Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
28 datasets found
Dutch Keywords: sterk Place of Narration: Augustinusga
Hearke hat ûnder tsjinst west. Dêr hied er in hekel oan. De oare soldaten pleagen him wolris hwat. Mar Hearke wie troch-goed, dy die meastal neat werom. Mar op in kear doe wied er op in skip fan 'e marine. Doe wienen de soldaten ûnder yn dat skip. Der lei in anker fan fjirtsjinhûndert poun op dat skip, dat lei Hearke op 'e roef, doe koenen dy soldaten der...
nl.verhalenbank.27635
Der wie us in man, dy soe nei sterke Hearke ta. Doe seach er ien dy wie op 't lân oan 't ploegjen. Hy der hinne. Sy hienen froeger fan dy ploechjes mei ien sturt der oan. De man sei tsjin deselde dy't oan 't ploegjen wie: "Soenen jo my ek sizze kinne, hwer't Sterke Hearke wennet?" Dy't oan 't ploegjen wie, dat wie sterke Hearke sels. "Jawol", sei Hearke....
nl.verhalenbank.23862
Hearke wie wol tige sterk, mar hy wie der net linich neffens. Us pake en dy wienen us oan 't ûngetiidzjen op in hoekje greid mei har trijen. Dêr njonken wienen fiif man oan 't wurk, dêr wie Sterke Hearke ek by. Dat wie folle lytser stikje lân. Mar pake en dy hiene gâns earder klear west.
nl.verhalenbank.23863
Ek in kear doe wie de wein fol dong en dy stie yn 't skerngat. De beide hynders koenen de wein der net wei krije. Doe smiet Hearke de silen los, hy krige sels it tiksel yn 'e hân en luts it der sels út. Rienk van der Meer fortelde 't my, dy arbeide mei him. Se neamden Hearke altyd 'pake'.
nl.verhalenbank.27634
Us heite heit fortelde: Yn 'e Harkema wennen se froeger yn spitketen. Dat wienen húskes, meast fan seadden, mei lege weechjes. De muorre fan 'e lege weech wie fan seadden en it tek fan strie. Op in kear doe slepten der froulju ûnder 'e lege weech yn ien fan dy keten op 'e heide. In keppeltsje feinten woe nei dy froulju ta. Hearke kom se oer 't mad. Hy wie...
nl.verhalenbank.21858
Hjir yn Stiensgea hat in famyljelid fan him wenne. Dy wie by de boer yn 't wurk. Hy hiet ek fan Hearke. Dy wie ek wol sà sterk. Se laedden in kear hea op 'e wein. Doe sei de boer tsjin him: "Jo stekke àl hwat dikke stikken op. Tink om 'e sydljedder. Dy mat it hâlde, ik wol 't spul net stikken ha." "Ik sil der om tinke", sei Hearke. Mar doe wie 't al to...
nl.verhalenbank.27636
Hy wie arbeider by Bindert Japiks. Dy hie in stik lân, dat wie tige sompich. Dêr hied er wol us fé yn rinnen. Op in kear rekke der in koe yn 'e sompe. Dy siet sa fêst as in hûs. Alde Bindert Japiks sei tsjin Hearke: "Wy matte dêr hinne. Matte wy ek in hynder meinimme om dy koe der út to skuorren?" "Dat hoeft net," sei Hearke, "dat rêdde wy sà wol op."...
nl.verhalenbank.21859
Sterke Hearke wie arbeider by in boer op it Bomkleaster. Rienk van der Meer wie dêr ek. Dy fortelde, sy hienen ris in kear sân helle fan Droegeham. It sân moest tusken de plaets en 't hok yn. Dêr koenen de hynders net tusken. It sân moest dêr lege wurde, dat de wein moest dêr hinne. Hearke gong oan 't tiksel stean en luts it weinfol sân yn 'e gloppe. De...
nl.verhalenbank.27633
Hearke wie arbeider op 't Bouwekleaster. Hearke koe net bêst mei hynders omgean. As der dong laden wurde moest wie dat Hearke syn wurk altyd, in oaren ried. Op in kear hied er krekt wer in wein laden, doe koene de hynders gjin skrep krije. Sy koenen de dong net lûke. Doe sei Hearke tsjin deselde dy't ried: "Och, doch de hynders der even foar wei." Doe...
nl.verhalenbank.23864
Sterke Hearke wie stille plysje yn Droegeham. 't Jongfolk fan Stiensgea wie us oan 't kuijerjen. Doe hâldden se in weddenskip. Sy praetten ôf, de earste de bêste dy't se tsjin komme soenen, dy soe troch ien fan harren pakt wurde en oer de weareld smiten. It lot wiisde oan dat Roel de Haan dat dwaen soe. Dat wie in licht mantsje. Hy hat letter sels...
