Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
26 datasets found
Dutch Keywords: sterk Place of Narration: Houtigehage
Sterke Hearke wie noch in jonge, fortelde heit. Doe wied er us in kear op 't Fean (= Surhústerfean). Doe wienen dêr in stik of hwat mannen, dy losten in wein. Der leinen dikke beammen op 'e wein en dy leinen se iene foar ien op 'e groun. Dêr stie Hearke by to sjen. Doe gongen dy lju yn 'e herberch en kochten in buorrel, mar sy nommen Hearke net mei. Doe't...
nl.verhalenbank.23731
Hearke hie in faem yn 'e Ham (= Droegeham). Dêr soed er ris in snein-to-joun hinne. Doe kearde it jongfolk him. Sy seinen tsjin Hearke: "Hwer silstû hinne?" "Nei de faem", sei Hearke. Sy seinen: "Werom!" Hearke sei: "Dat is goed, mar foardat wy by elkoar wei geane, fûstkje wy earst even." Doe krige Hearke ien fan dy mannen by de hân. Mar tagelyk sette er...
nl.verhalenbank.23732
Yn 'e ûngetiid gebeurde it, dat de boer in foer hea fêst sitten hie tusken de skuorredoarren. 't Wie by Fryskepeallen. Sy fregen Sterke Ynse. "Wol Ynse even skouwe?" "Jawol", sei Ynse. Ynse sette de rêch tsjin 't foer hea oan en doe skoude er 't hiele foer hea fan 'e wein ôf.
nl.verhalenbank.25418
De ploege fan sterke Hearke, dat wie in âlderwetske houten ploege.
nl.verhalenbank.21691
Doe't Sterke Hearke twa jier âld wie, doe koed er al in boerewein fuortlûke.
nl.verhalenbank.25597
Yn 'e Ham wie in reed, dêr hie sterke Hearke paed lâns. Doe wie der ien, dy woe him dêr net mear lâns ha. Dy makke it ticht mei pealtsjes. Mar Hearke helle se der út en gong der like goed lâns as oars. Hyltyd wer frede dy man it ôf. Doe krige Hearke op it lêst syn nocht. Hy sei tsjin dy man: "Ast my nou wer in kear keare wolst, dan ried ik dy oan dat net...
nl.verhalenbank.21690
Sterke Hearke wie in kear op 't lân oan 't ploegjen, tichte by de reed. Doe kom der in keardel oan, dy sei: "Kinne jo my ek sizze hwer't Hearke wennet?" "Jawol", sei Hearke. Hy krige de ploege en dy stiek er rjochtút en hy sei: "Yn dat hûs wennet er." (Sa'n ploege woech in trijehûndert poun)
nl.verhalenbank.23734
Hearke krige us in kear rúzje mei syn frou. Mar hy wie sa forstânnich en hâld de hannen thús. Ynpleats dêrfan gong er nei de skuorre en fan kleare lulkens nom er dêr de beide skûrduorren út 'e hingsels. De frou woarde bang en nom de flucht. Doe't Hearke even letter yn 'e hûs kom, wie hja der net. Hy gong der op út om to sjen hwer't se wie. Op it lêst foun...
nl.verhalenbank.21692
Hearke hie in dochter, dat wie Rixt. Rixt wie ek ôfgryslike sterk. Hja hie forkearing mei in keardel, dy liet har yn 'e steek. Doe trof se him wer op in gelegenheit by in feestje. Hja kom by him en frege him om to dânsjen. Hy woe wol. En hy woe ek wol wer forkearing mei har ha, sei er. Mar hja hat him sa bot knypt ûnder 't dânsjen, dat de ribben binne him...
nl.verhalenbank.21693
Sterke Hearke: it forhael fan 'e ploege.
nl.verhalenbank.22048
Mindert Taekes wenne by de Bethlehemsreed. It wie in stjonkert, dy't folle roofde en stiel. (Hy hie us in pink stellen op it Wytfean yn 'e pleats, dêr't nou Ate Ates Oosterhof wennet, doetiids Tsjerk Hoekstra) Hy hat nachtwacht west yn 'e Rottefalle. Op in kear hied er wer hwat útheefd en moest er oppakt wurde. Mar hy forskynde net. Doe hâldde de...
