Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
16 datasets found
Dutch Keywords: staan Place of Narration: Opende
Sterke Hearke wie oan 't ploegjen. Doe kommen der guon by him, dy fregen him hwer't Hearke wenne. Doe tilde er de ploege op en hy stuts him mei syn iene hân rjochtút en hy wiisde der mei en sei: "Dêr wennet er en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.23137
Ik haw to Grins op 'e merk stien mei in kofjetinte. Njonken my stie in âld wyfke, dy fortelde op in kear, sy hie dy nachts droomd, it wie swart fan flychtugen west yn 'e loft. Dat wie krekt de wyks foardat de Dútsers yn oantocht wienen yn 1940.
nl.verhalenbank.25975
Imke de Jong koe de minsken stean litte.
nl.verhalenbank.27541
Oeds Eilander wenne hjir by de skieding. It wie in nuveren ien. Hy hie in toverboek, seinen se. Dêr koed er soldaetsjes mei ta de hurddobbe útkomme litte. As er achterút lies gongen se der wer ta'n yn. Hy koe ús ek stean litte. En sy seinen, hy koe jin de klean ek samar ôfsakje litte. Soms sei er tsjin ús: "Stek de tonge út." Mar dat doarsten wy net to...
nl.verhalenbank.19495
Luutsens Janke har heit was in Jongsma. Toen dat nog een jonge man was, werkte hij op 't Feen (= Surhuisterveen) bij in boer. Der wou in koe kalven en de boer wou graach dat hij 's oavends terug kwam. Hij ging der 's oavends weer heen. Doar komt hij bij in dam en hij kan niet in stap meer forsetten. Hij het doar in fol uur stoan moetn. Op 't loatst het-ie...
nl.verhalenbank.26010
Sterke Hearke wie oan 't ploegjen. Der kom in man oan. Dy frege: "Hwer wennet Hearke Witteveen?" Doe krige Hearke de ploech en tilde him by de sturt op en wiisde op syn hûs en sei: "Dêr wennet er en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.25718
Fan 'e frijmitselers moest der om 'e sawn jier ien dea. Hja hienen har forkocht oan 'e duvel. Hja koenen der noait wer by wei. Yn Snits stiet sa'n gebou.
nl.verhalenbank.38016
Op in kear wie Hearke oan 't ploeijen. Der kom ien by him. Dy sei: "Wite jo ek hwer't sterke Hearke wennet?" Doe hie Hearke de hynders útspand en de ploege mei de earm foarútstutsen. "Hjir stiet er," hied er sein, "en dêr wennet er."
nl.verhalenbank.26001
Olle Hendrik van der Molen liet de mensen stief stoan met de mond open. (= Hindrik Pikelhearring)
nl.verhalenbank.25854
Dêr't nou de grifformearde tsjerke yn 'e Rotfalle stiet, wie froeger sânreed. Dêr hat in hekke stien. Sy hienen Piter Claus forteld dat dêr wolris in man by dy hekke stie. Dy man wie al lang overleden. Piter sei: "Dan woe ik dy man wolris sjen en mei him prate." Doe kom er op in joun út 'e kerkeraadsforgadering. En doe wìe dat mantsje dêr. En dy wie in...
nl.verhalenbank.25923
Sterke Hearke wie ris op in kear oan 't ploeijen. Doe kom der in man by him, dy koe him net. Mar tafallich moest er krekt nei Hearke ta. Hy frege: "Wite jo ek hwer't Sterke Hearke wennet?" Doe sei er: "Dêr ginder wennet er." En doe hied er de ploech rjocht út stutsen. Mar hy sei der achteroan: "En hjir stiet er."
nl.verhalenbank.38008
Sibe Boomsma fan Houtigehage fortelde al us, hy hie us ergens hinne matten. Doe hienen se tsjin him sein, as er dêr en dêr oan ta wie, soed er hwat bileve. En 't wie ek sa. Op dat plak wie in pleachbeest op him tasetten kom. Dy wie him op 'e nekke sprong en hie him de strôtte hast tichtknypt. Hy hie stiif stil steanbleaun.
nl.verhalenbank.21098
Ek wie der us in ploechje jongfolk, dy koenen net yn 't hôf komme. Sy woenen by har ta de apels, mar sy seagen dat Rikele en Myt noch net op bêd leinen. Doe wachten se. Se woenen sa lang wachtsje oant de âlde minsken op bêd lizze soenen. Sy seagen dat Rikele en Myt har útklaeiden en risselwaesje makken om op bêd. Mar elke kear as 't wêze soe en sy soenen...
nl.verhalenbank.26915
Us heit Jan Bijma en Janom en noch in omke: Keimpe Heidsma hienen yn 'e Parken yn 'e kroech to kaertspyljen west. Sy wienen op stap wer nei hûs ta. Keimpe-om hie hiel bot flokt en dien. Op in stuit koe Keimpe-om net fierder. Hy bleau stokstiif stean en koe net in foet forsette. Heit en Janom gongen troch. (Keimpe en Jan wienen bruorren fan mem)
nl.verhalenbank.25984
Sterke Hearke wenne yn 'e Rottefalle (onjuist A.A.J.). Der wie in man, dy hie in kou fan Hearke kocht. Dy wie op 'e merk forkocht woarn troch middel fan in koopman. Doe kom dat net út mei de datum fan 't kealjen. Doe tocht de man, dy't dy kou kocht hie: 'k Mat mar even nei Hearke ta om de juste datum fan 't kealjen gewaer to wurden. Doe trof er in man op...
nl.verhalenbank.24126
Yn Aldhoarne siet in faem ûnder in koe to melken. Doe sei dy koe ynienen tsjin har: "Jow dy man hwat molke, faem." De faem woarde sa kjel, dat sy smiet de amer mei molke om. Doe seach se Imke stean. Dy hie bûksprutsen. Hy krige molke fan har. Imke song by de harmoanika: Ik ben zo arm, dat God zich erbarmt. Sober gekleed en ik heb veel leed. Diep in mijn...
nl.verhalenbank.19516
35