Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
79 datasets found
Dutch Keywords: stem zeggen
Yn 'e buert fan 'e Poffert en 'e Pankoek oan 't Knjillisdjip ha guon minsken us in stem út it wetter heard. Dat fortelde ús in âld minske. Der woarde sein: "De tijd is verschenen, en de man is der niet." It duorre even, doe wie der in keardel op in hynder oandraven kom yn fliegende faert. Doe rekke 't hynder op 'e kop yn 'e feart en 't fordronk mei de man...
nl.verhalenbank.24658
Zwarte kat spreekt Ik heb het ook eens meegemaakt dat een kat begon te spreken. Ik was naar Weert naar de markt geweest en ik had eigenlijk slechte zaken gemaakt en had me bovendien ook nog laten bedotten. Ik was zo wat op mezelf aan het grommen, toen ik op eens een stem hoorde die zei: 'Berouw komt na de zonde.' Ik keek rond en zag niks dan een kat, die...
nl.verhalenbank.35620
Us heit hat ris in forhael heard fan in buorman. Dat wie sa: Der stienen ris guon yn Oerterp oan 'e kant fan it wetter. Doe hearden se in stem út it wetter: "De tijd is er, maar de man is der nog niet." Even letter, doe wie der in glêzen wein oanriden kom, dêr siet in man foar yn. Dy man wie pardoes yn 'e feart riden en fordronken.
nl.verhalenbank.34516
Moeke fortelde, 't was eens bij de Ie gebeurd. Daar stond een man bij 't water. Die kreeg daar een toespraak van binnen. Der werd gesegd: "It plak komt niet bij de mens, maar de mens komt bij de plak." Even later is hij ferdronken.
nl.verhalenbank.32617
Der stienen us guon by de brêge fan 't ld Djip to Beetstersweach. Doe hearden se dat der sein woarde: "De tijd is der wel, de man is der niet." Even letter kom der in man op 'e brêge. Dy rekke der by del en kom yn 't wetter tolânne, dêr't er yn fordronken is.
nl.verhalenbank.28263
Yn Warten hie in man kear op kear de wurden heard: De tijd is verschenen, de man is er niet. De dûmny fan Warten woe 't net leauwe. Op in kear farde er mei om 't mei eigen earen to hearren. Hy stie achter op 'e skou, op 't skouhúske om 't mar sa goed mooglik hearre to kinnen. Doe liet de skipper dy't skoude, de boat mei in skok foarútsjitte, dat dûmny...
nl.verhalenbank.20398
Wy wienen matteflechters. As fanke moest ik in kear in matte flechtsje foar hiel âlde minsken yn Feanwâldsterwâl. Doe fortelde dat âlde minske my it folgjende: Ik wie in jongfaem, de âldste fan fiif bern. Heit en mem en de fjouwer oare bern dy gongen op in snein mei in boatsje nei de Falom. Achter Feanwâlden yn 'e Blauwe klyndobbe binne se alle seis...
nl.verhalenbank.21911
To Rottum, yn 'e Rotten wenne in feint, dy hiet fan Gerrit de Jong. Dy feint hie forkearing mei in boerefaem, dy wenne by in boer, in sekere Van Es. Op in joun sit dy feint yn 'e herberch. Hy sûpt in stik of fjouwer buorrels op en dan en lit er him dêr yn 'e herberch ûntfalle dat er dyselde jouns ien fan kant meitsje mat. Hy giet út 'e herberch wei en...
nl.verhalenbank.27623
Ergens kaem der in man oanriden op redens. Doe hearden guon in stim út in wek wei: De tijd is verschenen, de man is er niet. Doe ried dyselde dy't dêr op redens oankaem it wek yn en fordronk.
nl.verhalenbank.31496
Yn Burgum mat it gebeurd wêze, dat guon yn 'e winter mei iis in stim hearden: De tijd is verschenen, de man is der niet. Doe is dêr fuort dêrnei ien op redens yn in wak riden.
