Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
9 datasets found
Dutch Keywords: staan Place of Narration: Houtigehage
Op it tsjerkhôf to Boelensloane hâldden altyd gâns wylde kninen ta. Myn heit gong dêr faek hinne to kninefangen. Dat die er dan mei strikken. Myn broer Miente naem er faek mei. Dat wie doe in lytse jonge. 't Wie op in winterjoun by ljochtmoanne waer. Der lei snie. Heit en Miente wienen op 't tsjerkhôf. Doe kom krekt Germ Tuinstra (Germ Smous waerd er...
nl.verhalenbank.37784
"Traepje net op in pod," sei ús mem, "dan bigjint it to tongerjen."
nl.verhalenbank.23873
Sterke Hearke wenne yn 'e Ham. Hy wie in kear oan 't ploeijen, doe kom der ien oan, dy frege him hwer't Sterke Hearke wenne. Doe hie Hearke de ploech optild en foar him útstutsen en doe hied er sein: Sjoch, dêr wennet er en hy stiet hjir foar jo.
nl.verhalenbank.23782
Piter Scheper koe de lju útklaeije op 'e wei. Piter Scheper koe de lju steanlitte op 'e wei.
nl.verhalenbank.23821
Alde Piter Scheper hie buorkerije en wenne op Luchtenveld. Dy koe de minsken stil stean litte. Sy hienen 't net rjocht op Piter stean. Hy koe de minsken de koarts ek ôfnimme.
nl.verhalenbank.25884
Us Jille wie ris op 't tsjerkhôf op 'e Boelensloane. Doe kom der ien neist him mei in regenskleed om. Dat roan in eintsje mei him op en wie doe samar ynienen wei.
nl.verhalenbank.23574
Hearke wie us oan 't ploegjen op it lân. Doe kom der ien by him. "Hwer wennet Hearke?" frege er. Doe hat Hearke de ploech by 't sturtein beet krige en sein: "Dêr wennet er en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.25598
Der wie us in man, dy woe nei Sterke Hearke ta. Mar hy wist net hwer't er wenne. Doe seach er in man dy wie op 't lân oan 't ploeijen. Hy frege him: "Kinne jo my ek fortelle, hwer't Sterke Hearke wennet?" "Jawol", sei dyselde, en hy krige de ploech fan 'e groun en wiisde dêrmei nei in hûs. Sjoch, dat hûs, dêr wennet Sterke Hearke," sei er, "en dit is de...
nl.verhalenbank.28044
't Is wol gauris gebeurd, dat, as der ien mei hynder en wein ried by nacht, it hynder ynienen stean bleau. Dan woe 't mei gjin stok fierder. Dan seach it in lykstaesje.
nl.verhalenbank.25615
35