Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
38 datasets found
Dutch Keywords: sterk dochter
Rixt hie forkearing hawn mei in feint. 't Wie hast oan trouwen ta west, mar doe hie dy feint har yn 'e steek litten. Letter wie hja ris in kear op in feest. It wie dânsjen. Dy feint wie der ek. "Och hea leave," sei Rixt, "wiestû dêr ek? Nou, wy matte gau even togearre dânsje, net?" En hja hie him beet krige en ûnder 't dânsjen sa bot oankrûpt, dat alle...
nl.verhalenbank.25208
Hearke syn dochter Rixt wie èk sa sterk. Dy wenne èk yn 'e Ham. Op in kear kom se mei har feint by de brêge op 'e Tille. Dêr hienen fjouwer mannen op 'e brêge stien en dy hienen sein: "Dy fint mat werom." Doe hie Rixt sein: "Wachtsje dû hjir mar even. Ik sil wol even mei dy mantsjes rêdde." Doe't se der oan ta wie, hie se dy mannen ien foar ien by 't...
nl.verhalenbank.27586
Hy hie in dochter Rixt, dy wie ek tige sterk. Sy hienen us in fracht hea yn 't lân, doe briek de ronge fan 'e wein. "Lit it hynder mar rinne," sei Rixt, "ik kear it wol." Doe hâldde se de heafoarke tsjin 't hea oan en sa kearde se it hea twa stikken lân del oan hûs ta. De daem wie hwat oan 'e nauwe kant. Doe't se dêr wienen, sei se: "Wacht even, 'k sil 't...
nl.verhalenbank.23494
Hearke hie in dochter, dat wie Rixt. Rixt wie ek ôfgryslike sterk. Hja hie forkearing mei in keardel, dy liet har yn 'e steek. Doe trof se him wer op in gelegenheit by in feestje. Hja kom by him en frege him om to dânsjen. Hy woe wol. En hy woe ek wol wer forkearing mei har ha, sei er. Mar hja hat him sa bot knypt ûnder 't dânsjen, dat de ribben binne him...
nl.verhalenbank.21693
Myn heit hat nou fjouwerensawntich jier wei west. Ik wie goed alwe jier doe't er stoar. Trije wiken foar syn dea sei Knjillis Veenstra tsjin ús mem: "Dû hâldst Fokke net lang mear." En doe wie heit doch noch sa soun as in fisk. Hy krige krampkolyk en hy wie sa soun en sa dea. It wie in keardel as in beam en izersterk. Hy wie noch gjin seisenfjirtich jier...
nl.verhalenbank.19425
Sterke Hearke hie in dochter, dat wie Rixt. Dy wie ek ôfgryslike sterk. Hja hat dy kant nei Jirnsum en Grou út wenne as boerefaem. Dêr hat se forkearing hawn mei in feint. Fan dy feint moest se in bern ha, mar doe liet dy feint har sitte. In pear jier letter wie 't feest yn 't doarp. Rixt wie dêr ek hinne en doe trof se dêr dy feint, dêr't se forkearing...
nl.verhalenbank.30465
Sterke Hearke hie in dochter, dy hiet fan Rixt. Dy wie o sa sterk, mar dat woe se net rjocht wêze. Hwant se wie bang, dat se dan net in man krije soe. Sy tsjinne by in boer. Op in kear hâldde in kloftsje jongfolk in wedstryd: Hwa't in earnamer fol wetter om 'e skuorre hinne drage koe. Rixt wie der ek by. Sy nom de earnamerfol wetter yn 'e iene hân. Nou...
nl.verhalenbank.12217
In busfol molke tilde Rixt mei tûme en finger op.
nl.verhalenbank.30467
Sterke Hearke wenne yn Droegeham. Hy hie in dochter, dat wie Rixt. Dy wie ek o sa sterk. Sy wenne op 'e klaei yn Jirnsum. Rixt hie forkearing mei in feint. It kom sa fier, dat sy moest fan dy feint bifalle. Doe makke dy feint it gau út en hy kom net wer. Rixt krige in bern. Doe't dat sa'n oardeheal à twa jier âld wie, wie der us in kear feest yn Raerd (=...
