Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 datasets found
Dutch Keywords: sterk plagen
Ynse siet us yn in kroechje oan 'e Weibuorren by Oerterp. Dêr siet nochal hwat jongfolk en dy mannen bigongen Ynse to narjen. Sy koenen him net. Ynse wie nochal moai goed en liet se earst gewurde. Mar doe't it slimmeroan woarde, kom er oerein. Hy krige even twa fan dy mannen beet, hâldde se earst in eintsje fan inoar en brocht se doe nei elkoar ta, krekt...
nl.verhalenbank.19687
Hearke hat ûnder tsjinst west. Dêr hied er in hekel oan. De oare soldaten pleagen him wolris hwat. Mar Hearke wie troch-goed, dy die meastal neat werom. Mar op in kear doe wied er op in skip fan 'e marine. Doe wienen de soldaten ûnder yn dat skip. Der lei in anker fan fjirtsjinhûndert poun op dat skip, dat lei Hearke op 'e roef, doe koenen dy soldaten der...
nl.verhalenbank.27635
Hearke syn dochter Rixt wie èk sa sterk. Dy wenne èk yn 'e Ham. Op in kear kom se mei har feint by de brêge op 'e Tille. Dêr hienen fjouwer mannen op 'e brêge stien en dy hienen sein: "Dy fint mat werom." Doe hie Rixt sein: "Wachtsje dû hjir mar even. Ik sil wol even mei dy mantsjes rêdde." Doe't se der oan ta wie, hie se dy mannen ien foar ien by 't...
nl.verhalenbank.27586
Hjir yn Ikkerwâld hat in sterke keardel wenne. Syn namme wol my sa net yn 't sin komme. Sy makken by 't spoar fan Ljouwert nei Grins greate spoargatten. Dêr wurke dy Ikkerwâldster ek oan mei. De polderjonges woenen him der tusken ha en stutsen him hyltyd de gek oan. Sy pestten him. Doe't er yn sa'n spoargat siet en de pipegael fol modder hie, krige er ien...
nl.verhalenbank.24139
Rixt wie us op 'e Feanster boat en farde mei nei Ljouwert ta of oarsom. Der wienen arbeiders en kooplju op dy boat, dy pleagen har. Hja hienen hwat to djip yn 'e romer sjoen. It bigong Rixt to forfelen. "Ophâlde", sei se. Mar hja hâldden net op. "Nou warskôgje ik jimme noch ien kear", sei se. Mar it joech neat. Doe stuts Rixt har lofterearm út en hja...
nl.verhalenbank.23434
Hearke kom us in kear yn 'e kroech, doe wied er noch jong. Hy bistelde in romerfol, mar doe stompten guon fan it jongfolk tsjin syn taffeltsje oan, dat doe rekke de romer om. De twadde kear dienen se 't wer. De trêdde kear soe it wèr oangean, mar doe hie Hearke syn nocht krigen. Hy hie in pear krigen en smiet se der út. Sa die er ek mei oaren. De rest...
nl.verhalenbank.26146
Ielke Bouma woarde altyd neamd 'luije Ielke'. Dy wie ek o sa sterk. Heit wie siedkoopman en sa kom Ielke hjir ris op in kear; hy woe raepsied ha. Hy siet by ús oan 'e thé. Heit sei tsjin him: "Dû hast dyn master ek wol hawn, hè?" "Ja, ik kin noch wol meidwaen", sei Ielke. Hy wenne yn Sumar. Hy hie forkearing mei in fanke yn Garyp. Dêr gong er alle...
nl.verhalenbank.33362
Fije hie in boerefeintsje, dat gong altyd allinne foar him to melken nei lân by de Swemmer. Dêr wie polderfolk oan 't wurk en dat folkje pleage 't feintsje altyd bot. Ien fan dy mannen wie och sa sterk, dy krige sa mar 2 keardels ûnder 'e earms en sjoude se fuort. Omdat dat feintsje dêr altyd sa pleage waerd troch dy mannen tocht Fije: ik mat der sèls mar...
nl.verhalenbank.31515
35