Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
15 datasets found
Dutch Keywords: sterk markt
Eibert Veenstra wenne ek yn 'e Westerein. Dy wie ek ôfgryslike sterk. Hy wie boer en fékoopman tagelyk. 't Wie yn 'e hjerst en om by him to kommen moest men in hiele smoarge modderreed lâns. 't Wie in hiel ein en 't wie ien en al brabze. Hindrik van der Veen ried altyd mei bargen nei Ljouwerter merke ta. Op in kear soed er bargen fan Eibert ophelje. 't...
nl.verhalenbank.27387
Ynse wie us in kear op 'e merke yn Drachten. Dêr stie ek in krachtmeter. Ynse bleau der by stean. Hy sei tsjin 'e man fan 'e slajut: "Hoefolle ringen ha jo dêrfan?" Earst sloech Ynse fyftsjin ringen de loft yn. Doe sei er: "Set alles der mar op." Doe die Ynse in pear slaggen, dy't net bot oankommen. Doe sei er: "Dit wurdt de klap fan Ynse fan Bakkefean,...
nl.verhalenbank.26110
Sterke Ynse kaem ris mei in jong bist delsetten, dat hied er kocht op 'e Drachtster Merke. Doe moest er dêrmei oer de draei. Dat woe net rjocht. Doe naem er it bist oer de nekke en sa is er der mei oer de draei komd.
nl.verhalenbank.20820
Sterke Ynse fan Bakkefean hat op in kear op Drachtster Merke de hiele slajut yn elkoar slein, mei ien slach. Doe sei de man fan 'e slajut: "Hwer komt dy slach wei?" "Fan Bakkefean", sei Ynse.
nl.verhalenbank.30470
Sterke Ynse wenne yn Bakkefean. Hy wie us op stap doe kom er fjouwer man foarby, dy moesten in dikke beam op in wein lade. Mar sy koenen 't mei har fjouweren net rêdde. Doe't se Ynse oankommen seagen fregen se him oft er har even helpe woe. Ynse sei: "Gean der mar even wei. Ik sil 't allinne wol dwaen." En hy tilde dy swiere beam pûrallinne op 'e wein....
nl.verhalenbank.23633
Sterke Ynse fan Bakkefean kom us in kear op 'e Drachtster merke. Dêr stie in krachtmeter. Ynse krige de hammer en sloech der mei ien earm mei. De hiele krachtmeter sloech er plat tsjin 'e groun. Doe sei de man fan 'e krachtmeter: "Aldergeweldichst, hwer komt dy slach wei?" "Fan Bakkefean", sei Ynse.
nl.verhalenbank.25652
Greate Ynse wie ris yn Drachten op 'e merke. Dêr sloech er mei ien slach de krachtmeter yn grús. "Kollossael," sei de man fan 'e krachtmeter, "hwer komt dy slach wei?" "Fan Bakkefean", sei Ynse deabidaerd.
nl.verhalenbank.27521
Sterke Ynse fan Bakkefean wie ris op in kear op Drachtster merke. Doe kom er by de Sla jut op 'e kop. De man frege of Ynse ek slaen woe. "Bêst", sei Ynse. Hy krige de hammer yn 'e iene hân. "Set alles der mar op", sei er. Doe kom de hammer del. Alles rekke yn ien slach stikken.
nl.verhalenbank.24200
Op in kear moest Ynse mei in skiep nei de raem yn Bakkefean. It skiep woe net rinne. Ynse hie de hannen op 'e rêch en hâldde it tou beet, dêr't it skiep oan fêst siet. Hy fornom net dat it skiep net meiroan. Hy luts it fan achteren mei. It skiep sleepte oan it tou. Mar dat fornaem Ynse net. Doe't er oan 'e raem ta wie, wie 't skiep dea.
nl.verhalenbank.24201
Sterke Ynse fan Bakkefean sloech op Drachtster merke al ris in kear de hiele Slajut yn flarden. Doe sei dy merkeman: "Hwer komt dy slach wei?" "Dy komt út Bakkefean", sei Ynse deabidaerd.
nl.verhalenbank.36977
Yn Lutsjewâld kom ris in keardel fan 'e merke. Us heit fortelde dat dy keardel troch in beam krûpte. Dy beam dy lei dêr op 'e groun. Hy rôp nou en dan: "Sjoch jim my wol?" Der stie ek ien fan 'e famylje fan 'e Poortinga's by. Dat wienen lju, dy wienen net bleu en goed sterk. Poortinga seach dat dy merkeklant dêr by lâns krûpte ynpleats fan der troch, mar...
nl.verhalenbank.26949
Sterke Ynse fan Bakkefean kom to Drachten op 'e merke. Dêr stie in sla-jut-op 'e kop. Dêr stie jongfolk om hinne en sy woenen Ynse ek oan 't slaen ha. Dy woe earst net mar op 't lêst krigen se 't sa fier dat hy die it. Mei ien hân sloech er de hammer. De dingen gongen der troch. De hiele saek fleach omheech. De hammer kom net tsjin 't dopke oan mar gong...
nl.verhalenbank.25398
Sterke Ynse fan Bakkefean kom op Drachtster Merke. Dêr sloech er mei oare maten op 'e slajut. Mar doe hied er mei ien klap alles kapotslein. Doe hie de man fan 'e slajut sein: "Och God, hwer komt dy klap wei?" "Fan Bakkefean", hie Ynse sein. Ynse mat hannen hawn ha as slaeijen.
nl.verhalenbank.28246
Ruerd en heit gongen ris op in kear nei 't kafé op 'e Drachtster Pipe, by de brêge. Doe't se dêr yn kommen seagen se dêr in hiele ploech sitten. Dy kommen fan 'e merk, hwant it wie dy deis krekt Drachtster merk. 't Wienen meast keaplju en it gong dêr wakker op in swetsen en swearen. 't Wie dêr in lawaei fan je heisa. 't Wie lang gjin noflik folk. Heit en...
nl.verhalenbank.36244
Yn Donkerbroek wennet in weinmakker dy is och sa sterk. Anne Leffering is syn namme; hy leeft noch. Op in kear wied er op Gerdykster merke. Hy mocht graech in buorrel en dy kear hied er hwat tofolle hawn. Doe kamen der twa plysjes by him, dy soenen 't tsjin him yn 'e kant sette. Mar hy krige yn elke earm ien fan 'e plysjes en sette se tsjin 'e muorre oan.
nl.verhalenbank.36899
35