Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
30 datasets found
Dutch Keywords: sterk weg
Sterke Hearke wie oan 't ploegjen. Der gong ien nei him ta, dy frege: "Hwer wennet Sterke Hearke?" Doe sei Hearke: "Hjir stiet er en dêr wennet er." Doe tilde er de ploech op en stuts him rjochtút as in gongelstok.
nl.verhalenbank.37022
Ik ha dy forhaeltsjes meast fan ús Anne-om. Hy fortelde ek dat Rixt altyd dongkroade. Sy wennen yn in lyts spultsje oan 'e Lytse wei. As Rixt mei de kroade fol troch 't mollelân (= 't ploege lân) kroade of oer it hurde paed, dat wie har krekt itselde. Sy koe net warch.
nl.verhalenbank.26138
Hearke wie ris oan 't ploeijen. Doe kom der ien by him, dy woe wite hwer't Hearke wenne. Hearke tilde de ploech op en wiisde dêrmei nei syn hûs. "Dêr wennet er," sei er, "en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.36841
Greate Pier wenne to Kimswerd. Dy wie ris op in kear oan 't ploegjen. Doe kaem der ien by him op it lân, dy sei: "Ik mat by in man wêze, dy neame se Greate Pier. Kinne jo my ek sizze hwer't ik dy fine kin?" "Jawol", sei Pier. Hy krige it ploechizer mei ien hân beet. Hy wiisde der mei op syn plaets en sei: "Dêr wennet er en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.37222
Heit wie izersterk. Hy wie de sterkste keardel fan 'e hiele Westerein. Hy wie fuorman. Op in kear wienen der seis man by 't wachthûs. Dy wienen oan 't spoarlichten. Sy hienen mei har seizen in ryl (= rail) krigen, dy leinen se dwars oer de wei. Doe kom heit der oan mei de wein. "Ho!" sei er. En hy krige de ryl en smiet him del yn 'e lichte. Sa'n ryl woech...
nl.verhalenbank.19444
Sterke Hearke wie lulk op 'e smid. Hy tilde 't aembyld fan it blok, sjoude it nei bûten ta en sette 't op 'e wei del. "Sjesa," sei er tsjin 'e smid, "nou matte jo mar sjen dat jo it wer toplak krije."
nl.verhalenbank.26074
Sterke Hearke wie mei hynder en ploech op it lân. Doe kom der ien by him dy frege nei de wei. "Dan matte jo dy kant út", sei Hearke, en wylst tilde hy de ploech op en wiisde dêr mei de rjochting oan.
nl.verhalenbank.36918
Yn 'e Ham wie in reed, dêr hie sterke Hearke paed lâns. Doe wie der ien, dy woe him dêr net mear lâns ha. Dy makke it ticht mei pealtsjes. Mar Hearke helle se der út en gong der like goed lâns as oars. Hyltyd wer frede dy man it ôf. Doe krige Hearke op it lêst syn nocht. Hy sei tsjin dy man: "Ast my nou wer in kear keare wolst, dan ried ik dy oan dat net...
nl.verhalenbank.21690
Myn pake, Fokke Veenstra, wie tige sterk. Hy wenne yn 'e Westerein. Op in kear kaem er mei hynder en wein út 'e Sweager Mieden. Doe wienen dêr in stik of 8 man by 't spoar oan 't wurk. Se seagen pake oankommen. Doe seinen se tsjin elkoar: "Soe Fokke werklik sa sterk wêze as se sizze?" Dat woenen se wolris witte. Doe tilden se mei har achten in rail op en...
nl.verhalenbank.32214
Vroeger had je de sterke beulen. Die trokken overal henen. De meesten kwamen uit het buitenland. D'r was nooit iets naar d'r zin. Ze verzetten palen. Vroeger had je veul van die grote zerken voor de hofstejen. As 't niet naar d'r zin was, dan haalden ze die ok weg.
