Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
17 datasets found
Dutch Keywords: stelen Place of Narration: Harkema
De dokters woenen froeger graech sa'n helm ha. Dy knoffelen se achterút en dan forkochten se him djûr. Dy't sa'n helm yn bisit hie, woarde der sein, wie kûgelfrij.
nl.verhalenbank.25779
By de Rotten op it Wytfean (de famylje Veenstra) woarden twa hynders forkocht foar f600,- oan in Burgumer. De boer brocht de hynders nei Burgum ta en sette mei it jild werom op hûs ta. Op 'e Sumarre wei tusken Sumar en Eastemar - sjocht er twa man oankommen. Dat liket him net goed ta, dat hy krûpt ûnder in omkearde boat, dy't dêr tsjin in peal oan leit....
nl.verhalenbank.15533
Us beppe hie in kroechje yn 'e Ikebuorren yn Droegeham. Dat hûske stiet der nou net mear. 't Wie op in joun en al oer tsienen, doe kom der noch ien yn. Dat wie Japik Ingberts. "Dû makkest my kjel", sei beppe. Hwant Japik Ingberts, dêr sieten de plysjes altyd achteroan. "Dû hoechst net kjel to wurden," sei Japik Ingberts, "ik doch dy neat." Hy kocht in...
nl.verhalenbank.16944
Imke de Jong wie us in kear op 'e kermis yn Surhústerfean. Hy hie dêr in pear learzens kocht by de skuonmakker. Doe't de kermis oer wie hied er dy learzens noch net bitelle en hiele Imke wie net mear to sjen. De skuonmakker gong dêr net mei akkoart. Hy joech it oan en doe setten de plysjes op 'e hynders Imke achternei. Doe hellen se him yn, doe wied er al...
nl.verhalenbank.27035
Hearke wie ek stille plysje. Op in kear moest er mei in protte jild op 'e rêch nei Ljouwert ta. Underweis kaem der in man by him, dat wie in rover. Dy woe it jild ha en oars soed er Hearke deahouwe. Mar Hearke rêdde mei him. En doe boun er dy rover ek noch it jild op 'e rêch. "Draech dû dit mar foar my nei Ljouwert ta", sei er.
nl.verhalenbank.20834
Der wenne in boer yn 'e omkriten fan Drachten. Japik Ingberts wie by him yn 'e tsjinst. De boer hie tsizen op 'e buorden stean. Op in nacht hearde de boer hwat. Hy der ôf en mei de foarke om 't hûs hinne. Dêr roan er Japik Ingberts tsjin 't liif. Dy hie al twa tsizen stellen. "Hwat mastû?" frege de boer. "Nei de faem", sei Japik Ingberts. "Man, hwat...
nl.verhalenbank.21241
Tsjerk Boonstra wenne oan 'e Mûzegroppewei. Dy syn wiif wie èk mei de helm geboaren. Wy kommen dêr ris in kear lâns, doe woarde it minske lulk op my. Sy sei: "Sy ha fannacht de apels by ús stellen." Sy hienen in apelhôf. Doe sei se: "Ik hie 't justernacht wol sjoen." Ik sei: "Hwerom gongen jo der dan fannacht net hinne to sjen, as jo dat wol wisten, of...
nl.verhalenbank.28798
As ien op stjerren leit en der mist ien fan 'e famylje, dy't er noch graech sjen wol, dan kin dyselde net ta stjerren komme. Sa'n ien mat dan earst by de stjerrende komme. Dy seit er dan dach en dan blaest er de lêste siken út. Us beppe sei, foar it deakleed woarde altyd safolle guod bisteld. Dan gebeurde it wolris, dat de biklaeijers der in stik by wei...
nl.verhalenbank.21225
Mem hearde ek op in nacht dat der hwat troch it tek gong. Hja hienen in reiden tek en hja hearde hyltyd dat der hwat trochhinne gong. Hja tocht: "Hjir is gjin rie ta. Sy brekke by ús yn." Mar 't wie dêrom sa net. Der wie net ien en der gebeurde neat. Mar trije dagen letter, doe ha se de jirpels stellen. Doe stuts der ien syn holle troch 't tek hinne en...
nl.verhalenbank.21221
De greate minsken yn 'e Harkema leauden froeger oan berndieven. Sy lieten de bern jouns noait bûten, dat fortrouden se net.
nl.verhalenbank.15609
Heit en âlde Rinse de Wind wienen froeger in soad by elkoar. It wie ris yn 'e winter en Tsjerk Beima hie dat jier ierappels forboud. Mar Tsjerk kom to forstjerren. Hy wenne oan 'e betonwei, dat wie doe in sânpaed, flak by de rotanfabryk. De ierappels sieten dêr yn 'e bult. Heit en Rinse setten dêr op ta op in nacht om fan dy ierappels to stellen. De âld...
nl.verhalenbank.29326
Heit en dy wienen us op in joun mei in ploechje jongfolk nei Eastemar ta to apelstellen. Mar it woe net. It wie noait liker as woarden se keard. Dat sy gongen mar werom. Mar sy woenen apels ha. Dat doe soenen se it noch us bisykje by Goaitsen Rôt (= G. Veenstra). Mar dêr komt in wite juffer oan op 'e fyts, dy't samar ynienen weiwurdt mei fyts en al. Dat...
nl.verhalenbank.22097
Ik wie ris mei in man of trije yn Ljouwert by in wiersizter. Dat wie yn 1944. Hja sei tsjin my: "Jou frou is yn forwachting." Dat wie sa. "'t Wurdt in dochter", sei se. Dat is ék útkom. "Der sil jo earstdeis ek hwat ûntstellen wurde", sei se. Dat kom ek út, der woarden my bonkaerten ûntstellen. "De dieder wennet flak by jo", sei se, en dat kloppe ek. Wy...
nl.verhalenbank.26355
Myn omke Piter wie ris op in kear to hôfkesjongen (=apelstellen) op 't Bouwekleaster. Der wienen kameraden by him en sy hienen ek in pear hounen by har. Doe gong omke Piter nei in parrebeam ta by in boer yn 't hôf. Mar doe wie dy parrebeam samar út himsels bigong to skodzjen, sûnder dat ien der oan kom, en de parren foelen der allegear ôf. Dat wie it wurk...
nl.verhalenbank.25767
Yn 'e Like stiet in slot, dat ha de Moaren dêr boud. Letter is dat yn hannen kom fan rikelju. Dêr wienen ek ûnderierdske gongen by. En sy hienen ek in skatkeamer. De faem moest wolris nei dy skatkeamer ta om 't spul dêr skjin to meitsjen. Dan biseach se 't spul altyd. Der wienen allerhande kostbere sieraden yn en sa. It famke fan dy rike minsken gong...
nl.verhalenbank.25788
Frânse Hinke to Rottefalle wie duvelbanster. Der wie us in hynder bitsjoend. Doe joech hja de boer dizze rie: Hy moest hwat hjouwer stelle, dat siede en dat it bitsjoende hynder jaen.
nl.verhalenbank.20963
Tseard van Dekken wie plysje yn 'e Ham. Mar it wie in gemene keardel. Hy koe it stellen sels net litte en is letter ôfset woarn. Sterke Hearke mocht him net sjen en hie rúzje mei him hawn. Mar doe kom op in kear mei Hamster merke Tseard op Hearke ta en sei: 't Mat nou ek mar ris in kear wer út wêze, net? Doe stuts er Hearke de hân ta. Hearke nom de hân yn...
nl.verhalenbank.15884
35