nl.verhalenbank.31285
Yn Moddergat wie in keardel dy wie tige earm. Dy foun in lyk, dat oanspield wie. Dat lyk hie in pear nije learzens oan. Dy luts er fan 'e skonken fan dat lyk en hy naem se mei nei hûs. Mar sûnt dy dei kloppe der jouns altyd ien by him op it rút, dy sei: "Ik moat myn learzens wer ha. Ik moat myn learzens wer ha." Doe hat er dy learzens wer nei 't selde...
nl.verhalenbank.28113
Yn Eastemar stienen guon by 't wetter. Doe hearden se in lûd. Der woarde sein: De tijd is verschenen, de man is er niet. Even letter rekke der ien yn 't wetter dy't forsûpte. 't Wie yn 'e tiid fan 'e donkere hjerst.
nl.verhalenbank.23480
By de brêge fan Readskuorre ha de minsken ris in stem heard dy't út 'e feart weikom: "De tijd is verstreken, en de man is der niet." Fuort dêrnei is Japik Schorsje dêr fordronken yn 'e kolk.
nl.verhalenbank.23523
Us mem fortelde, by de Lemmer op 'e Súdersé, oan 'e kant fan Eastersé, oan 'e sédyk, wie in plak, dêr hearden de minsken út 'e sé wei in stim, dy't sei: Blijf staan, want ge kunt niet verder gaan.
nl.verhalenbank.33582
By 't winter mat it ris gebeurd wêze dat der minsken by elkoar stienen op it iis. Dy hearden in stim sizzen: "De tijd is verschenen, de man is er niet." Dy stim kaem út in wek wei. Efkes letter kaem der ien oanriden en dy ried pardoes op it wek yn en fordronk.
nl.verhalenbank.31626
It wie sahwat om 1850 hinne. Koopman Reeling fan Eastemar wie doe noch in jonge. Hy stie doe us op 'e brêge. Hy hearde in lûd gejammer, dat kom út 'e fierte út it wetter wei. Hy hearde dat der sein woarde: "De tijd is verschenen, de man is er niet." Doe stie in feint op 'e brêge, dy't it ek hearde. Dy sei: "O heden, dat jildt my." In wike letter is dy...
nl.verhalenbank.20924
Op in moarntiid sieten ik en Kobe, myn frou, in kopke thé to drinken, doe hearde ik ien op 'e wei roppen. De lêste wurden dy't sein woarden, wienen: "Kobe, hè?" Doe't ik op 'e wei seach wie der net ien to sjen. In healûre letter miskien hong Kobe in pear wiete dinkjes op 'e line. Dan kom ús buorfrou ta de doar út. Sy sei tsjin myn frou: "It droeget wer...
nl.verhalenbank.25531
Der stie in doomny yn Aldegea, dy bipreke ek Nyegea. Dêr woarde hy altyd hinnebrocht yn 'e glêzen wein troch Eeltsje Herder fan Aldegea. Syn achternamme wie Hoekstra. Doomny stapte altyd achter yn 'e wein en dan sei er: "Klaar, Hoekstra." En dan lei Eeltsje de swipe oer de rêch fan 't hynder en dêr ried it hinne, op Nyegea yn. Der wenne in jongfeint yn...
nl.verhalenbank.33385
Oan 'e selde sédyk, èk út 'e sé wei, hienen se ek in stim heard, dy't sei: De tijd is der wel Maar de man is der niet. Dêr is doe ien fordronken. 't Wie deselde stim as de earste.
nl.verhalenbank.33583
Ut in oare poel, ek út Surhuzum, hat de master fan 'e staetskoalle al us in stem weikommen heard. Dy stem sei: "De plaats is er, de man is der niet." Ik wie doe noch mar in foech skoaljonge, doe't dat gebeurde. In jonge, dy't by him op skoalle gong, is der gauachtich neitiid yn forsûpt.
nl.verhalenbank.17741
35