nl.verhalenbank.50970
Greate Pier wie op 't lân oan 't ploegjen. Doe kom der ien by him. Dy frege: "Hwer wennet Greate Pier?" Doe krige Pier de ploech mei de hân beet. Hy tilde him op en wiisde nei de pleats. "Dêr wennet er," sei er, "en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.36957
Alde Keke hie in broer, dat wie Foppe-om. Dy wie tige sterk. Hy fuormanne hwat. Op in kear siet syn skoanheit by him op 'e wein. Doe leinen der rails op 'e wei dy woegen 600 poun. Dêr moest Foppe-om mei de wein lâns. Foppe-om hâldde stil. Hy koe der sa net lâns mei de wein. "Dy matte der wei", sei er. Syn skoanheit sei: "Mat ik dy net even helpe, jonge?"...
nl.verhalenbank.36349
Griet wie in dochter fan Hearke. Dy wie ek omrake sterk. Op in kear helle se in grap út. By Kees-smid yn 'e Ham stie in aembeeld, dat woech twahûndertfiifentwintich poun. Dat aembeeld sette Griet op 'e wei. Sy sei: "Hwa't dat aembeeld allinne wer op it plak tille kin dêr't it weikomt, dy mei joun mei my út." Njonken de smit wenne ien dy hiet fan Hubert,...
nl.verhalenbank.23958
Hearke syn suster wie ek sa sterk. Dy sette ris in kear by de smid yn Stiensgea it aembeeld bûten op 'e strjitte. De smit koe 't er noait wer yn krije, èk net mei syn feinten derby. Doe wie hja der by kom, en hja hie 't allinne wer yn 'e smidte set.
nl.verhalenbank.25910
Der wienen ris yn Bakkefean seis man oan 't laden mei almachtich dikke beammen op in wein. Ien beam wie wol twa kear sa grou as de oaren. Sy koenen 't net struse om dy beam op 'e wei to krijen. Sterke Ynse stie der sa by. Hy sei: "Sil 'k jim even helpe?" Dat wie gjin dôvemans praet. Dat nommen se graech oan. Ynse krige it swierste ein. Tsjin 'e oaren sei...
nl.verhalenbank.32698
Myn pake hat mei sterke Hearke arbeide, doe't er yn 't wurk wie op it Bomkleaster by Bindert Japiks. Syn beide soannen ha my ris forteld: Op in kear doe hie ús heit in grouwe, foarse beam omkapt. Doe wie er al op jierren. Dy beam lei oer 't paed. De molkwein moest der lâns, dat hy moest der wer wei. Doe seinen de beide soannen tsjin Hearke: "Hoe sille wy...
nl.verhalenbank.25908
It wie tichte by 't Bouwekleaster. Der roan hwat jongfolk op 'e wei. Us heit wie der ek by. Piter van der Schors wie der ek by. Sy praetten meiinoar ôf, de earste de bêste, dy't dêr foarby kom soe troch ien fan harren oer de groun smiten wurde. Piter soe mei de earste rêdde. Mar doe trof it krekt sa dat Sterke Hearke de earste wie, dy't dêr lâns kom. Dy...
nl.verhalenbank.21373
Sterke Hearke wie in boerke. Hy wie tige earmsterk. Hy koe in hiele grouwe stien mei gemak optille. Op in kear wied er oan 't ploegjen. Doe kommen der minsken by him. Dy fregen him as er ek wist hwer't Sterke Hearke wenne. Hja woenen it tsjin Sterke Hearke yn 'e kant sette, mar hja koenen him net. Doe sei Hearke: "Ja , dat kin ik jim wol fortelle. Sy...
nl.verhalenbank.36976
Syn dochter Rixt tilde op in kear it aembeeld út 'e smederij fan 't blok en sette dat bûtendoar op 'e wei. Dat aembeeld woech fjouwerhûndert poun.
nl.verhalenbank.27503
Sterke Hearke wie oan 't ploeijen op in stik lân. Doe kommen der guon by him lâns, dat wienen fremdlingen. Dy fregen him of er wiste hwer't dy en dy wenne. "Ja," sei Hearke, "dy wennet dêr." En hy krige de ploege mei ien hân beet en tilde him op en wiisde der mei nei 't plak der't dy minsken hinne moesten.
nl.verhalenbank.36807
35