nl.verhalenbank.23631
Rixt wie in dochter fan sterke Hearke. Hja wie boerefaem en hast like sterk as har heit. Ik wie yndertiid molkrider. Op in kear, doe't ik de folle bussen op 'e wein sette soe, stie Rixt der by. "Hwer wolst se ha, jonge?" frege se my. En hja sette de bussen mei de tûmen samar op 'e wein op 'e plakken dy't ik oanwiisde.
nl.verhalenbank.23432
Myn oer-beppe wie in dochter fan Douwe Tsjallings Reitsma. Dy Reitsma wenne op Great-Angterp, in pleats op 'e grins fan de âlde Parregeaster mar. Dy mar is nou ynpoldere. Fan dy man binne ûnderskate staeltsjes fan syn sterkens en fluggens bikend. Sa wie it ris hurdriden yn Makkum yn 1812 op 't séiis. Douwe Tsjallings die ek mei. Hy moast de eerste rit be...
nl.verhalenbank.50547
Griet wie in dochter fan Hearke. Dy wie ek omrake sterk. Op in kear helle se in grap út. By Kees-smid yn 'e Ham stie in aembeeld, dat woech twahûndertfiifentwintich poun. Dat aembeeld sette Griet op 'e wei. Sy sei: "Hwa't dat aembeeld allinne wer op it plak tille kin dêr't it weikomt, dy mei joun mei my út." Njonken de smit wenne ien dy hiet fan Hubert,...
nl.verhalenbank.23958
Yn 'e Rottefalle hat in hiel sterk frommes wenne. Dat wie Jantsje Boom. It wie in skippersdochter. Dy wie sa sterk, dat hja droech samar twa sekfollen ierappels - dat wie 140 poun -, ûnder elke earm ien, fan 'e Rotfalle nei de Folgeren. Dat wie mear as in healûre gean. Dan bleau se ûnderweis ek noch stean to praten sûnder dat se de sekken delsette.
nl.verhalenbank.32921
Hearke syn suster wie ek sa sterk. Dy sette ris in kear by de smid yn Stiensgea it aembeeld bûten op 'e strjitte. De smit koe 't er noait wer yn krije, èk net mei syn feinten derby. Doe wie hja der by kom, en hja hie 't allinne wer yn 'e smidte set.
nl.verhalenbank.25910
Hearke hie in dochter dy't ek sa sterk wie, dat wie Rixt.
nl.verhalenbank.21819
Hearke hie forskillende bern. Ien fan 'e dochters dat wie Rixt. Dy wie krekt sa sterk as Hearke. In oare dochter fan Hearke dat wie Griet. Dy wenne by Rixt yn. Rixt wie net troud. Griet hie in jonge oerwoun, dy wie by dy beide froulju yn 'e hûs. Dy jonge wie doe sa'n sechstjin jier âld. Op in kear moest dy jonge greidhakje, mar dêr makke er neat fan. Doe...
nl.verhalenbank.19565
Der kom ek ris in man by Hearke thús. De dochter fan Hearke kaem by de doar. "Wennet Sterke Hearke hjir?" frege er. "Ja," sei de dochter, "dy wennet hjir. Hiene jo boadskip?" "Ja," sei de man, "ik woe myn krachten wolris mei sines mjitte. Hwant ik bin èk sterk, sjoch." "O", sei de dochter. "Nou, dêr leit in stien." Dêr lei in grouwe bolstien mei in ring...
nl.verhalenbank.38408
Sterke Hearke wenne yn Droegeham. Hy hie in dochter, dy wie ek o sa sterk. Hja wenne njonken 'e smid. Op in kear, doe pleage dy smid har. Doe tocht se: "'k Sil dy wol ha." Hja pakte it ambyld en brocht dat achter hûs. De smid mei noch twa oaren prebearren it wer nei de smederij to sjouwen, mar se koenen it mei har trijen net rêdde. Doe sei de smid: "Ik...
nl.verhalenbank.32053
Hearke syn dochter Rixt mat ek o sa sterk west ha. Dêr binne èk wol forhalen fan.
nl.verhalenbank.29472
Syn dochter Rixt tilde op in kear it aembeeld út 'e smederij fan 't blok en sette dat bûtendoar op 'e wei. Dat aembeeld woech fjouwerhûndert poun.
nl.verhalenbank.27503
35