nl.verhalenbank.27632
Hearke kom us thús mei in pear foer hea. 't Ald hynder koe 't hea net yn 'e skuorre krije, hwant it gong hwat omheech. "Kom," sei Hearke, "wy slagge it âld-hynder der foar wei." Twa arbeiders soenen Hearke helpe om de wein yn 'e skuorre to krijen. Mar dy beide arbeiders seinen: "Wy hingje." En dat dienen se ek, ynpleats fan mei to helpen. Hearke krige it...
nl.verhalenbank.21860
Hearke wie arbeider by Bindert Japiks op it Bomkleaster. Dêr wienen se op in kear oan 't dongriden. Der stie in wein folladen yn 't skerngat, mar de hynders koenen de wein dêr net wei krije. Dêr kaem Hearke oan. "Kinne de hynders it net dwaen?" frege er. "Né", seinen se. "Gean dan mar wei", sei er. Hy spande de hynders út, krige it tiksel beet en loek de...
nl.verhalenbank.37108
Sterke Hearke wie bysûnder sterk. Hy hie in âld hynder, as dat it wurk net dwaen koe die er it sels. As it hynder de wein mei dong net út it skerngat lûke koe, luts hy it der sels út.
nl.verhalenbank.27655
Hearke syn heit mat ek ûnbidige sterk west ha. Hearke woe op in sneintojoun nei de froulju ta. Dat stie syn heit net oan, dy woe him thúshâlde. Mar Hearke die syn bêste klean oan en soe op stap. Doe krige syn heit him foar by 't boarst beet, mar hy hâldde Hearke net. Hy hâldde in hiel stik foar út Hearke syn baitsje wei yn 'e hân.
nl.verhalenbank.21967
Hindrik Wilpstra wie tige sterk, it wie famylje fan Sterke Hearke. En hy koe ôfgryslike hurd rinne. Der waerd altyd sein, hy roun tsjin in houn. Hindrik hat ris it ambyld fan in smit optild en der in ein mei roun.
nl.verhalenbank.37092
Hearke wie oan 't ploeijen op 'e Skaltepaden. Doe woarde it hynder in bytsje skichtich. Doe krige Hearke it by de bek en draeide de team in heale slach om, it hynder yn 'e bek. Doe sei er: "Bist nou goed? Oars mast it fiele, jonge." En hy skodde him hinne en wer. Doe hie 't hynder genôch hawn. It wie bikom en roan mei de kop tusken 'e poaten fierder.
nl.verhalenbank.36797
Sterke Hearke wie oan 't ploegjen. Doe kaem der ien by him, dy sei tsjin him, hy woe sterke Hearke wolris sjen, en hy woe wite hwer't er wenne. Doe pakte Hearke de ploech en tilde him op en stuts him rjocht foar him út. "Dêr wennet sterke Hearke," sei er, "en hjir stiet er foar dy."
nl.verhalenbank.37112
Sterke Hearke brocht jild fan 'e gemeente Achtkarspelen yn 'e sek nei Ljouwert ta. Op in jountiid wied er wer ris ûnderweis mei jild. Hy hie de sek op 'e rêch. Underweis stienen der twa keardels, die soenen him oanpakke. Mar dan wienen se mei Hearke noch net klear. Hearke sette de sek mei jild del en sei: "Jimme matte even tiid dwaen." Doe pakte er de...
nl.verhalenbank.37107
Sterke Hearke wie oan 't dongladen yn Bouwekleaster op 'e plaets. 't Wie itenstiid, mar de boer hie net sein: "Mannen, ophâlde, earst ite." Hearke laedde de wein fol stront yn 't skerngat. It wie sa'n fracht, dat net ien koe him der wei krije. Dêr wie 't Hearke om bigoun. Hy gong nei hûs ta. Hy tocht: se matte dochs op my wachtsje. En sa wie 't ek. Doe't...
nl.verhalenbank.36796
Us pake wie Jelle Kalsbeek. Hy wie ôfkomstich fan Aldeboarn. Dêr wied er bierbrouwer. De man wie ôfgryslike sterk. Op in kear hâldde er in weddenskip mei oaren. Der soe útmakke wurde, hwa't it sterkst wie, hy of syn hynder. It hynder stie oan 'e iene kant fan 'e feart en pake Jelle oan 'e oare kant. Sy sieten mei in tou oan elkoar fêst. It hynder luts oan...
nl.verhalenbank.22734
35