nl.verhalenbank.21976
Sterke Hearke fan Droegeham wie oeral bikend om syn greate kracht. Der wienen ris twa man yn Grinslân, dy wienen ek tige sterk. Dy hienen der fan heard, dat Hearke sa sterk wie. Se woenen wolris mei Hearke fechtsje. Doe setten se op Droegeham ta. Se kommen de wei del en doe seagen se dêr in man oan it ploeijen. "Lit ús dy man ris freegje hwer't sterke...
nl.verhalenbank.37695
Op it Bomkleaster wienen se oan 't boekweit terskjen op 'e telle. Hyltyd kommen se mei weinen fol boekweit oanriden. Op in kear stie der wer in weinfol boekweit foar de skuorredoarren. Doe kom der in bui opsetten. Doe moest de boekweit staf en af binnendoarren. Op 'e telle yn 'e skuorre. De terskers wienen der meielkoar oer gear om de wein der yn to...
nl.verhalenbank.21978
Sterke Hearke woardde us by in kerweike roppen. Der moest in hiele grouwe swiere beam op in wein laden wurde. Dat wie flak by in herberch. Hearke laedde de beam pûr allinne op 'e wein. Doe gongen se nei de herberch ta, mar sy hienen it fatsoen net en traktearje Hearke op in slokje. Doe gong Hearke der út. Hy hat de beam wer op 'e groun falle litten. Doe...
nl.verhalenbank.19589
Yn 'e buert fan Fryskepeallen mat in hiel sterke keardel wenne ha. Sterke Ynse neamden se him. Froeger wienen de minsken wol oan 't stiensykjen. Dêr wienen se ek no mei dwaende yn Fryskepeallen. Doe hie dêr in hiele grouwe bolstien lein. Net ien dy't dy bolstien tille koe. Mar Ynse hie him samar opnom en op 'e wein lein, dy't him nei de pream ta ried. Ek...
nl.verhalenbank.19588
Sterke Hearke hie ris in tsjinnichheit tsjin ien. Op in kear kom dyselde der oanriden mei de wein. Hearke spande 't hynder út en smiet de wein yn 'e sleat.
nl.verhalenbank.24231
Taeke wenne yn in âld keetsje oan 'e Houtigehaechster wyk. Hy wie ôfgryslike sterk. Doe't er krekt troud wie mei Gees moest er fuort oan 't arbeidzjen. De baes sei: "Dû mast spoarbyls sjouwe. 't Is swier spoar. Jimme matte dat mei jimme seizen drage." Taeke wie net sa hastich, hy knoeide hwat om. Doe woarde de baes hwat nidich op him omt er dy fiif man...
nl.verhalenbank.23986
Myn heit syn heit, dat wie greate Anders. Dat wie in keardel as in reus. Hy wie omtrint in heale meter greater as gewoan. En sterk! Mar hy wie sa bang, dat hy is wol dwars troch de wyk hinne gong nei hûs ta. Hy hie in lyts bihindich wyfke, Aeltsje, dêr wied er ek stjerrend-binaud foar. Hy dolde in weinfol jirappels, en as de kedde 't net lûke koe, dan...
nl.verhalenbank.24232
Taeke hie 't mar krap mei syn wyfke Gees. 't Wie yn 'e winter en sy hienen gjin brant. Doe gong Taeke der op út om hout. Hy seach in dikke iken stambeam lizzen. Dy krige er en hy sjoude him nei hûs ta. Njonken de doar smiet er him del. It wie de beam fan in boer en dy gong de oare moarns nei de plysje ta. Hy sei: "Sy ha my de iken stambeam ûntstellen." De...
nl.verhalenbank.23987
Hearke wie us oan 't ploegjen op it lân. Doe kom der ien by him. "Hwer wennet Hearke?" frege er. Doe hat Hearke de ploech by 't sturtein beet krige en sein: "Dêr wennet er en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.25598
35