentsjin hûndert poun. Dat tilde hy samar op. Doe sei er tsjin 'e kommandant: "As ik dit anker om 'e kaserne hinne sjou, mei ik dan út 'e tsjinst wei?" Hwant hy woe graech nei hûs ta. Mar it woarde him net tastien.
nl.verhalenbank.27752
Der wie in jonge man yn Aldegea, dy wie sterk. Mar it jongfolk sei tsjin him, der wie in kater, dy wie noch sterker as hy. "Wedzje fan net", sei er. Doe nommen se dy kater mei yn 'e sek. De jonge man woarde blyndoeke en krige in tou yn 'e hân. Hy stie oan 'e iene kant fan 'e sleat. It hiet dat de kater it tou oan 'e oare kant fêst hâldde. Doe moesten se...
nl.verhalenbank.27750
Greate Pier fan Kimswert wie ris op it lân oan 't ploeijen. Doe kom der ien by him en dy frege him hwer't dy en dy wenne. Doe nom Pier de ploech fan 'e groun en wiisde der mei nei in hûs. "Dêr wennet er", sei er.
nl.verhalenbank.33730
Sterke Hearke wie arbeider by in boer. Der moest in foer hea ta de skuorre yn. It hynder koe 't net dwaen, hwant it foer hea wie hwat wiid opset, it krige kear by de yngong. Doe soe Hearke it der dan ynlûke. Hy krige de wein foar by 't tiksel beet. De oare arbeiders soenen achter skouwe. Mar dy praetten meiïnoar ôf, sy soenen oan 'e fjilden hingje. "Dan...
nl.verhalenbank.27751
Hearke wie ek plysje. Dat wie myn pake Gjalt Lindeboom ek. It gebeurde wol dat der in feest wie op in sael yn in herberch. Dan wienen der wolris manlju dy waerden lestich. Dy hienen dan in slokje op en dan woenen se de boel yn 'e war skoppe. It foel dan wol ris foar dat ús pake en Hearke dêr beide oanwêzich wienen. Mar dan sei Hearke tsjin pake: "Meitsje...
nl.verhalenbank.37451
Sterke Hearke wenne yn Droegeham. Dy luts op in kear in boerewein mei dong laden samar ta de skerne út.
nl.verhalenbank.37450
Der kom us ien by Sterke Hearke wylst dy op it lân oan 't ploegjen wie. Hy hie ien hynder foar de ploech. "Hwer wennet Sterke Hearke?" frege dy man him. Hearke hie 't hynder foar de ploege weihekke en de ploege optild mei ien hân. En doe hied er sein: "Hjir is Sterke Hearke en dêr wennet er."
nl.verhalenbank.27709
Hearke wie jong al plysje. Hy woe foar himsels wolris wite hoefolle er yn 'e bouten hie. Hy wie ris by van Dyk yn 'e Rottefalle en dêr wie pake ek mei noch in stik of hwat oare jongemannen. Pake wie de sterkste fan harren (op Hearke nei fansels). Der wie yn 'e taep in lûk mei in greate ring der oan. Dêr siet in kelder ûnder. Doe sei Hearke tsjin pake:...
nl.verhalenbank.37453
Hearke syn suster wie ek tige sterk. Hja briek samar in dikke ikene kneppel foar de knibbel en smiet dy op it hurdfjûr.
nl.verhalenbank.37457
Op in kear kaem der in man by Hearke, doe wie dy oan 't ploegjen. Dy frege hwer't Hearke wenne. Syn doel wie mei Hearke to wrakseljen, hwant hy wie sels ek sterk, mar dat fortelde er der net by. Doe't er dat frege hie fage Hearke mei de foet de modder hwat fan 'e ploege, hy hekke it hynder út, hy krige de ploech mei ien hân beet en stuts him rjochtút....
nl.verhalenbank.37454
In pear man kamen by Hearke syn mem. Dy fregen of Hearke thús wie. "Né, Hearke is net thús", sei se. "Hwat wie jimme boadskip?" Hja woenen wolris mei Hearke prate en wrakselje. Der waerd sein dat er sa sterk wie. Doe sei de mem: "Kinne jimme de stien wol optille dy't dêr leit?" Hja bisochten it, mar hja koenen de stien net fan 'e groun krije. "Nou," sei...
nl.verhalenbank.37455
Hearke hat ek in broer hawn, dy wie nòch sterker as Hearke. Dy wie to sterk. Syn spieren wienen to sterk foar it lichum. Dy koe net libje. Dy wie sterker as dat syn lichum mâns wie. Hy is jong stoarn.
nl.verhalenbank.37458
Hearke hat ek ûnder tsjinst west. Mar dêr hied er danich it mier oan. Hy woe in anker fan fjirtsjinhondert poun om 'e kaserne hinne tille as er dan mar frij mocht fan 'e tsjinst. Mar dat is net gebeurd. Hy hat it swiere anker wol optild, mar se stienen net ta dat er út 'e tsjinst gong.
nl.verhalenbank.27711
Op in kear wie Hearke oan 't dongmennen. Hy hie in âld hynderke foar de dongwein. 't Wie by him thús. Mar 't âld-hynder koe de wein mei dong net út it skerngat krije. Doe sei Hearke: "Ik sil de brune even helpe." Doe hied er de wein der allinne út lutsen.
nl.verhalenbank.27710
Op in kear wienen in moai keppeltsje manlju der mei dwaende in hiele swiere beam op 'e wein to tillen. Mar dat woe har net slagje, de beam wie 't folkje to swier. Doe kom Hearke der oan. Hearke sei: "Wachtsje mar, ik sil jim wol even helpe." Doe tilde hy allinne dy swiere beam op 'e wein. Doe't de beam dêr goed en wol lei gongen de manlju nei de herberch...
nl.verhalenbank.27712
Hearke hat ek ris in weddenskip hâlden om twa sigaren. Dêr wie myn heit syn heit by. 't Wie op in snein en hja wienen oan 't piksjitten. Dat dienen se alle sneinen by Sterke Hearke op it hiem. Dêr lei in hiele dikke bolstien op it hiem, dêr siet in izeren ring oan fêst. Doe seinen se: "Dy stien kin net ien tille." De iene nei de oare bisocht it, mar net...
nl.verhalenbank.29573
Sterke Hearke en syn broer hienen in âld hynder en dêr fuormannen se mei. As it gebeurde dat de ladene wein yn in bidelte stie en it hynderke koe him der net weikrije, dan spanden de beide mannen it hynder út en lutsen sels de wein dêr wei.
nl.verhalenbank.33729
Sterke Hearke wie ris in kear op it lân oan 't ploeijen. Doe kommen dêr ris minsken by him, dy fregen him of er ek wist hwer't dy en dy wennen. Doe hie Hearke de ploech optild en sein: "Dan matte jo dêr en dêr lâns gean." En sa hied er mei de ploech yn 'e rounte wiisd. Hy hie him mei ien hân optild.
nl.verhalenbank.33066
Sterke Hearke fan Houtigehage hat ûnder tsjinst west yn Den Helder. Doe soed er in anker fan tûzen poun om 'e stêd hinne drage, as er dan mar frij wie fan 'e tsjinst. Mar it woarde him net tastien.
nl.verhalenbank.33728
35