Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
15 datasets found
Dutch Keywords: sterk schip
Hearke hat ûnder tsjinst west. Dêr hied er in hekel oan. De oare soldaten pleagen him wolris hwat. Mar Hearke wie troch-goed, dy die meastal neat werom. Mar op in kear doe wied er op in skip fan 'e marine. Doe wienen de soldaten ûnder yn dat skip. Der lei in anker fan fjirtsjinhûndert poun op dat skip, dat lei Hearke op 'e roef, doe koenen dy soldaten der...
nl.verhalenbank.27635
Sweitse van der Meer wie frachtskipper. Hy farde elke wike fan Sumar nei Ljouwert en werom. Hy wie ôfgryslike sterk. Hy moest altyd fan alles út Ljouwert meinimme. Op in kear hie er in stikmennich fetten fol petroalje meinaem. Hy pakte se by de einen beet en tilde se sa ien foar ien fan 't skip ôf.
nl.verhalenbank.32205
Sterke Ynse fan Bakkefean ha 'k wol kend. Myn omke Klaes Schriemer hie feanterij yn Bakkefean. Yn 'e Mieumerswyk farde in skip, mei turf biladen. Doe kom dat skip foar in daem, doe koe 't net mear foarút. In stik of hwat mannen wienen al oan 't lûken oan 'e iene kant, mar sy koenen gjin biweging yn 't skip krije. Doe kom sterke Ynse der oan. De skipper...
nl.verhalenbank.19684
Op 't Amelân wenne in keardel dy wie ôfgryslike sterk. Hy wie njoggen en tweintich jier en woech twahûndertfiifensechstich poun. Syn earmen wienen like grou as myn billen. Der stienen tonnen fol hearrings ûnder yn 't skip. Elke tonne woech trijehûndert poun. Fiif man tilden dy altyd op. Hy tilde sa'n tonne allinne samar ûnder út it skip wei.
nl.verhalenbank.28111
Sterke Hearke wie ûnder tsjinst yn Den Helder. Dêr leinen twa ankers fan in skip. It iene woech sawnhûndert poun, it oare tûzen fjirtsjen. Dêr kom sterke Hearke oan mei in maet fan him. Doe sei dy maet tsjin Hearke: "Soenen wy dy út it sté krije kinne?" "Noait," sei Hearke, "fiersto swier." Sy biseagen de ankers ris en gongen doe de kaserne yn. Mar Hearke...
nl.verhalenbank.16823
Sterke Ynse wenne yn Bakkefean. Ik ha wolris heard, as Ynse baeltsjes rogge losse moest fan 'e wein, op in skip, dan krige er se mei ien hân by de tûfe beet en sette se sa op 't skip.
nl.verhalenbank.27520
Sybren Smid forhuze fan Eastemar nei Garyp mei 't skip. It ambyld moest ek mei fansels, mar hja koenen it mei fjouwer man net risse. Dêr kom Bouwe de Jong oan. Dy tilde 't allinne yn 't skip. "Gean mar even oan kant", sei er. Bouwe de Jong fan Eastemar wie ôfgryslike sterk.
nl.verhalenbank.21838
De potskippers yn Sumar wienen tige sterk. Sy hieten 'van der Meer'. Doe't ik in jonge fan sa'n jier of tolve wie, wennen wy yn 'e Wierren. Doe hienen dy potskippers in fearskipke. Potifars woarden se ek wol neamd. Ien fan dy mannen, Sweitse van der Meer, kom op in joun mei 't fearskipke oan. Under yn 'e snikke hied er in fet mei trijehûndert poun sjerp...
nl.verhalenbank.29451
Hy naem acht sekfollen sied op 'e kroade, dêr kroade er mei nei 't fearskip ta dat yn 'e haven lei. Sa kaem er by Jehannes Minsinga, de fearskipper. "Hwer wolst se ha?" frege er Jehannes. Dan roan er oer 'e planke mei ûnder elke earm in sekfol. Hy die alles kalm.
nl.verhalenbank.36599
Jan Hepkes Wouda fan Surhústerfean fortelde: Juster ha 'k der nochris oan tocht en ik haw it sels sjoen op ús eigen skip, doe't heit fêst rekke mei in fracht stien yn. It skip siet as 't ware fêst yn 'e blaumodder oan 'e oare kant fan 'e feartswâl. Al hwat heit ek bisocht, hy koe it skip net wer flot krije. Tafallich kaem sterke Hearke dêr oan fan...
nl.verhalenbank.32305
Klaes Berga wie ôfgryslike sterk. Hy wie feint op it beurtskip fan Sake van der Wal. De smid Hoeksma krige in ambeld fan twahûndert poun. Dat moast fan it skip ôf. Klaes krige it op 'e earm. It skip lei sahwat in meter fan 'e wâl ôf. Sa sprong hy der mei op 'e wâl. Hy sette it moai op it blok del by de smid. Klaes Berga hat letter plysje west yn Grins,...
nl.verhalenbank.20705
Rixt wie us op 'e Feanster boat en farde mei nei Ljouwert ta of oarsom. Der wienen arbeiders en kooplju op dy boat, dy pleagen har. Hja hienen hwat to djip yn 'e romer sjoen. It bigong Rixt to forfelen. "Ophâlde", sei se. Mar hja hâldden net op. "Nou warskôgje ik jimme noch ien kear", sei se. Mar it joech neat. Doe stuts Rixt har lofterearm út en hja...
nl.verhalenbank.23434
Heit fortelde, yn Earnewâld mat ek in ûnbidich sterken keardel wenne ha. Froeger wie it skythúske in trijehoekje. Dat hienen se oer 't wetter hinne boud, dan hoefden se 't noait to leegjen. Der kom ris in tsjalkskipper oanfarren en dy krige dat skythúske op 'e klifelstok (sit foar op 't skip; dêr komme twa fokken op) en dy pikte dat der ôf. De seilen...
nl.verhalenbank.29470
Sterke Hearke wie op 'e marine yn Den Helder. Hy hie 't dêr min nei 't sin en woe tige graech wer nei hûs ta. Doe sei in ofsier tsjin him: "As jo dat swiere anker dêr it hiele skip lâns sjouwe, dan meije jo moarn nei hûs ta gean." Doe dìe Hearke dat. Mar doe't er op 'e oare ein fan 't skip wie hied er gjin skuon mear oan. Dy wienen totael formoarzele...
nl.verhalenbank.30042
De fracht gong froeger faek oer 't wetter. Der lei ergens yn 'e buert, dêr't Hearke wenne, in skipper, dy wie ôfladen; dy koe der gjin fracht mear by ha. Doe fregen se dy skipper of hy der noch in keardels dracht by ha koe. Nou ja, dat moest dan mar. Doe fregen se Hearke of d_ it sied drage woe. Dat wie Hearke bêst. Doe laedden se Hearke sa bot ôf op...
nl.verhalenbank.36636
35